sykje om wurden, mar swije en sjogge hoe't har mem har de rêch takeart.
Maart liket al fergetten te wêzen dat se der binne. Eins soenen se sa wer fuortgean kinne, se soe der neat fan yn 'e gaten ha.
‘Mem,’ flústert Janny. Mar se heart it net.
‘Heit.’ se triuwt Jelte nei Maart ta. Hy moat it foartou nimme, wat dwaan, dêr net sa stean, sa ferslein, sa fier by alles wei. It is syn frou.
‘Even wachtsje,’ seit Jelte. Hy kielskrabet.
‘Maart,’ seit er. Se heart it en draait har om.
‘Och, leave, bist dêr noch?’ Se skoot de stoel tebek, komt oerein en jout him in flechtige tút op it wang.
‘Gean mar gau nei de bern, dy sille har wol ôffreegje wêr'tst bliuwst,’ seit se. ‘Toe mar.’ Dan sjocht se har dochters stean.
‘Binne jim hjir ek? Is dat net wat oerdreaun? Mei in wike bin ik wol wer thús, miskien noch wol earder. As de dokter komt, dan freegje ik it wol. Gean no mar gau mei heit nei hûs. Ik wurd hjir goed fersoarge. Net gûle.’ Se siket om in bûsdoek yn har taske en faget oer de wangen fan har jongste dochter.
‘Fuort no,’ seit se en se triuwt har bern nei de doar. Se wolle har oankrûpe, se stekke de hannen nei har út, mar Sally skoot tusken har en har dochters yn.
‘Kom mar,’ seit se. ‘Se hat der no frede mei. Lit it mar sa.’
Se sjogge nei Maart, dy't hjir fan no ôf ek in bewenster is. Har jonge stal fan sânensechstich jier past net tusken de oare froulju dy't fier oer de tachtich binne. It liket as is se in frijwillichster. Se hat oandacht foar de minsken om har hinne. Se skoot al wer by de tafel en begjint tsjin har buorfrou te praten.
Jelte, Janny en Geke rinne stadich nei de doar, sjogge noch ien kear achterom, mar litte Sally, as se ien kear op 'e gong stean, de doar definityf tichtlûke.