| |
| |
| |
Swiet, ja swiet iz 't, oere miete, 't Boaskien fore jonge lie
Ik bin gewaar wurden dat ik net baas bin oer myn lichem. Ik hie noch in kopke tee mei myn frou dronken en wie doe op bêd gien. Twa bakjes hie ik hân. Net dat ik toarst hie, mar om myn frou in deugd te dwaan. Hja wie leaf tsjin my en tute my nochris doe't ik nei boppen gyng. Justjes letter, de klok hie krekt acht slein, kaam hja by my om ien of oar stik guod út de kleankast te heljen. Ik seach troch de kieren fan myn eagen nei har. Ik tocht, njoggenentweintich is hja, noch jong en moai. Hja kaam by my.
‘Sliepst al?’ Ik die myn eagen op. Hja gyng op de râne fan it bêd sitten en glimke nei my.
‘Sa,’ sei hja, ‘Gerlof yn it stek en de oare beide yn de sanbak.’ Hja pakte myn skouders beet.
‘En myn grutste pop leit op bêd,’ lake hja, en krûpte my oan. Ik koe har tonge net goed ferneare, mar ik woe har net foar de holle stjitte en begûn oer har earm te striken. Hja gyng op de side lizzen en myn hân foel op har boarst. Fuort drukte hja har stiif tsjin my oan en begûn wer te tútsjen, wylst har hân troch it hier fan myn boarst glied.
‘Jonge!’ sei hja. Ik skrok. It wie noch fierste ier om sà ‘jonge’ te sizzen, en it wie ek net yn my opkommen om safier te gean. Hja liet har skuon útfalle en skode by my ûnder de tekkens.
‘Ik haw langst nei dy.’ Hja treau har antlit yn myn hals.
‘Al fiif nachten hast net by my west,’ sei hja, en wachte oant ik begjinne soe. Ik koe amper de enerzjy opbringe om de lieding te nimmen. Masinaal begûn ik oer har heup
| |
| |
te aaien en skode har rok omheech.
‘Alles?’ Hja skodholle. Hja hie in broek oan dêr't ik net oars fan waard. Ik smiet it ding ûnder it bêd en biet yn har billen en boarre myn holle tusken it hier. Mar it holp net, ik waard net wyld. Teminder noch doe't hja myn scrotum hifke. Ik koe it net útstean, it wie of taaste hja tusken de weake kwabben fan myn harsens.
‘Ophâlde!’ rôp ik. Fierste wreed, har eagen seagen my eangstich-ferwûndere oan. Ik tute har om it goed te meitsjen.
‘Oer myn rêch,’ sei ik. Ik skode op har en beweegde om in ereksje te krijen, mar dy kaam pas nei't ik my in skoftlang sterk konsintrearre hie op de oantinkens oan feestlike nachten, en doe noch mar sleau en ûnfoldwaande: doe't ik it kondoom oanbringe woe, sakke alles wer ôf. Hja hie myn manipulaasjes swijend folge, mar doe't hja seach dat it net woe, sei hja: ‘'It kin der ek noch wol in kear sûnder, ik haw it krekt hân.’
Op 'e nij spande ik my yn, mar it kaam net wer. Ik frege om har oantreastings, en tagelyk stienen dy my tsjin. Ik hiet har de eagen iepen te dwaan, mar doarst har dochs net oan te sjen. Op it lêst klaaide ik har hielendal út. It hie net moatten, har oars sa moaie boarsten huveren as weake kwallen oer har ribben hinne en wer. De hite fochtigens tusken har lippen fielde no lau. De geur rôp diskear neat yn my wekker. Of neat - ik fielde dat dizze frou it leafste wie dat ik besiet, dat ik noch nea sa fan har holden hie, mar tagelyk wist ik dat ik har it bewiis dêrfan no net leverje koe. Ik ferburch myn eagen yn har hier wylst ik flústere: ‘Ik kin it net.’
Hja woe de teloarstelling net wêze. Hja helle my oan en sei: ‘Do bist te wurch. Moarntejûn bist útrêst.’
‘Ik hie it dy graach dwaan wollen, mar ik kin it net.’
‘It hindert neat, it is by my ek al wer oer.’
| |
| |
Hja stie yn al har moaiens neist it bêd en klaaide har oan. Nochris seach ik de sierlike foarmen fan har boarsten doe't hja bûgde om it broekje op te fandeljen. Ik loek rimpen de tekkens oer myn machtleas lichem.
