sa mâlle lang, dêr kaem in boerke oan, net ien fan 'e snoadsten, en dy hie in kou oan 't tou. De earste kaem him tsjin: ‘Wel boer, hwat moat dy âld geit kostje?’ ‘Ei man, gean wei! Dat is ommers in kou!’ ‘Ho-ho! In kou! Jo ha ûnderweis al even oanstutsen, as jo miene dat dit in kou is!’ Afijn, de boer swalke fierder mei syn beest, en njonkenlytsen waerd er oanhâlden troch de twadde: ‘Wacht even! Dit is nou krekt hwer't ik om socht. De frou hat altyd al sin oan in geit hawn. Dit is wol net ien fan 'e moaisten, mar hwat wolle jo der foar ha?’ ‘Eh!’ sei er. Hy biseach de kou noch ris: ‘Mar dit is ommers in kou!’ ‘Ha-ha! Mar jo witte wol better! Dit is in geit. Sjoch mar, hy hat ommers hoarnen’. ‘Gean nou gau wei!’ sei it boerke en hy sjoksele wer troch. Hy sil miskien in tûzen trêd fierder west ha, dêr komt er al wer ien tsjin en dy freget: ‘Boer, wolle jo dy geit ek forkeapje?’ Hy tocht: Nou? Bin 'k nou yn 'e beane of bin 'k net yn 'e beane? Ik wurd âlder, men wit it net. ‘O, né. Né!’ seit er, ‘fuort noch net’. En hy bokselt wer fierder. En dêr komt him wer sa'n keardel tsjin, sa'n boer, of in keapman. Dy seit tsjin him: ‘Ik soe earst nei de merk, mar ik sjoch jo hjir nou mei dat geitsje, en myn wiif hat al sa lang frege om in geit, hwant ien fan 'e bern sangert der iderkearen om. Ik bied in goede priis. Hâld de hân mar op. Dêr! Ien kear tweintich goune, dan moatte jo ek net wer prate’. Tweintich goune foar in geit, sei it boerke by himsels, dat is in dikke priis. Hy tocht, it is grif in geit; it kin hast net oars, hwant dat sizze se allegear. Nou, hy seit: ‘It moat mar oangean’. Hy barde jild en hy pesjantele wer nei hûs en hy wie bêst op 't skik. Tweintich goune - foar fyftjin hie men al in knappe geit.
De studinten setten op 'e stêd yn en forkochten de kou foar in knappe priis. En sy meiïnoar lekker oan 't buizen. De boer kaem thús. ‘Nou’, sei de frou, ‘hwat bist hjir gau wer’. ‘Ja’, sei er, ‘ik ha him ûnderweis mar forkocht. Sjoch, it wie net in kou. Der binne my ûnderweis fjouwer keaplju (of boeren, dat wit ik net) tsjinkommen en dy seine allegearre, it wie in geit. Ja, dêr ha 'k my op forsjoen’. ‘Ei, dou greate stomkop!’ rôp de frou, ‘hwat mienste, it wie in kou! Hoefolle ûren sieten der oan 't jaer?’ ‘Fjouwer!’ De man wie hielendal foralterearre. ‘Nou’, sei se, ‘sit der mar net oer yn. It hawwe grif studinten west en dy ha dy to fiter hawn. Studintestreken, oars net. Mar wy fange se wol wer. Yn nije wike sille wy wol ris wer prate. Dou giest earst mar even op bêd to bikommen’.
Nou, en de oare wyks stjûrde se him wer nei de merk. Se sei: ‘Ik haw noch in hoed lizzen, sa'n âlderwetsen, hwat in pitertuerliken-ien, dy is noch fan ús heit. Nou moatst dêr en dêr hinne gean - se neamde in herberch - dêr komme dy studinten altiten. Dou moatst even mei de kastlein prate: hwatst brûkste, dat wurdt stikem bitelle. Dou giest tichte by de studinten sitten en dan tarst en smarst mar goed. En dou praetst mei de kastlein ôf, ast dyn huodtsje omdraeiste, dan moat er sizze, goed lûd: It is bitelle!’
Dat hy gong dêr sitten en hy naem it der goed fan. Hy liet him in skoander miel sette en hy dronk der in knap glês wyn by. En dan sei er tsjin 'e kastlein: ‘Hospes, sille wy even ôfrekkenje?’ ‘Ja, dat kin wol’. Hy sei, knap lûd: ‘Trijeris om, myn huodtsje, en bitelle is 't gelach’. En hy gisele it huodtsje linich trije kear op 'e holle yn 'e rounte. ‘It ís bitelle’, sei de kastlein, ek knap lûd. De studinten seagen dat wol en dy fregen de kastlein: ‘Hwat spul is dit?’ ‘O’, sei de kastlein ûnforskillichwei, as wie 't de gewoanste saek fan 'e wrâld, ‘dy boer hat in huodtsje dat bitellet’.
De studinten setten de boer efternei. Se koene him net werom fan 'e oare kear, hwant hy hie him hiel oars yn 'e klean stutsen. Se seine: ‘Boer, dat huodtsje!’ Oft er