4
Maart lit har stjoere. Se hat foar de earste kear oan 'e frjemde tafel iten. It wie lekker: beantsjes mei bakte ierdappels en in puddinkje nei. Beisop hienen se net, mar dat wie net sa slim. Se koe har altyd maklik oanpasse en se hie de ûnderfining dat se mar better genietsje koe fan 'e positive dingen. Dan siet se harsels en oaren net sa yn 'e wei. It wie dan ek krekt as gong de tiid hurder. Se woe it leafst gau wer nei hûs, mar se hie der neat oan as se oer lytse dingen foel. De susters wienen leaf, dat wie it foarnaamste.
Har buorfou siet niiskrekt te griemen mei it iten. Dêr hold se net fan. Se hie der wat fan sein, har op 'e fingers tikke. ‘Je mutte je lepel bruke,’ hie se sein, ‘niet met de hannen ete.’ De suster hie nei har knypeage, dy wie it mei har iens.
Nei iten hat se holpen mei ôfwaskjen. Je koenen de susters it bêste wat yn 'e mjitte komme en har it wurk maklik meitsje. Dêrom liet se it ek mar gewurde doe't se har útklaaie woenen en ûnder de dûs sette. Se koe harsels wol rêde fansels, mar as dy famkes har graach helpe woenen, dan mocht dat ek wol. It brune famke bleau hieltyd by har. Sally, hyt se. Maart rint in skoft te prakkisearjen wêr't se har fan ken, mar it wol har net yn 't sin komme.
Sally lit har sjen wêr't se fannacht sliepe moat. De sliepseal is net sa grut, der stean mar fjouwer bêden. Dat fan har stiet yn 'e hoeke, ticht by de muorre.
‘Och,’ seit se tsjin Sally, ‘dat is tafallich.’ It sprei dat op har bêd leit is itselde as har eigen, thús. Maart streaket der mei de hannen oerhinne en se krijt de triennen yn 'e eagen.
‘In bytsje ûnwennich?’ freget Sally. Maart skodhollet. It is ommers mar foar in pear dagen, in wike miskien. Se is sa