| |
It boek
Ynterpretaasje
Elbrich is net in boek om fuort te begripen, mar de ynterpretaasje wurdt ferlichte, troch it ferdúdlikjend kommentaar dat yn aparte haadstikken op it eigentlike ferhaal jûn wurdt. It is yndield yn twa dielen, dy't fan elkoar ferskille trochdat se elk in part fan dat eigentlike ferhaal jouwe. Dat bestiet út de gronolo-gysk fertelde memoires út 1582 fan in man op syn stjerbêd.
Op dy memoires wurdt oant twa kear ta kommentaar jûn. De man sels, Alef van Aylva, is de iene dy't dat docht. Dat bart oan begjin en ein fan it ferhaal, dat is te sizzen yn it twadde haadstik fan it earste diel en yn it lêste fan it twadde diel. Kommentaar en ferhaal tegearre binne, sa't it hjit, oerlevere yn itselde hânskrift. Dat hânskrift wurdt fûn en útjûn troch in tweintich-ste-ieuwer, en dy jout ek kommentaar, no op it hiele hânskrift. Dat bart yn it earste en it lêste haadstik fan it earste diel.
It boek hat dus fierhinne de struktuer fan in doaske yn in doaske. It skeelt sels net folle of it is in doaske yn in doaske yn in doaske. Wat dêroan ûntbrekt, is dat de besoarger net it lêste wurd hat. As sadanich kin it lêste haadstik fan diel 1 fansels net
| |
| |
tsjinje. Dat tuskenhaadstik is winliken oars net as in ferlegen-heidsoplossing foar it probleem dat de beide dielen net tagelyk publisearre waarden. Yn dat haadstik wurdt effen weromgrypt op it earste haadstik, mar fierder giet it oer de swierrichheden fan it besoargjen, wat better yn it earste haadstik past hie, en oer de persoan fan Aylva. Wat er oer him seit, komt suver op itselde del as wat Aylva yn it haadstik dêr't it boek mei beslút, sels fan himsels seit. Moai is oars, mar de skriuwer makket fansels wol dúdlik hoe't er it libben fan Aylva besjocht (en besjoen hawwe wol). Dat is gear te fetsjen yn de beide sinnen dêr't dat tuskenhaadstik mei einiget: ‘Sa wurdt al it fergongene, ek wat men sels trochfield hat, jin byld en likenis. Allinne it wroegjen om eigen skuld bliuwt werklik, mar ek dêrfoar is genede en ferjeffenis.’ Oars as yn de Faust fan Goethe (dêr't hjir en ek mei klokkelieden oan de ein fan it boek op sinspile wurdt, en dêr't Elbrich dus mei ferlike wurde wol) hat Aylva frede fûn. Oertsjûgjend wurdt dat lykwols net brocht, want tinzen lykas dizzen dy't hjir krekt oan-helle binne, en oaren as de opfetting dat God foar elke man in frou skepen hat, krije yn it eigentlike ferhaal sels amper of gjin oandacht.
It haadstik dêr't it boek mei begjint, is in foarbyld fan de saneamde manuskriptfiksje, in bekend middel om de lêzer dúdlik te meitsjen dat stribbe is nei wierheid, autentisiteit of hoe't men it mar neame wol. Ek suggerearret sa'n manuskriptfiksje ôfstân tusken de skriuwer en syn ferhaal. Dy lêste yndruk wurdt yn it gefal fan Elbrich fersterke troch de luchtige toan dêr't it haadstik yn skreaun is. Autentisiteit en ôfstân passé beide wol by de strekking fan de rest fan it boek. Dat binne ommers memoires, en dat net allinnich: se binne ek noch hiel earlik bedoeld, want de skriuwer sparret himsels alhiel net, krektoarsom, hy kla-get himsels oan. De histoaryske roman is trouwens op himsels ek al in sjenre dat ôfstân skept tusken auteur en ferhaal. It is in foarm dy't bewustwêzen en emosjonaliteit ferieniget.