‘Bist wurch, moatst dy mar gau deljaan.’ Hja treau de tekkens oan, tute my en ferdwûn.
Deljaan, krekt oft ik dat no kinne soe! Ik hearde har de trap ôfgean en efkes letter praten tsjin Gerlof, dy't blykber syn boartersguod op 'e tafel kegele hie. Har stim wie guodlik-fermoanjend, net koart of bits. Wie hja dan echt net nidich op my, net ienris teloarsteld, hold hja myn ûnmachtigens foar in ynsidint en net foar in symptoom? It wie de earste kear dat my dit oerkaam. Wol earder hie ik der soms gjin nocht oan hân, mar dan hie it oars west, dan wòè ik net; diskear hie myn lichem ûnhearrich west en planút wegere. Ik woe it op wurgens smite, en op de ûngewoane tiid, de ûnferwachtens, mar de eangst dat dit it begjin wie fan ôftakeling en jeld ware yn my om. Yn ús ferlovingstiid: ik wyld en net wurch te krijen, grutsk op myn prestaasjes; hja dimmen, ûnwennich it berin fan de pearing ûndergeande, alhoewol, hja hie altyd meiwurke. Yn de earste jierren fan ús trouwen hienen wy oaninoar weage west. Tsjintwurdich - ik realisearre my dat foar it earst - gyng it faker fan har út as fan my. Hja hie takt genôch om dat net skine te litten. Hja liet har feroverje, boartlik ôfwarjend, op har manier ferwûndere, in spul spyljend dat ik trochseach, en dat nammers ek wol trochsjoen wurde mocht: it makke ús beide optein. Allinne gyng hja de lêste moannen tsjin bêdtiid faak nei de dûs om har te waskjen en te parfumearjen en om sêfte, tinne linzjery oan te tsjen. Wie dat net it bewiis dat hja, better as ik, ynseach dat myn reeëns mei keunstmiddels berikt wurde moast? Hja, nei in langere oanrintiid en nei in pear bern, my foar en oermânsk. Hie ik de leafde sa fel yn har wekker
| |
| |
roppen dat it my oer de fûst drige te gean, no't ik sels oer myn top hinne wie? Hja hie it diskear goed opnommen, mar as it wer mislearre en hieltyd wer... God, wat soe hja har bedondere fiele.
Doogde lykwols dizze konklúzje? Ek as faam hie hja graach moaie klean en benammen moai ûnderguod droegen, en ik hie myn wurdearring dêrfoar ek nea ûnder stuollen of banken stutsen, ik hie har der sels ta oantrune. Dit wie gjin bewiis, of leaver, it hoegde gjin bewiis te wêzen. Faaks droech hja it om my in wille te dwaan. Mar krekt dan ommers, want myn wille wie har wille!
Ik draaide yn de kring rûn: it koe, it hoegde net, it moast sa wêze, it wie sa. Ik woe eat bewize dat net te bewizen wie, en dat ik, as it deropoan kaam, leaver ek net bewiisd hawwe woe. Ik kòè it net bewize, mei arguminten teminsten net, mar dat joech my gjin reden ta blidens, want wêrom sille jo josels eat bewize, dat jo wol witte, en boppedat: hoe kinne jo josels wat bewize? Ik sloech my alle pro en kontra út de hannen en hold allinne myn eangstich witten oer: hja kriget by my har gerak net.
Botte taktfol hienen myn wurden net west: Ik hie it dy graach dwaan wollen, mar ik kin it net! Wat in stomme en hertleaze útlitting, krekt of hie ik der sels gjin belang by. Mar - it sloech my as de bliksem troch de holle - hie ik yn myn groffe ûnnoazelens miskien de wierheid sein, de wierheid dy't ik op dat stuit noch net besefte? Ik hie sizze wollen: Ik hâld fan dy, mar ik kin it net. Ik wol wol, mar it ding wol net. Dat hie ik har foarlige wollen en miskien soe ik har ek noch wolris sokssawat wiismeitsje, om't de nije ûntdekking noch te pynlik wie: dat ik it net koe, kaam trochdat it mysels neat mear skele koe, trochdat myn leafde foar har yn it neigean wie. Der wie gjin skied tusken fan ien hâlde en mei ien op bêd gean. Der wie gjin spjalt tusken ik en it ding. Myn tearste, ynlikste ‘ik’ siet yn dat
| |
| |
lytse orgaan. Ik hie it field doe't hja dernei taaste. It wie ûnnedich en ûnearlik om mysels, en har, langer foar de gek te hâlden. Ik kin it net, want ik wol it net: ik lis ûnynteressearre en ûnkapabel tusken myn ljisken.
