noch even stil byinoar, mar as Maart de gersmeander heart, rint se nei it achterrút om te sjen wat Jelte dêr docht.
‘Hy is sa aktyf,’ seit se, ‘it liket wol oft der wat yn 'e loft hinget. Ik wit it net. Ik fertrou it mar heal.’ Geke krijt har mem fan achteren by de skouders en besiket har mei in grapke de keamer út te krijen.
‘Kom op,’ seit se, ‘wy wurde ek aktyf. Sille wy mar by de solder begjinne?’ As se yn 'e gong wat doaskes útsykje om boppe de brot yn te dwaan, giet de tillefoan. Maart heart it net.
‘Tillefoan, mem,’ seit Geke en se krijt de hoarn fan 'e heak om oan har mem te jaan.
‘Frou de Jong,’ seit Maart, mar as der tsjin har praten wurdt, sjocht se Geke freegjend oan.
‘Wa is it?’ flústert Geke. Maart lûkt oan 'e skouders en stekt de hoarn har kant út.
‘Auk, bisto it? Ja, it komt allegear wol klear. It sil wol even duorje. Nee, hoechst hjoed net te kommen. Wy prate foar nije wike wol in kear ôf. Ja, wat sil ik sizze, se is der bytiden hielendal ôf. Nee. Nee. Ja, om allebeide. Ik fernim no pas goed hoe swier it foar heit wêze moat, en dêrtroch ek wer foar har. Wat? Nee. Wy hâlde op, Auk. Nije wike prate wy wol fierder. Mem stiet hjir op my te wachtsjen. Wy sille boppe begjinne, en dan nei ûnderen ta wurkje. Ik sjoch wol hoe fier ik kom. Ja, do ek. Hoi.’
‘Wa wie dat,’ wol Maart witte.
‘Auk,’ seit Geke. Maart rint foar har út de trep op. Se nimme allebeide in pear doaskes mei. Earst de lytse dinkjes mar. Foar de oerloop bliuwt Maart ynienen stean en draait har om.
‘De hoefolste is Auk eins?’ freget se.
‘De twadde,’ seit Geke en triuwt wilens súntsjes tsjin har achterste. Toe mar. Maart liket tefreden mei it antwurd en giet de trep nei de solder op.