spannend, oars as thús dêr't inkeld in hokje is mei in striel wetter dy't ûnferhoeds op 'e holle delkomt. Hjir is waskjen feilige waarmte, in tobbe mei knysterjend skom, in wite, wollige tekken fan luchtich wolkom.
Se siket de hân dy't har oer de gliderige tegels helpt. De râne fan it bad is de drompel nei in mearkeswrâld. Se fielt mei beide hannen. Dit is de grins. Toe mar. In foet fan 'e flier, de teannen yn it wetter, it skom om de earste skonk. Noch ien. Se huvert fan blidens. In floeiend bewegen om har kûten. De foarsichtige tosken fan weake bisten dy't gjin krom kwea yn 't sin hawwe.
No sakje. It teare skom makket romte, en dêr't har billen delkomme, fine se lij wetter, in streakjen dêr't se har oan oerjout, yn ûnderdompelje lit. Oeral om har hinne dizze hoedene sensaasje, as fan leave hannen dy't har heine, fan oerwetter dat har, earne yn it ûnderbewuste, fertroud is.
As se sit, as it skom har ûnder de earms kidelt, it wetter ronfelt as se de hannen beweecht, laket se. Dit is in soarte fan thús. Hjir heart se te wêzen. Mei beide hannen grypt se yn 'e buollen dy't mei sachte plopkes knappe. Se tilt it skom op en smart it út oer har hier, bûcht har foaroer om it glêde wetter te tútsjen. As se in waskhantsje oanrikt krijt, hâldt se it ûnder wetter, lit it foar har eagen drippe en stekt it yn 'e mûle. Se sûcht derop, glimket.
De rook fan lavindel hinget om har hinne, simmer, in útlânsk feest fan fakânsje, frijheid, romte. Se fiert it. Se is alhiel opnommen yn har tobbewrâld. Dit is net in keale, wite keamer mei glêde tegels dêr't minsken har yn waskje om 't se smoarch binne en skjin wurde wolle. Dit is in mysterieuze, freonlike wrâld, dêr't de tiid stilstiet, dêr't de skerpe lûden net komme kinne, dêr't har lichem yn driuwt, weiwurdt, ferweakket ta in soarte fan amper-bestean, in samar wêzen.