It eigentlike ferhaal út it hânskrift giet oer de leafdesskiednis fan de auteur sels. Dy bestiet út it sykjen om in frou, sa't dy har
| |
| |
ienkear, doe't er al net sa jong mear wie, oan him foardien hat. Wat oars ynteressearret Aylva net, teminsten net echt. Ta de dingen yn it boek dy't yndruk meitsje, heart nammentlik it feit dat er spyt krijt fan dingen dy't er docht om dochs mar grytman te wurden. As er dat úteinlik noch wurdt, raffelt er syn ferhaal suver mei tsjinsin ôf, sa'n bytsje foldwaning of frede jout him syn wurk. Hy lit it mar wat oer him hinne komme.
Dochs is der neist de leafde noch al wat oars dat him echt ynteressearret. Dat is it Fryske lân en libben. Dêryn docht it boek sterk tinken oan de poëzy fan Obe Postma. Dat blykt út de oandachtige leafde dêr't lânskip, wegen en wensteeën mei be-skreaun wurde, en út in utering as dizze, oer wat de sinnen meinaam: ‘maitiid en simmer, bleke loften, wâljende mieden, hailannen, simmerjûnen, de see yn einleaze glinstering, folk yn wurk en wille en noch folle dingen mear.’ Oare sprekkende oerien-komsten yn bylden en tinzen binne it stedsje, dat yn see útstekt; de bloeiende beam, dêr't omhinne dûnse wurdt; dat wat Aylva yn de leafde lûkt: ‘Har gesicht moat ik graach lije meie en ik moat nocht hawwe oan har hiele bestean’; it blide ljocht dat oer de dingen leit; in koaterspul op in wierke; it jin yn 'e skeante fan 'e dyk deljaan; en fan Koarnwert Skraard lizzen sjen, dêr't famylje weikomt. Mar de oerienkomst giet noch folle fierder, en sit ek yn de tematyk.
Fuort docht al bliken dat de frou (dy't har Elbrich neamd hat) foar Alef allinnich mar as dreambyld bestiet. Sels hat er it in kear (it is yn it earste haadstik fan it twadde diel) oer syn langst nei ‘de frjemde frou’, en oer ûnwennich wêzen fan eat dat yn dit ierdske libben net bestiet. Net allinnich Elbrich is trouwens in byld foar him, dat is - sa't er mear as ienris seit - alles wat er belibbet. Syn ierdske libben stiet ûnder de tsjoen fan in oare werklikheid, dêr't er ûnwennich nei is. Dy oare werklikheid is foaral it ferline. It is der fol mei deaden. It is dan ek earst op syn stjerbêd dat er him ryp fielt foar de wiere leafde. Ierde en himel lykje dan ien te wurden: ‘Soks kriget in minske net fansels en dochs is dit ek genede.’ Mar it lêste wurd is dochs wer ‘ûnwennich’, en
| |
| |
no is it net nei de oare wrâld, mar nei it libben op ierde. Ek dêr sit in soad fan Postma yn.
It boek is dus foargoed in byld fan langst en troch syn nei-druk op de leafde, ek fan begearen. Net de langst en it begearen oerhearskje lykwols, mar de konstruksje fan it byld, en hoewol't dat net sûnder boartlikheid en bûnte ôfwikseling bart, leit dochs oer it fertelde libben in skaad. Net allinnich dat Aylva efternei (mar wat wy dus fuort te hearren krije) foar syn eigen gefoel tekoartsketten is, mar dat jildt foar ús gefoel ek foar it belibjen sels (wat ús gronologysk ferteld wurdt). Hy blykt healslachtich te wêzen. Sels hat er dat net earder as op syn stjerbêd yn 'e gaten. Hy byt him fêst yn bysaken, dy't de leafde tsjinwurkje. It boek is dus it ferslach fan in selsûntdekking. It libben skynt him boppedat te ûntkommen, fiksearre as er is op it neijeien fan in dreambyld. Yn dizze dingen docht it boek oan Faust tinken.
De leafdesskiednis is likernôch sa. Op in pinksterfeest te Boalsert hie Aylva, dy't sels yn Snits wenne, flechtich kontakt hân mei in faam. Se hienen beide earst stien te sjen hoe't it jongfolk om in bloeiende kastanjebeam hinne dûnse, doe't er har oansprutsen hie en ek sy dûnse hienen. Doe't er har letter tútsje woe, hie se in takje wite appelblossem tusken de lippen stutsen, en doe't er har yn 'e earmen nimme soe, taaste er yn 'e leechte. Fuort dêrnei seach er har op in wyt hynder de nacht ynriden.
