| |
| |
| |
18
Op 'e side leit se, mei it gesicht yn it kessen. Under de tekkens hat se de knibbels oplutsen en se hat muoite mei sykheljen. Foetushâlding. Ferslein, mar tagelyk yn 'e tsjoen fan dit ûngrypbere barren en mei alle sintugen op it skerpst, sitte Jelte, Geke, Aukje, Janny, Evert en Kier om en op har bêd. It siket om 'e ein. Maart is net mear oansprekber. Se leit yn de oanwêzigens fan har leafsten, mar se is allinnich, oanspield op in eilân dêr't gjinien fan de oaren har noch berikke kin.
Bûten hat it waar him oan de situaasje oanpast. De wyn giselt troch de beammen en de tûken slaan út en troch tsjin it glês. In hagelbui rattelt tsjin de ruten. De bern dûke yninoar as se dat hearre, komme noch tichter by it bêd, as woenen se in muorre foarmje tsjin de eleminten, har mem foar de lêste kear feilichheid biede tsjin it driigjen fan de natuer.
It makket neat út. De dea slûpt ta de keamer yn. Maart libbet op 'e lêste siken. Der is gjin hâlden oan. No en dan gean skokjes troch it lichem, skopt se mei de fuotten, blaast se buollen fan flibe dy't knappe. Aukje faget har hieltyd mei in bûsdoek om 'e lippen as de wietichheid har by it wang delrint. Al kinne se sokke lytse dinkjes mar foar har dwaan, oan 'e ein ta weitsje oer har weardichheid.
No en dan wikselje se fan plak. Elk wol graach noch even tichtby har wêze. Ien foar ien lizze se by har op bêd en hâlde de earms om har hinne. Jelte sit by it hollenein en hâldt no en dan har hân beet. As se trillet, skokt, as hat se in epileptyske oanfal, lûkt er syn hân werom. Hy kin soks amper ferneare.
De stilte hat in ûnregelmjittich ritme. No en dan hâldt it sykheljen op. Dan sjogge se elkoar oan. No? Is dit it? Komt hjirnei neat mear? Dan blaast se ratteljend út, beweecht har
| |
| |
lichem, ferskoot in hân en dan sykhelje se allegear wer wat rommer.
In fersoarchster komt mei kofje. Se flústert, freget oft se noch ferlet fan oare dingen hawwe. Se skodholje. Hjir wêze is genôch. It is Sally net, dy't no en dan even de keamer ynkomt. Se misse har. Op 'e lêste ôfdieling wienen der safolle ferskillende gesichten, safolle nammen. Se wisten amper wa't se foar har hienen.
De suster komt by Maart te sjen. Oft se ûnrêstich is, freget se, oft se pine hat. It lêste moat wol hast sa wêze. Maart ferlûkt har gesicht, kroant, besiket soms in oare hâlding te finen, as docht it har sear sa't se leit. Wat mear morfine.
Alles mei no, alles kin. De suster seit net mear frou De Jong, mar Maart. Se ropt har, mar krijt gjin antwurd. Se streaket har oer de earm, en de bern en de man sjogge hoe leaf se tsjin har is, hoe't it har ek oangrypt dat Maart súntsjes de lange nacht yndriuwt.
Se drinke kofje, se kôgje op de keek, mar se kinne de eagen net fan har ôfhâlde. Aukje fielt ûnder de tekkens oan har fuotten. Dy binne al kâld. It kin net lang mear duorje, neffens har. Mar it duorret en duorret. De jûn giet foarby. Bûten is de winter baas. De kleden binne ticht, mar de kjeld lûkt dêrûndertroch. De stoarm stiet rjocht op 'e ruten en it siicht. Se hawwe de stuollen al fierder de keamer ynlutsen, tichter by it bêd, nei elkoar ta, mar se rydboskje no en dan. As se woenen, soenen se it waar de skuld jaan kinne fan 'e huver dy't har bytiden oer de rêch rint.
Neffens de suster, dy't se útfreegje en op antwurden fergje, al hat se dy net echt, kin dit noch wol dagen duorje. Se hat wol meimakke dat der noch wiken oerhinne gongen.
