16
De wrâld is by nacht it bêd mei it knyn, de mûs, de styk. Alles leit foar him klear. De traljes behoedzje him foar fallen. Hy rôlet der net út. De kikkert mei it toutsje oan 'e sturt sjongt in ferske, spilet wolterêsten. Heit en mem dogge de doar fan 'e sliepkeamer ticht, en dan begint it neat. De keamer is skimerich, it ljocht dimd, de nacht leit op 'e loer. Dochs fielt it feilich. Syn tosken binne poetst, it ferhaaltsje is lêzen, hy hat de tútsjes krigen dêr't er rjocht op hie. No mei it tsjuster komme, de grutte wolk fan ferjitten, de tiid dy't foarby fljocht, sûnder erch.
Guon nachten ha se him op 'e side lein en kin er inkeld it knyn sjen. Oare nachten krijt er it foarinoar om him op 'e búk te rôljen, dan sjocht er ek de mûs. Sa leit er it leafst. Dan lûkt er de knibbels omheech en leit hast oprôle ûnder de tekkens. It docht him oan in earder tinken dêr't er net by kin. Dan heart er lûden dy't er no noait mear heart, mar dy't him gerêststelle, dy't him widzje, dy't by beskerming hearre en by waarm.
Soms slagget it net, dan kin er wrotte wat er wol, mar dan kin er syn hâlding net fine. Hy docht de eagen ticht en besiket te sliepen, mar kin it net. Dan wurdt er bang. Dan begjint alles him te jûkjen en hy kin der net by om te klauwen, as er al witte soe hoe't soks moat. De styk falt him út 'e mûle as er begjint te gûlen en dan falt it tsjuster en it allinnich wêzen as in gefaarlike tekken oer him hinne. Hy kin net goed sykhelje, krijt it benaud, en dan raast er alles byinoar.
De trep kreaket, de doar fan 'e sliepkeamer giet iepen en der falt in streek ljocht oer de flier. Hy heart in stim, dy't by de doar al begjint te praten. Om it goed te hearren hâldt er op fan gûlen. Hy hâldt de siken yn. Dan skoddet in hân him hielendal wekker. Hy docht de eagen iepen en laket: mem. Hy stekt de earmen