se laitsje, lyk as it stel dat hjir earder op 'e dei wie. Se soe sa graach noch ien kear ferskriklik laitsje wolle, har bepisje, fan klearebare wille net mear witte wêr't se it sykje moast. Mar it wurdt har net gund.
It is goed. Sa is it ek goed. De bern komme by har bêd te stean. Jelte hâldt him wat op 'e achtergrûn, as wol er der mar heal by wêze. Se begrypt it wol. No wol.
Se prate, ûnder elkoar, tsjin elkoar, tsjin har. Earst die se as sliepte se, mar no't de hiele kloft om har hinne stiet, besiket se mei alle macht de wurgens dy't har no hast altyd yn 'e greep hat, derûnder te krijen. No wol se derby wêze. Hjirnei krijt se de kâns net mear.
Oan it fuottenein stiet Geke. Se glimket, want se wit it no wol. Maart fielt har gelokkich, ommers. Se nimt al dy leave gesichten om har hinne yngeand yn har op.
Wêr is Aukje. Maart ropt har namme en wiist nei de doar. Dêr soe se weikomme moatte. Aukje hat juster noch by mem west, sizze se, stil mar, moarn, moarn komt Aukje ek.
Maart mist har. Se wol dat se der allegear binne. Ien foar ien giet se by de bern lâns. Janny en Kier. Dy twa binne ûnôfskiedlik. Se hienen al ferkearing doe't Janny fyftjin wie, en Kier hie der al salang by heard. Ferlegen Janny, flinke Janny, dy't as in hin op har aaien siet. Har bern wienen har alles, har húshâlding wie har libben. Maart siket yn har eagen it famke, it bleue fan earder, mar fynt it net mear. Dy rêdt har wol, mei har Kier. Se heart ferskes as se nei har sjocht, it lûd fan in oargel, muzyk, en se skoddet de holle op in ritme dat de oaren net hearre. Sjong mar, Janny, blaas mar op dyn bugel. Maart knikt nei har en Janny gûlt. De triennen rinne har oer de wangen, mar se glimket, sy wit it ek wol. Gewoan trochsjonge, Janny.
Geke dan. Fan alle bern wie sy har it neiste. Net yn leafde,