Aukje skodhollet. Se leaut it net, mar se is der fansels net
| |
| |
wis fan. Wat moatte se dwaan? As se hjir bliuwe en it duorret noch dagen, dan hâlde se it net fol. Se moatte in beslút nimme, it weitsjen opdiele, kieze wa't bliuwe en wa't nei hûs ta gean om wat te sliepen, sadat se der wer tsjin kinne. Aukje, dy't der op de wûnderlike jûn fan in dei of tsien ferlyn net by wie, wol hjir net wei. Jelte ek net. Hy kin by need wol op it byskode bêd sliepe. Aukje en Jelte bliuwe, de oaren tútsje Maart, streakje har oer de wangen, gûle, wifelje, mar gean. Se moatte in hiel ein reizgje en se sille de rit nei har eigen hûs net gau ferjitte. De knibbels trilje har ûnderweis, de tinzen lûke nei it ferline, en se prate oer ûnderfinings dy't de oaren net mear witte, de ienpersoans oantinkens, de spesjale dingen dy't se mei har mem meimakken. Se fernimme amper dat de wyn sa hurd net mear waait, dat it waar him deljout, dat der in stilte yn 'e nacht falt.
It is ien oere as se by it earste adres komme. Geke noeget de oaren der noch even yn en se prate, drinke in gleske - want se kinne dochs net sliepe - en gean pas nei in pear oeren op har eigen hûs oan. Se rôlje op bêd en dogge de eagen ticht. De bylden út it ferline rôlje foarby. It binne net ienris dreamen. It binne films oer Maart. Op safolle plakken komt har libben foarby, op safolle wizen wurdt se dy nacht foar it ljocht helle. Se skittert yn de prachtichste rollen, se is de haadpersoan yn bylden dy't har djip yn it moed taaste. Se is wer jong en boartet mei de bern. Se laket, sa't inkeld sy dat koe. Har earm leit om al dy skouders. Al har bern hâldt se stiif tsjin har oan.
Geke siket op bêd om de hân fan Evert. No moat hy har fêsthâlde. Noch even en se is har mem kwyt. Se soe raze wolle, mar se smoart har fertriet yn it kessen. Evert knypt har yn 'e fingers. Hy wol in treast wêze, mar hy wit net echt wat Maart
| |
| |
foar har bern betsjutte. No hat Geke foaral ferlet fan har suskes. Dy fiele sawat wat sy fielt. Ek by har wurdt dizze nacht de nâlestring trochknipt.
Geke leit wekker. Se sjocht inkeld de benearjende keamer foar har, it ienpersoans bêd, de suskes, har heit. Yn dy iene hoeke fan 'e keamer wie neat, in leech plak. Dochs wie dêr wat. As se nei de wite muorre seach, wie it krekt as lei dêr in belofte, in skimer fan treast. Se tinkt hieltyd dat se net sa gek dwaan moat, dat it kaam fan de bysûndere omstannichheden, dat se seach wat se sjen woe, mar it wol har mar net loslitte.
Blau wie it ljocht yn 'e hoeke, in soarte fan wale sa't dy winterdeis wol faker troch de ruten falt. In moarntiidskleur, in soarte fan dize dy't inkeld te sjen is as de dei noch begjinne moat, in boade fan 'e nacht dy't by deiljocht ferdwynt, mar yn 'e tuskentiid justjes oanwêzich is. Yn dat ljocht seach se in jonkje. Se koe him net. Hy hie wat bekends, mar se koe him net pleatse. It wie in bern en it hie wat mei mem, dat koe se fiele.
Se doarde it net tsjin Evert te fertellen. Dy soe har útlaitsje. Se koe it ek net mei har suskes diele. It wie in byld dat allinnich by har en by har mem hearde, mar se koe der neat mei. Se soe it oan Maart freegje wolle, moarn, de oare deis.
De tillefoan giet om healwei fiven. Se stean samar nêst it bêd. Kier en Janny soenen Geke en Evert ophelje. Se wienen hjirop fertocht en hienen it in pear oeren earder sa ôfsprutsen. Se fleane oer de ferlitten polderdiken troch it stille lân. Mei de sliep achter de eagen, mar tagelyk ûnbegryplik skerp, nimme se it lânskip yn har op.