Doe't ik my safier yn it ûnleech prakkesearre hie, moast ik glimkje, ja laitsje hast. It wie in laits dy't hommels út my losbriek as in erupsje. Ik wist net wêrom't it gleone magma him in útwei briek troch de ierdskyl. Nammers, ik wie ek noch net ta klearrichheid kommen, wat ik by mysels as fjoer en wat as ierde bestimpelje moast. Der wienen ek noch oare fasetten: it wetter en de loft. Wêrom kaam it magma yn ûnstjoer, om it oerflak fan de ierde mei bergen en kraters te bedekken, om it wetter yn steamwolken fuort te slingerjen, om de loft mei jiske te fertsjusterjen? Ik haw wolris tocht dat it doel fan de erupsjes wie om it boat dat oer de seeën krúst, te fernielen, it libben soe it tinken ferneatigje wolle. Lykwols, dy tins haw ik ferstaat; it tinken sil dochs it libben net fijannich wêze of oarsom? Dan soe allinne de minske dy't syn tinken útskeakele hat, lokkich wêze. Dat wòl ik net leauwe, dat soe de ein fan alles betsjutte.
Dat sadwaande bûgde ik myn tinzen, jit wrevelich oer it ûnferwachte laitsjen, wer nei har earder berin, ús houlik. Doe't ik jitris besocht om in beskate ûntjouwing en gearhing te ûntdekken, krige ik in huvering troch it ûnderliif, lykas by it sjen fan wat yntyms op de film. Myn wapen waard ta myn benijing stiif. Ik gyng nei it húske en befredige my; der wie alle reden om woltemoede te wêzen, it ferrûn normaal. Dat haw ik my lykwols pas neierhân realisearre; op dat stuit, wylst ik trochloek en it streamende wetter neat efterliet, tocht ik oan de sterilisaasjes, dy't de Dútskers útfierden as it slachtoffer, fan neat wittend, in formulier ynfolle. It soe fansels absurd wêze om te ferûnderstellen dat yn ús kloset sa'n ferneatig- | |
| |
jend apparaat ferskûle siet; it wie dan ek mear út de grap dat ik it hokje ynspektearre. Neat útsoarte. Lykwols wie dat negative resultaat gjin reden om de hommels opkommen tins as healwiis of ûnbrûkber te fersmiten en te ferjitten. Ik haw my de gewoante eigen makke om acht te slaan op de tinzen, ideeën of bylden dy't út myn djipper ik omheech opdûke, op mominten dat ik mysels net folslein ûnder kontrôle haw. Yn de regel is dat wannear't ik sliep, mar ek wol as der troch in oare oarsaak in gat falt yn myn tinken. Sadwaande haw ik, fan it stuit ôf dat ik wer nei boppen gyng, hieltyd lein te prakkesearjen oer steriliteit. It witten dat ik sa'n berjocht in pear wike lyn yn de krante lêzen hie, wie mar in steurende bykomstichheid en uterstee net de ferklearring fan myn hookstrookse tins. Ik haw besocht om yn sliep te kommen, om sadwaande mear gewaar te wurden, mar fansels slagge it my net om tagelyk te slûmjen en wach te wêzen. Ik moast my ynearsten rêde mei dit iene brokstik.
