holle. Se kin it net mear sizze, dat se har gewurde litte moatte, dat se sa wurch is dat se sels gjin wurden mear nei bûten krije kin. Maart sjocht mei grutte eagen nei it gesicht boppe har. Se sjocht hoe't de lippen bewege. Oan de útdrukking lêst se ôf dat de suster har geduld kwytrekket. Se wol wol meiwurkje, mar se kin it net mear.
Ynienen begjint alles oan har te skodzjen. Se hat gjin bestjoer mear oer it lichem. It docht wat se net yn wurden sizze kin: it protestearret. Alle spieren gean har eigen gong. De stekken fan it bêd rattelje. Se skopt sûnder it te wollen de tekkens ôf, slacht wyld mei de earmen om har hinne. Har holle slacht fan 'e iene kant nei de oare en yn har earen raast in wetterfal.
De suster ropt om help en hâldt yntiid har holle beet sadat se har net sear dwaan kin. Se leit in earm om it skokkende liif fan Maart en trillet mei. As in pear oare fersoarchsters by it bêd komme, is it slimste al oer. Se kinne neat dwaan, inkeld oansjen hoe't de ûnbetwingbere bewegings lytser wurde, oergean yn ûnregelmjittich lûken en strekken fan 'e spieren mei hieltyd langere skoften dêrtusken om op 't lêst, stikje by bytsje, ta rêst te kommen.
Maart leit yn in wiete, waarme plasse. Se hat alles rinne litten en it ruft kin it net mear hâlde. De holle docht har sear en se is noch wurger as dêrfoar. Se ferstoppet har gesicht yn it kessen. Se skammet har, se wol hjir net wêze.
Twa susters ferskjinje har en it bêd. Se klopje har kessen op en lizze har holle dêr foarsichtich yn. Hoeden lizze se de tekkens oer har hinne. Maart hat de eagen ticht. Se lit alles oer har hinne komme en genietet fan 'e rook fan it skjinne bêdeguod. Noch mar even lekker sliepe, sizze se tsjin har, en se knikt fan ja, dat is wat se wol, sliepe. Se freegje har oft se har man en bern warskôgje moatte. Maart heart it net mear.