Der wurdt net in soad praten. Se sjogge nei bûten en diele swijend de ferwûndering oer it omslaan fan it waar, oer it moanneljocht dat oer de fjilden skynt, de wyn dy't him deljûn
| |
| |
hat, de djippe rêst. It friest in pear graden en it himelljocht wjerkeatst yn it wyt fan 'e greiden. Op 'e pleatsen dy't hjir en dêr yn 'e polder lizze, baarnt gjin ljocht. De minsken sliepe, dreame en fernimme neat fan de auto dy't mei faasje troch de nacht riidt. Sels op 'e grutte brêge dy't it nije mei it âlde lân ferbynt is it wynstil, as hâldt de wrâld de siken yn.
Wy hawwe de krystdagen, seit Kier, en der binne in pear by dy't op it horloazje sjogge. Sokke frjemde meganismen. De bertedei fan Jezus, seit Janny. Evert knypt Geke yn 'e hân.
Dat blauwe ljocht, dat se yn mem har keamer sjoen hat, dat sjocht se no oeral om har hinne. It jout har in goed gefoel, mar se hat it oan gjinien fertelle of útlizze kinnen. Bûten, oeral dêr't de auto trochhinne riidt, it lege lân, it moanneljocht, de stille wrâld, oeral is de frede fan Kryst om har hinne.
Sjoch, wiist Kier, dy't no rêstich achter it stjoer sit, de fjilden fan Efratha. Der rinne skiep yn it beferzen lân, ûnfersteurber, as wie it in nacht as alle oare. Gjinien yn 'e beslettenheid fan 'e auto reagearret, mar se fiele allegear de symbolyk dy't dizze weromreis it ûnderfinen wurdich makket.
Mem is dea, seit Geke samar ynienen. It binne gjin hurde wurden. It is in lûdop sizzen fan wêr't se oan tinke. Dat it goed is, dat de spanning har út it lichem weidriuwt en romte fine kin yn wat se om har hinne sjogge, yn 'e frede fan in wrâld yn rêst, yn 'e hoop fan it healtsjuster, it hast, mar noch net, it ûnûntkombere foarlân fan 'e dei.
Yn it ferpleechhûs stean Jelte en Aukje op har te wachtsjen. Under it rinnen troch de tsjustere gongen fertelle se hoe't it sykheljen fan Maart ophold. In djippe gjalp, it wachtsjen, en dêrnei neat mear. Sa't it ferwachte waard. Faaks hienen se leaver hân dat it de oare deis bard wie, as elk der wer by wie. Mar miskien wie it ek wol goed sa. It wie yn alle gefallen wichtich
| |
| |
dat Aukje der wie, en Jelte. Dat Aukje dy iene jûn mist hie, koe se amper ferneare. Dat Jelte it op it lêst ôfwitte litte soe, hie er himsels net ferjûn. It wie goed sa't alles ferrûn wie.
Maart is ferstoarn en leit yn alle rêst op bêd. Se hawwe de tekkens omheech lutsen, as soe se no noch kjeld fernimme kinne. Se wolle har oanreitsje, de wangen fiele dy't no ûntspannen en sûnder tearen fan pine ta rêst kommen binne, har tútsje. Se is noch net hielendal kâld, der is noch in spoar fan libben yn har, en se wolle dy lêste waarmte noch ien kear ûnderfine.
Geke kin har triennen net fine. Se fielt inkeld kjeld fan binnen. Har eigen hûd kuollet ôf, har hert bestjurret yn har lichem, en se kin har mem, har allertichtbyste meiminske, net mear fine. No is se allinnich, op it allerdjipst allinnich, en se stoarret yn in djippe kleau.
‘Alles hâldt no even op,’ seit Janny, en se krijt Geke by de hân. ‘Alles begjint no op 'e nij, mar dan oars.’
Geke wol dat se wurden fine kin, mar se wit net wat se sizze moat. Se wol noch wat tsjin Maart sizze, mar taal berikt har net mear. Letter miskien, hiel lang nei dizze oere, sil se fertelle kinne wat se fielt, mar no net.
