5
Dit is Daan. In tear tusken de eagen, in bang en boas, tramtearre gesicht. It hat in hiele reis west tusken de widze fan it lije wetter, troch de knipende romte fan it bertekanaal nei it ljocht fan dizze wrâld. Ljochter as ljocht is it hjir. Hy knypt de eagen even stiif ticht. Hy wol dit net sjen. It is tefolle. Se prate tsjin him. Leave wurdsjes fan wolkom heart er. Mar hy is wat wurch. It aventoer liigde der net om. Wurkjen wie it, wrakseljen, in bloedich kerwei. Sûnder it lichem fan syn mem om him hinne kin er noch net op temperatuer bliuwe en hy krijt minisokjes oan, in mûtske op 'e holle. Se wuolje him yn in ruft, in tekkentsje, en flappe de punt oer syn kopke, sadat allinnich de eagen, noas en mûle te sjen binne.
Dêrûnder hinget syn lyfke om 'e bonkjes. Hy is te betiid en sa lyts dat er noch net yn syn eigen hûd past. Om 'e skouders hâldt er fel oer, dat ronfelich, as by in âld mantsje, oer syn earmen slobbert. Syn gesichtsje lit inkeld de grutte kwelling sjen fan 'e reis dy't er krekt achter de rêch hat. Op syn wetterige eagen sitte reade plakjes. As ien de finger foarsichtich ticht by syn mûle, ûnder de noas hâldt trillet syn amme dêr flinterlicht oerhinne. Hy docht de eagen iepen en sjocht dûnkerblau yn it neat. It ljocht fan 'e dei glinstert as twa stjerkes op syn netflues. No al spegeltsjes. Boppe syn noas rint in ierke, in blau slankje yn 'e trochsichtige, rôze hûd fan syn foarholle. It rint fuort yn in earnstige tear.
Hy is der noch mar heal. Eins wie er noch net safier, mar hy waard twongen en joech belies. It wie tiid. Waans tiid ek mar. Tiid om de útdaging oan te gean.
Hjir is Daan. De teantsjes sitte deroan, de hannen hawwe al in skoft alle fingerkes, inkeld it fel past him noch net. Der sit noch romte tusken bûten- en binnenkant. Hy moat noch yn himsels groeie. Mar dat komt wol.