As er wer thús is, wol syn mem him Jacqueline Aytta oanprate, mar hy hie sûnt dy moeting in ferwachting fan hege, suvere leafde holden en hie gjin sin oan har. Hy wurdt him bewust dat er in ienhoarn is, sa'nen as der yn it wapen fan syn slachte stiet, en omt er wit dat dy allinnich te beteamjen is troch de leafde fan in reine faam, siket er no ien dy't him mei jonge, reade minne oerwinne kin.
Earst mient er dan de suvere leafde te finen yn Anna Dekama. Wat er yn har sjocht, is lykwols de mem, sa't him dy troffen hat yn in portret fan Adriaen van Cronenburgh. Hy wurket him yn in posysje dat er net syn eigen gefoelens foar har oer hifket, mar har koelens besiket te oerwinnen. Hy fettet dy úteinlik op as
| |
| |
bangens om de famylje, en betinkt in leagen om de wjerstân tsjin in houlik te brekken. Mei leafde hat dat dus net folle mear út te stean. Dy leagen bestiet derút dat er rûnstruit dat se tegearre sliept hawwe. Dat is foar har it brekpunt.
Hy rekket dêroerhinne en begjint wer in faam te sykjen neffens syn ideaalbyld, ien gelyk oan it fanke dat er ienris op dy pinkstermoandei yn Boalsert moete hie. Mar sa'nen fynt men net, sa wiis wurdt er al. En dan begjint er om dy faam sels te sykjen, Elbrich.
Hy hie al in fermoeden dat se yn it echt wolris Willemke hjitte koe, omdat in âld-skoalmaat, Hartman Hoekes Gauma, dy't him nei jierren ûnferwachts opsiket, dy namme neamt as er fan Alef heart fan in faam op in wyt hynder, dy't by de see wennet. Dy Hartman is geus, en wurdt socht, dat as er op de byienkomst fan âld-skoalmaten dy't Alef foar him byinoar roppen hat, ferwûne rekket, bringt Alef him nei syn geheim ûnderkommen om better te wurden.
Yn de ferhâlding mei Anna Dekama wie it kontakt tusken Alef en Hartman al in probleem, mar dat wurdt it noch mear as Alef yngiet op in persoanlik fersyk fan de Spaanske steedhâlder fan Fryslân, Kaspar de Robles, om slûkers by de kust op te spoaren. Hy docht dat om grytman wurde te kinnen, mar sjocht tagelyk in kâns om Willemke te finen. Willemke blykt sels ek ien fan de slûkersploech te wêzen, dat Alef rekket op 'en nij mei de leafde raar mei twa fuotten yn ien hoas. Hy makket it boppedat noch minder troch har betrouwen te beskamjen. Hy sliept nammentlik mei har, en seit tsjin better witten yn dat se no troud binne. Tsjin better witten, want yn it gefal fan Anna (doe't er itselde allinnich mar rûnstruid hie), wie no krekt om har troubeloften troch de krekt oanstelde nije biskop in proses fierd om it âlde houliksrjocht út te bannen, dêr't yn Fryslân noch oan fêstholden waard.
Foar Willemke is dat it brekpunt. Ek dat hie er witte kinnen, want sy hie him sein dat by har krekt as by de seemearmin dêr't se foar oansjoen waard, bedragerij yn 'e leafde swier straft wurde soe.
| |
| |
Hoewol't it boek as relaas fan it libben fan Aylva net sûnder bitterheid is, blykt út it foargeande wol dat de idylle oerhearsket. Dea en leafde, en dan foaral yn har metafysyske aspekten, steane sintraal. Mar der is mear. It meast yn it each springt grif it haadmotyf fan in ealman dy't in ferhâlding mei in faam út 'e boerestân hat. Poortinga sil hjir sûnder mis beynfloede wêze troch De Jonkerboer fan Eeltsje Halbertsma. Idyllysk is ek dat it deselde man is dy't Aylva fan de dea rêdt as dy't hy earder sels it libben rêden hie. Dat is de maat út syn skoaljierren, de geus Hartman Hoekes Gauma. Mei him begjint it eigentlike ferhaal en it slút der ek hast mei ôf.