Aukje wit wat minsken dogge yn sokke situaasjes. Dy hat as ferpleechkundige al sa faak meimakke dat ien ferstoar. Se nimt de lieding, en de oaren folgje har ynstruksjes. Sy is it dy't mei de fersoarchsters praat, ôfpraat. Se sille earst even ite. Yn in sealtsje tichtby de keamer fan mem, krije se krintebôle, kofje en tee. It is earste krystdei. It moarnsiten stie al feestlik klear. Ien fan 'e nachtsusters komt by har te sitten. Wilens sil in dokter by Maart sjen om de deadsoarsaak fêst te stellen. Dêrnei, hat Aukje regele, sille sy, mei har trijen, as dochters, Maart sels ôflizze. Jelte sil dêr net by wêze. It is in taak dy't
| |
| |
se as bern, út earbied foar har mem dwaan wolle. Aukje hat genôch ûnderfining en sil sizze en sjen litte hoe't soks dien wurde moat.
Wa is it bêste yn wat? Janny docht har hier en makket Maart op. Sa net, sizze de oaren, gjin dzjel, sa hie se it hier earder ek net. Gewoan de natuerlike slaggen yn it wite hier. Net tefolle lippestift, dat die se noait, in fermoedzjen fan read, in oanset ta laitsjen, sa wie se wol, altyd klear foar in grapke. Reade wangen, dy hie se altyd. Alle ierkes lizze har ticht ûnder de hûd. De gielige kleur dy't se no krijt is har eigen net, en Janny wriuwt har foarsichtich rûzje op it gesicht.
Sa leit se dêr. Maart. Iepen en bleat. Neaken. Se kin neat mear ferbergje. Froumachtich stean se om har hinne, har bern, en noait earder hat se sa oan har oerlevere west. Hat se dit wollen? Djip fan binnen wol, tinkt Geke. Eins hat se dit altyd it leafste wollen. Neat te ferbergjen, alles earlik en yn 'e - besletten - iepenbierheid. Sa 't se wie, sa't se no is. De tekkens en lekkens lizze op it fuottenein.
Hjir leit Maart, it lichem mei de groeden, it liif mei de tekens fan withoefolle operaasjes, de linen oer har liif dêr't se fan sei dat se better in ritssluting yn har búk sette kinnen hienen, har tramtearre fleis. Sa leit se hjir. Mei alle oantinkens oan in trochlibbe bestean. Ut dit lichem, dat hjir stil en yn alle rêst, op in wyt lekken, harsels leit te wêzen, binne se allegear sa't se hjir om har bêd stean, ûntstien. Ut har binne se berne. As sy der net west hie, hienen sy ek net bestien.
Aukje wit hoe 't it moat. Se waskje Maart. Se rûkt nei sjippe as se dêrmei klear binne. Janny rikt har himd oan, as se har wer oanklaaie. Se makket der in grapke fan, dat se mem noait earder yn har himd setten hat, mar dat is inkeld har lêste ferlegenheid. Se streakje har fuotten dêr't se altyd, en mei rjocht,
| |
| |
grutsk op wie. Se lûke har de knibbelhoazzen oan, besykje har teannen goed yn 'e úteinen te krijen. Har teannen, o gotskes, Geke kin se hast net loslitte. Even wachtsje, seit se, dit is de lêste kear. De teantsjes fan har bernsbern neamde se garnaaltsjes doe't se noch lyts wienen. Dit binne de grutte garnalen, de yntime úteinen fan har moaie, smelle fuotten. Noch even, seit Geke, en se krijt de kâlde fuotten beet, tutet de teannen. Se fielt har sentimenteel, mar se moat dit dwaan. It lêste, it needrichste, in ultym gefoel fan taastbere leafde.
Se folgje de opdrachten fan Aukje: no sa, no oanklaaie, har moaiste kleur, net te útwrydksk, mar har eigen sels. Blau, dêr kieze se foar. In blauwe trui dogge se har oan, in gewoane, deistige trui, net har sneinse pakje, want se hie neat mei de snein. Se klaaie har yn 'e klean dy't se oerdeis en troch de wike it leafst oan hie.
|
|