8
It is geweldich sa't dit berntsje de wrâld yn 'e mjitte wol. As er op it oanklaaikessen leit, tilt er hieltyd de holle op. Hy wol sjen wêr't er hjir telâne kommen is. Yn 'e spegel dy't boppe de kommoade hinget sjocht er it gesicht fan syn mem en as sy tsjin him praat, begjint er te laitsjen. Hy stekt de fuotten omheech, skopt yn 'e loft en sjocht ynienen dat dêr wat beweecht. Syn hantsjes dy't earder samar alle kanten útskeaten begjinne te sykjen. It is krekt as falt der yn syn kontrôlekeamer wat teplak. De eagen stjoere de hannen nei de fuotsjes en ynienen hat er de bewegende ûnderdielen, dy't op riedseleftige wize mei syn eigen lyfke ferbûn binne, te pakken. Hy laket en mem knikt, sy laket ek. Dy poatsjes binne ek fan dy, seit se. Kinst se sels stjoere, sjochst wol? O heden, no bist se kwyt.
Mar as mem him kidelt en al syn hantsjes en fuotsjes slaan en skoppe, komt er dy rare dingen dy't by him hearre wer tsjin en grypt dernei. Wat in ûntdekkingsreis hjir ûnder de spegel. Mem praat tsjin him. Hy sjocht har mûle bewegen oan 'e sydkant, en as er omheech sjocht is dêr datselde gesicht. Alle dagen is dat gesicht dêr. Dat lûd. It sjongt yn syn holle. Mem, mem. Hy kin it wurd noch net sizze, mar sy wie der altyd al, salang't er weromtinke kin. Har namme is mem, feilich en fertroud.
Se ferwikselt syn ruft, hâldt him op 'e earm en leit him oan 't boarst. De waarme molke floeit fan har yn him en makket him sterk. Sa wurdt er grut. Tegearre diele se yntimiteiten. Sy faget syn poepertsje skjin en hy hâldt har bleate liif beet, sûcht oan har, libbet him oan har út.
It jonkje wurdt yn 'e bernewein lein en riden. Hy sjocht de loft, de wolken dy't as in bewegende tekken oer him hinne farre. De