3
Der hat him in jonkje nei it deiljocht wrotten. Dat foel net ta. De mem, dy't him njoggen moanne beskerme hie, koe even neat mear dwaan. Hy moast himsels nei it libben fjochtsje.
Alles wie tsjuster. Hy hie gjjin idee wêr't er telâne komme soe. It die sear oan syn holle. It paad nei it ljocht wie donker en benaud. Hy hie al dagen oanjûn dat er komme soe. Earst hie er it wetter dêr't er yn swom foar him úttreaun sadat er sels droech kaam te lizzen. Doe hie er him omdraaid en mei it kontsje tsjin it weake lichem wraksele dat him fêsthâlde woe. Op 't lêst waard er grimmitich. It hie lang genôch duorre. No woe er wolris ljocht sjen en de gesichten fan 'e minsken dy't him sa faak wolkom hieten, oantrunen om te kommen. Hy woe dy wrâld no wolris meimeitsje.