Om in oere of tsien bin ik nei ûnderen gien om sigaretten en in boek te heljen. Ik haw lein te smoken, twa trije kear. It boek koe my net weitôgje. It kaam út de bibleteek. Syts hie it helle en der wierskynlik ek al yn lêzen, der siet in ôfskuord stik krantepapier yn. Ik beseach it flardsje. Oan de iene kant stie in advertinsje foar breukbannen, mei in tekening derby. De oare side stie wat op oer in ûngemak. Ik besocht mei de wurden dy't ik ta myn foldwaan hie, it ferslach te rekonstruëarjen. It betrof in âld man dy't mei de bromfyts oer de kop lein hie. It wurd ‘auto’ kaam der ek yn foar, dat faaks hied er dêr mei yn botsing west. It strookje papier rûn nei ûnderen tige smel út, dat ik koe it fierdere ein net mear sa maklik begripe. It lêste wurd dat ik lêze koe wie ‘frou’. Ik draaide it papierke om: de swarte kearel mei syn wite breukbân. Doe naam ik de proef dy't ik wol faker nim as it iene of oare út de krante my net dúd- | |
| |
lik is. Ik besykje dan nei te gean hokker wurd presys oan de oare kant stiet, meastal begryp ik dan de saak. Ik hold it flardsje tsjin it ljocht; dêr't it swart fan it plaatsje stie, koe ik neat sjen, mar troch it wite plak fan de breukbân skimeren letters. Ik kearde it om en om en sette in kraske mei de neil: ‘beskeadige’ stie der. Ik hie niis tocht dat dat op de auto of de brommer sloech, mar no iepene him in nij perspektyf. Hie de âld baas in triuw yn de mage krigen of yn de ljisk? It koe fansels. Mar dan bleau it ûnbegryplik wêrom't it lêste wurd ‘frou’ wie. Wat hie in frou út te stean mei in breuk of stikkene terms. Of oars sein, feroare der wat yn de man syn ferhâlding ta syn frou as er in breuk hie? Ommers nee. As syn frou der perfoarst by oan helle wurde moast yn dit artikel en ek noch wol op sa'n opfallend plak, dan moast der wat oars stikken wêze. Ik frommele it papierke yninoar en smiet it fuort. Even letter gyng ik fan it bêd ôf om it wer op te krijen. Ik striek it glêd en lies it jitris oer. Hoe soe de âld man him fiele? Ik wie faak bang dat ik in ûngemak krije soe en foaral sà'n ûngemak. Bygelyks soe der by it oerstekken wolris ien of oare gek my tusken de fuotten fytse kinne. Soks kin, men heart der wol faker fan. Of in auto soe my oanride kinne. Ik rin op it trotwaar, de kant út nei de bus. Der binne net folle minsken op 'en paad, ik bin hast de iennichste. Ynienen komt der in auto de hoeke om giseljen. Hy jaget fierste hurd dat hy kin de bocht net helje. Hy riidt tsjin de trotwaarbân oan, it stjoer slacht om, hy sjit op de tegels. Ik doch in sprong, mar it is te let. De koplampe raamt my yn it ûnderliif. As ik bykom, lis ik yn it sikehûs. Ik kin net mear pisje, mar dat kòmt wol wer; it oare komt nèt wer. Ik soe leau 'k leaver dea wêze as fierder te libjen as in ynvalide. Mar as it my oerkaam, soe ik dan it lef hawwe om derút te stappen? Mei in mes soe ik it net doare, en as ik my de moed sammele om yn it wetter te gean, soe ik
| |
| |
dochs begjinne te swimmen. Slieppoeiers ynnimme, dat wie it maklikst. It wie bêdtiid, wy makken risselwaasje. Ik hie pineholle, dêrom naam ik in poeier. Syts seach net wat ik yn 'e hân hie. It hiele doaske yt ik leech. Even letter lis ik op bêd. Ik wurd slûch. As ik ienkear sliep, wurd ik net wer wekker. Wolterêsten, Syts. Heenh. Dat seit hja alle jûnen, in frjemd noaslûd. De nachts gean ik dea. Mar ik soe it noait doare, ik hingje oan it libben en oan Syts.
Letter skrille ik wekker - ik moat dus yn sliep fallen wêze - en lei op 'e rêch mei de eagen iepen. Rjocht boppe my wie in spin dwaande mei in reach. Ik bin bepaald wekker wurden fan dat bist, ik moat oan him tocht en nei him sjoen hawwe, wylst ik noch sliepte. It is yndied ek sa, ik haw tocht: do makkest hjir no wol in hiel grut reach, mar as myn frou it sjocht, reaget se dy hjir wei mei web en al. Ik seach hoe't er yn de naad tusken de lapen board lâns skarrele. Soms foel er in eintsje en moast er wer omheech klimme. As men spinnen dwaande sjocht, liket it oft de hannen har omkeard steane. Hja triuwe wat mei de efterste poaten op de tried om en witte amper hokker kant se út sille. Hja falle, klimme, en begjinne wer te triedsjemeitsjen. Mar op 'en doer ferskynt der in prachtich web. Hoe't se it hawwe, dat mei joast witte, mar se skine dochs mear ferstân te hawwen as men op it earste gesicht sizze soe. Net dat ik der rouwich om wie, dat myn frou alle spinnen deatrape en de reagen fuortfage. Ik hâld net fan spinnen, hja sitte mar yn har healtsjuster hoekje te loeren.
|
|