om op 'e solder te sliepen, krekt as binne se te kampearen, jong en in bytsje wyld. Se hawwe hearlik frijd fannacht. Geke rint op bleate fuotten nei ûnderen. Se wit net oft heit en mem al wekker binne. Troch it finster boppe de doar kin se sjen dat der yn 'e keamer gjin ljocht baarnt en dat de kleden noch ticht binne.
Mem wie juster smoarch. Har hier wie fet en se moast noadich nei de kapper. De klean dy't se oan hie wienen inkeld foar it gemak, in broek mei ilestyk en in trui dêr't je sop fan siede koenen. Seach heit soks net of wie er te drok mei de feroarings, mei it ferhúzjen, it wennen oan it nije plak, de oandacht dy't mem frege, dat er dêr gjin each en tiid foar hie? It begrutte Geke ta de teannen út dat mem der sa by rûn. Se stonk en Geke naam har foar om mem de oare deis ris lekker te waskjen.
No moat se earst even wekker wurde. Se docht de doar nei de keamer iepen en sjocht mem dêr yn it nachtjak, op bleate fuotten, mei it bearke yn 'e hannen dêr't de kat altyd mei boartet. Se hâldt it koesbist foar har en se praat dertsjin.
‘Late se je hier helemaal alleen lêge? Och, lieve. Beppe het noch wel in bêd foar jou. Je magge wel by my útfanhús komme, hoar.’ Se krûpt it sêfte bist oan, tutet it op beide wangen. leit it op 'e tafel en streaket him, as wie it in lytse poppe.
Geke bliuwt stokstiif op 'e drompel stean. It is as knalt de wurklikheid har yn 'e mjitte. Dit is har mem. De frou dy't hjir op bleate fuotten stiet en mei in boartersguodbist praat. Se wol sa graach soargje, tinkt se, mar se kin it net mear. It deade bist seit neat werom, fynt alles goed, en mem lit har troch syn sêftens treaste.
As se oer de drompel stapt, heart mem har. Se sjocht har ferheard oan.
‘Wat doene jou hier?’ freget se. Geke slacht in earm om har hinne en dan is alles goed. It kin net mear skele wêr't se is.