‘Mem, wa is dit?’ freget Geke. Maart sjocht har oan. Dan rint der ien foarby en folgje har eagen de man dy't kofje helje sil.
‘Dat is in boer,’ seit Maart. ‘Hy tinkt dat er hjir de baas is.’
‘Mem.’ Ynienen sjocht se har dochter helder oan.
‘Wa bin ik?’ freget se.
‘Geke.’ Maart wit it wer. Mar Geke wol in generaasje fierder.
‘Wa is dit dan?’ wiist se nei Inge. Se triuwt Inge wat tichterby, as soe Maart har net goed sjen kinne fan sa'n ôfstân. Eins wit se wol dat se net mear ferwachtsje mei dat Maart Inge werkenne sil, mar se hopet it, se wol it sa graach. Op de bân dy't har mem mei har dochter hie wol se noch ien kear in berop dwaan, al wie it mar foar Inge, al soe se har bern noch mar ien kear by de namme neame.
Maart sjocht Geke oan, se siket, se docht har bêst, en wier, der flitst har even wat troch de eagen dat op witten wize kin.
‘Mem.’ wol Geke ôftwinge, ‘ien kear noch.’ Maart skodhollet. Se glimket en bûcht har fier oer de tafel hine.
‘Lieve kyn, dat is nou jouw ferantwoardlikhyd.’
Geke moat it even ferwurkje. Bedoelt se dat se hjir te wurch foar is, dat se oan dizze spultsjes gjin sin mear hat? Kin se har de namme net mear yn 't sin bringe fan har bernsbern? Draacht se hjirmei de bern oer? Se seit Inge har namme net. Se wit net mear hoe't se hyt, mar se wit noch wol dat it mei har, mei Geke, te meitsjen hat, en tagelyk lit se los, draacht har dochter oan har oer.
Sa fielt Geke dit. Inge is fan har, fan Geke, net mear fan Maart. Har mem wit dat dit bern by har heart, mar se kin dêr sels gjin ferbining mear mei meitsje. Maart moat it oerjaan, trochjaan. Geke is fan har, mar Inge is fan Geke. Fierder kin se net rikke. Sa giet it yn it libben, as by in estafette.