Aksje ûntbrekt ek net, mar ek de aventoeren binne idyllysk fan aard, krekt as yn hardersromans (dêr't ek de tematyk trouwens wol wat oan tinken docht). De skriuwer sinspilet sels ek op it ferbân mei de hardersroman, as er Gauma yn it tredde haadstik op Aylva's ferhaal oer de moeting mei Elbrich reagearje lit mei de wurden: ‘No wurdt it alhiel in hardersroman.’ Hoe't sokke harders-romans derút seagen, wie krekt yn de tiid dat Poortinga oan Elbrich wurke, yn Fryslân yn it nijs troch stúdzjes fan C. Kramer oer fertalingen fan Gysbert Japix út it Frânsk.
Dy aventoeren bliuwe wat oan de bûtenkant. Op it inerlik fan Aylva hawwe se amper ynfloed. Poortinga hat Gauma en syn helpers foaral brûkt, sa liket it wol, om oan syn boek de nedige faasje en ôfwikseling te jaan. Dy ôfwikseling sit him net allinnich yn de aventoeren dy't Aylva troch Gauma-en-dy belibbet, mar ek yn it om en om fertellen oer Gauma-en-dy en oer de ûnderskate leafdesrelaasjes. Uteinlik komme dy beide linen byinoar. Aksje sit der ek yn it swalkjen fan Aylva en de aventoeren dy't er ûnderweis belibbet. As spylman ferklaaid, swalket er hiel noardlik Fryslân troch en hy stiet hiel wat noeden út. Dat docht er, lykas sein, mei in dûbel doel. Oft der ek oanwizingen jûn wurde foar in ferbân mei de Odyssee, soe nochris neigongen wurde moatte.
It tiidleaze, dat ek eigen is oan de idylle, en dat hjir útdrukking fynt yn de fiksaasje op de ûntarikkendheid fan de minske,
| |
| |
wurdt fersterke troch it sprekken yn bylden en gelikenissen, meast yn de foarm fan sêgen en oare folksferhalen. Ek it mytyske dat guon figueren fan it boek eigen is, slút derby oan. Aylva fielt him in ienhoarn, Willemke har in seemearmin, Klaas Barthouts, de kening fan de harpoeniers, sit fol sterke ferhalen (guodden dogge tige tinken oan ferhalen yn de Rimen en Teltsjes), Folkert, de fisker, hat langst nei de sillige eilannen yn it westen en leaut yn ferstoarne sielen dy't mei de damp út see oer 't lân komme.
Ta it effekt fan tiidleazens draacht ek by de wurking fan it taf al. Dy is frij sterk. It is krekt of hat it allegearre sa wêze moatten. De measte figueren spylje mear as ien rol: ien yn de leafdesskiednis en ien yn de slûkerij. (De lêzer hat dat earder yn 'e gaten as de man dy't it belibbe hat).
| |
Boarnen
Elbrich is in histoaryske roman. In grut part fan it boek giet op histoaryske stikken werom, soms sels op it wurdlike omt ôf. Der binne fan net folle lju safolle persoanlike dingen bekend as fan Alef van Aylva, en alhielendal net op it gebiet fan boaskjen, sa't blykt út in rige artikels ‘Van vrijen en trouwen!’ fan de histoarikus G. K(ramer) yn de Heerenveense Koerier fan begjin 1947. Dat der sa'n protte stikken fan makke en bewarre binne, sil komme omdat Aylva syn gefal tsjinne hat as proefproses foar de nije biskop, Cunerus Petri, dy't it nije houliksrjocht yn Fryslân ynfiere woe.
