stjoer. Se lit har gean. It snot rint har út 'e noas, mar se brûkt har bûsdoek oars net as om yn te knipen.
‘Wy gean noch net nei hûs,’ beslút Janny. ‘Oer in pear kilometer is in restaurant. Ik belje wol even dat we wat letter komme. Do moast earst mar ris prate.’ It liket as heart Geke har net, mar se protestearret ek net as Janny de ôfslach nei it restaurant nimt.
As se it parkearplak opride, flústert Geke dat se earst even wat rinne wol. Sa kin se der net yn. Janny leit bûten in earm om har hinne, mar dêr moat Geke noch folle hurder fan gûle. Se slacht de earmen om Janny hinne en gûlt har skouder wiet. Janny kloppet har wat ûnhandich op 'e rêch en flústert har delbêdzjende wurden yn it ear.
‘Toe no, Geke, sa ken ik dy net,’ seit se.
‘Dat is ferdomme no krekt it probleem,’ snottert Geke. ‘Sa ken gjinien my. Mar ik ken mysels sa wol. Ik ha wat ôfgûld yn mysels, ik haw it allinnich altyd fuortstoppe, nei binnen slokt, sadat gjinien der lêst fan hawwe soe.’ Se lit Janny los en snút de noas. Troch de triennen hinne glimket se nei har suske. It slimste is foarby. Janny glimket wifeljend werom.
‘Giet it wat better?’ freget se. Geke krijt har by de hân.
‘Kom,’ seit se, ‘wy bestelle wat lekkers, hiel fet en hiel ferkeard. Ik traktearje.’
‘Wy reitsje mem kwyt,’ seit Geke as se it earste slokje fan har wyn dronken hat.
‘Dat woe ik sakrekt sizze. It wie frjemd hjoed. Se kaam der hielendal yn om. Soe it fan 'e spanning komme, dat heit no mei pensjoen is en dat er har alle dagen op 'e lippe sit?’ Janny stoarret yn har glês as soenen dêr de antwurden weikomme. Se skodhollet.
‘Fan dy lytse dinkjes. Seachst dat se omke Jan in borrel joech,