geneuchten. Se koe wol riede hoe't dy derút seagen. Se hie se jûns let wolris sjoen, de famkes fan plezier, de ljochtbrune famkes dêr't er syn hiele libben mei har ûnwennich fan west hie, de famkes út Ynje, de kofjekleurige, jonge famkes dêr't sy mei har ferskronfele hûd en memmeliif noait tsjinop koe.
Ynienen wit se wêrom't Sally har sa bekend foarkaam. Har kleur, har swarte hier, har jonge famkesútstrieling. Sy is ien fan harren, fan de froulju dy't altyd yn syn holle omspoeke hawwe en wer foar 't ljocht kamen doe't sy net mear foar him wêze koe wat se earder wie: de minnares, de leafste, de earste, de alles omfiemjende ûnderfining fan it gearranen mei it frouljuslaach. Sy hat syn bern droegen, mar har taak is foarby. De bern binne folwoeksen, it neigeslacht libbet fierder en draacht syn achternamme. Har rol is útspile.
Dêr stiet er, sûnder blomke, sûnder wat ek mar dat har útsûnderlik makket. Maart kin him wol fergrieme. Se hâldt har yn. Se smyt har kopke net oer de tafel, se skelt en raast net, se hâldt har yn. Mar hy moat net miene dat se mei him nei in seal giet dêr't se tegearre gesellich tee drinke moatte. Se lit him har rêch sjen en ferweecht net.
Dat Jelte yn it haltsje stiet te gûlen, fernimt se net. Dat er him treaste lit troch de suster dy't seit dat it der allegear byheart, heart se net. Maart is lilk, en se wit net ienris mear wêrom. Se slacht it koekje út 'e hannen fan har buorfrou dy't dermei sit te boartsjen. De krommels lizze oant healwei de tafel. Kin sy de brot wer opromje. Se begjint te roppen dat it sa wol moai west hat, dat hjir de grinzen lizze en dat se it net mear ferneare kin. It lykje hjir wol lytse bern. Se wol hjirwei. Dit hat neat mei in sikehûs te krijen. Se fynt it fernederjend dat se hjir tusken de heale debilen sit. Wannear wurdt se no ris opereard?