Wat Aylva oangiet, hat Poortinga him basearre op publikaasjes fan Eelco Verwijs yn de Friesche Volksalmanak fan 1864 en fan W.W. Buma yn De vrije Fries fan 1862. Op Verwijs geane werom de twadde helte fan haadstik 11 (it petear tusken Anna en Alef is wurdlik oerset), haadstik 13, it begjin fan haadstik 16 en noch in pear dingen út haadstik 17, op Buma it ien en oar út de haadstikken 18 oant 21, alles yn it earste diel. Ek hat er foar 't neist noch gebrûk makke fan in stikje fan Von Brucken Fock yn
| |
| |
de Friesche Volksalmanak fan 1896. Dêryn wurdt de namme fan it famke fan Aylva en Willemke bekend makke. Oer Gauma hat er bysûnderheden fine kinnen yn in stik fan A.J. Andreae yn De vrije Fries fan 1886 en 1890, mar ek yn de stúdzje oer Doeke Martena fan G. Kramer yn De vrije Fries fan 1943, oer dr. Sicke Hemmema yn de Friesche Volksalmanak fan 1893. De figuer fan Klaas Barthouts moat er hawwe út Van den mond der oude Middelzee (diel 2, 1940) fan KJ. van den Akker. Mar bûten de libbensskiednissen fan Aylva en oaren is der noch safolle mear dat histoarysk ferantwurde wurde moast. Wat de politike en bestjoerlike ûntjouwingen yn it útkeazen tiidrek oangiet, hat er in soad fine kinnen yn it stik fan Kramer oer Martena, mar foar de couleur locale moat er noch gâns oare dingen neisjoen hawwe. Anagronismen komme amper of net foar.
Sels hat er gjin histoarysk ûndersyk dien. Dat soe men ek net ferwachtsje, mar trochdat G. Kramer de ear opeaske dy't Yge Foppema Poortinga as histoarikus taswaaid hie, fielde er him roppen om yn Vrij Nederland (dêr't de hiele skriuwerij him ôfspile) te ferklearjen dat in roman-skriuwer folstean kin mei him in tiidsbyld te foarmjen út it wurk fan de histoarisy. Poortinga hat fansels ek net yn alles de skiednis folge. In figuer as de muonts Sjaard sil bygelyks wol optocht wêze, mar ek Aylva hat er nei syn hân set. Kramer wol teminsten hawwe dat Aylva yn 1569, doe't er mei Anna Dekama boaske, al in ferhâlding mei Willemke hân hie. De ferhalen dy't Aylva as spylman yn it twadde diel fertelt of heart, geane grif werom op folksferhalesamlingen, of literêr wurk. Foar de mearmin is wiisd op Undine (1811) fan De la Motte-Fouqué. Dochs binne de rollen earder omkeard, op wer wat in oare wize as ek yn Ondine (1939) fan Jean Giraudoux. Net de seemearmin hopet troch de ferhâlding mei in minske út har isolemint befrijd te wurden, mar as er gjin flater makke hie, hie de man troch har befrijd wurde kinnen. Oan Heine syn ferhaal yn Die Götter im Exil (1853) oer de East Fryske fisker dy't sielen oerset, dogge inkelde dingen yn it haadstik oer de fisker Folkert tinken. Miskyn hat er foar de ienhoarn
| |
| |
it ien en oar ûntliend oan it boekje fan mr. A.S. Miedema, Van den eenhoorn en diens symbolieke beteekenis (1938), mar dêr moat er ek oare boarnen foar hân hawwe. Mear as ienris hawwe ek de Rimen en Teltsjes as boarne of foarbyld tsjinne. In moai foarbyld is it nachtlik aventoer by Liauckamastate yn haadstik 11 fan it twadde diel, dat in fariant fan in oerfal yn It grouwe pak liket. It earste haadstik fan it earste diel mei syn âld pleats súdwestlik fan Frjentsjer docht ek tinken oan de Rimen en Teltsjes, dy't dêr trouwens ek neamd wurde. De hiele opset fan dat haadstik, in reis mei in freon dy't liedt ta de ûntdekking fan in âld hânskrift, koe wolris weromgean op De Roos van Dekama fan Van Lennep. De reis sels is histoarysk. Poortinga hat him sels makke mei dr. Alistair Campbell, de wyks nei de iepening fan de Fryske Akademy yn 1938. Dat is de Fryske wittenskiplike ynstelling, dêr't yn de earste sin sprake fan is. Gralda-state te Menaam wie de namme noch fan bewarre doe't Poortinga sels yn it doarp wenne en it boek skreau.
