binnen krije. It board wurdt foar Maart op 'e tafel set, se mei der in skoft nei sjen, en as se gelok hat fuorret ien har foar't it kâld is. Hjoed hat se wier waarm iten hân. Der wienen in frou en in man dy't har tuten en nei har glimken, dy't har iten joegen en tsjin har praten. De frou wie in lyts frommiske dat har bekend foarkaam. Se lei hieltyd in hân op har earm en streake har hier.
‘Is it lekker, mem?’ frege se. Maart knikte. Sa hearlik.
‘Lof, dêr hâldt mem wol fan,’ sei se. Lof. Lof zij de Heer. Maart núndere en glimke. Ja, sa wie dat.
Doe't alles op wie namen se har mei, fan 'e seal ôf, troch de fansels iepenswaaiende doar, de gongen yn. Hieltyd fierder rieden se. Maart fûn it moai. Guon stikjes ûnderweis wie it tsjuster, dan gong it paad tusken bakstiennen muorren troch dêr't skilderijen hongen, mar dan waard it wer ljocht. Troch de finsters koe se de binnentún sjen mei de bloeiende blommen, it grien, de bankjes, it wetter fan 'e fiverkes. Maart moast laitsje om 'e wolken dy't oer de tún hinne rôlen. Wyt skom liek it wol, as yn in bad. Wat soe se har noch graach in kear ûnder it skom sakje litte wolle, de waarme tekken fan it wetter oer har hinne glydzjen fiele. Se soe derfan gûle kinne, mar se hat al lang gjin triennen mear.
Ynienen sjocht se de frou nêst har rinnen dy't har niiskrekt iten joech. Se sjocht der moai út. Maart heart har hakjes troch de stille gongen klepperjen en besjocht har ris goed. Se hat de jas oer de earm, in swarte, kreaze jas. De jurk hat moaie, pearsachtige kleuren en boppe de learzens komme noch krekt de trochsichtige swarte hoazzen út. Flinke kûten hat se. Koart hier, dat al in bytsje griis wurdt. Se ken har ergens fan. Se siket yn har holle, mar se wit it net. Der is wat feroare. De skouders, dy binne breder, en dêrûnder puollet it fleis ûnder de bh wei. Se is folle fleiziger.