Roel Demmink hat yn 1976 yn in wurkstik oer it boek foar Frysk mu-a wiisd op oerienkomsten mei Don Juan en de laatste nimf (1943) fan Hubert Lampo. Ek dêre giet it om de leafde fan in ealman foar in boerinne, en is de lêste grutter fan wêzen as de earste. De beide boeken spylje ek yn deselde tiid. Men soe oan dizze strukturele oerienkomsten (dy't nochris neier besjoen wurde moasten) tafoegje kinne dat ek Lampo in foarkar foar it magysk-realistyske hat.
| |
Untstean
Hjirmei is grif noch mar in lyts part neamd fan alle literêre wurk dat Poortinga op de iene of oare wize ferwurke hat. Faaks ûntbrekt ek noch wol wat dat tige fan belang west hat. Mar it liket wol wis dat Obe Postma, de Halbertsma's en Goethe ta de foarnaamste ynspiraasjeboarnen rekkene wurde kinne, en net te ferjitten de Frânske hardersromans, sa't (C.) Kramer dy beskreaun
| |
| |
hat. In grutte ynfloed op dy romans hie in roman fan Heliodorus, en om in yndruk te jaan fan de oerienkomst mei Elbrich helje ik in lyts stikje út Kramer syn skôging oan: ‘Ek by Heliodorus is oan sérôvers in greate rol taparte; ek by him hat men smertlike skiedingen; ek hy hâldt de morael heech; ek by him fynt de ljeafde, - dy't suver en idealistysk is by de haedpersoanen, - einlings-lêsten, nei folle avenrûren, hjar bileanning yn it lokkich boaskjen fen de twa forealden.’
Alles kloppet hast sa'n bytsje as men Elbrich as in fariant fan in hardersroman opfettet, allinnich is it de fraach oft de persoanlikheid fan Aylva dêrby past. It sintraal stellen fan it selsûndersyk docht dat grif net, dat moat wol yn ferbân brocht wurde mei de psychologyske roman út folle letter tiid, en ek de persoanlike ûnmacht om it lok fan de leafde fêst te hâlden liket modern, mar oars lykje de gefoelens dochs wol aardich oan te sluten by opfettingen út de tiid dat de haadfiguer libbe. Betinkt men dêrby noch dat oan de histoaryske omstannichheden alle soarch bestege is, dan kin men Elbrich sûnder mear in histoaryske roman neame. En it is ien fan in eigentiids soarte. Net de grutte fragen fan de tiid: de reformaasje en de politike ommekear, binne it dy't de haadfiguer dwaande hâlde, mar syn persoanlik libben. Dat it boek dochs in wat njoggentjinde-ieuske yndruk makket, komt dan wer fan it feit dat dat persoanlike libben behearske wurdt troch de Romantyske langst nei it frjemde en ûnberikbere, yn it bysûnder yn de leafde.
Yn Fryske ferhâldingen stelt Poortinga him mei Elbrich yn de tradysje fan Simke Kloosterman, dêr't - net sûnder ynfloed fan Elbrich fêst - ek Ypk fan der Fear yn stiet.
Oant safier wat de literêre aspekten fan it ûntstean oangiet, no noch wat oer de feitlike tekstskiednis. Parallellen mei it persoanlike libben fan Poortinga lit ik gewurde. Dy litte har wol fine yn it stik hjirboppe oer ‘de skriuwer’.
Elbrich moat ûntstien wêze yn de earste oarlochsjierren, alteast it idee. Yn maaie 1943 hat Poortinga foar 't neist al oan 't skriuwen
| |
| |
west, want der is út dy tiid in brief fan Obe Postma oan him bewarre, dêr't dy him yn antwurdet op de fraach oft Alef in soan fan Epe Aylva wie. Postma riedt him oan kontakt te sykjen mei drs. G. Kramer. Mar it sil dochs wol net earder as yn 1943 west hawwe, dat er ‘yn in flits it hiele boek “seach”’, sa't er yn 1968 yn in fraachpetear oan Tiny Mulder fertelde. Ik basearje dat net allinnich op syn ôfhinklikheid fan G. Kramer syn stúdzje út dat jier, mar ek op it ‘ús’ yn it neikommende sitaat: ‘Ik siet op in moaije, donkere oktobermiddei to skriuwen yn ús achterkeamer yn Menaem mei in útsjoch op 'e tún, kleurde blêdden oan de beammen - de hjerst is foar my in ynspirative tiid - doe seach ik, dat Elbrich forskynde op it feest yn Boalsert en Alef Aylva moete - it wie in soarte fan dream, alhoewol ik net sliepte - en ik seach ek dat Alef har oanhelje woe, mar Elbrich stiek in tûkje apelblossum yn de mûle en makke sa harsels moai en ûnbirikber tagelyk.’ Blykber wie er doe al troud. Earder as mei dy flits kin er min it idee fan de figuer fan Elbrich hân hawwe. De namme Elbrich hat er fan in dochter fan syn freon Sipke Dykstra, de man fan de lettere boekhannel De Tille. Op in kear wie Poortinga by Dykstra-en-dy kommen en hie er sein dat er no wist hoe't er syn boek neame soe. It famke wie fan 1941.
Ik tink dêrom hast dat sawol de moeting mei Elbrich as alles wat anneks is mei Gauma-en-dy net foar 1943 beskreaun binne. Yn dat gefal bliuwt der foar earder eventueel allinnich it trougefal oer. Hoe't it nei 1943 fierder krekt gongen is, falt net mear nei te gean, mar yn Frysk en Frij fan 20 desimber 1946 wurde de beide dielen yn in advertinsje oankondige, dat doe moat it earste diel klear west hawwe, en sil it twadde dochs ek wol fierhinne syn f o arm al fûn hawwe.
Wat fan de tekstskiednis kin noch ôflaat wurde út in bledside út de printerskopij fan diel 1, dy't bewarre is en op it flmd berêst. It giet om de efterkant fan bledside 155, dêr't de griene rite mei Anna yn beskreaun wurdt. De oare kant fan dy bledside is letter foar de printerskopij brûkt. Yn it boek is dat it begjin fan haadstik 11 fan it earste diel. It docht dan bliken dat de earste
| |
| |
fersy frij gearfetsjend en konstatearjend begong. En dêr hat Poortinga neist skreaun: ‘Dit yn lyrysker toan!’ Letter waard by it hiele haadstik noch skreaun: ‘Dit opnimme yn in biskriuwing fen 'e moarn fen Sint Katharinedei.’ Beide binne bard. Dy efterkant heart grif by de âldste fersy.
| |
Resepsje
De reaksjes op it boek komme yn twa fazen, earst yn 1947 as it earste diel útkommen is, en dan yn 1949-1950, as it twadde út is en Poortinga it jier derop de Gysbert Japicx-priis foar it boek krijt.
Fan de besprekkers út 1947 is der mar ien dy't útgiet fan de foarm, en dy't it boek dêr ek op beoardielet. De oaren rjochtsje har op it aard fan de karakters. Anna wurdt frij algemien ûndúdlik fûn, Alef is Schurer te koel. Ek frij algemien wurdt opmurken dat it proses wol wat taai beskreaun is, wylst neffens J.J. Kalma boppedat de tiid te min út 'e ferve komt. Hy mist de herfoarmingsstriid, it eargefoel en it famyljeferbân. Fierder neamt er in pear histoaryske boarnen. Ek sinjalearje de measten dat Elbrich net bot neiwurket. Mar se fine it allegearre in moai boek.
In gearhingjende analyze jout allinnich Wadman, deselde dy't by syn beoardieling útgiet fan de foarm. Hy sinjalearret dat it boek neat hat fan de aventoeredraak (‘alteast it earste diel net’: soe er wat oer it twadde heard hawwe?) en seit dan: ‘Alef Aylva wurdt yn dizze mémoires mei himsels konfrontearre, mei syn eigen relaes, mei syn eigen forline, mei syn eigen aerd.’ Dy memoire-foarm waard ek neamd troch J.H. Brouwer, dy't dêryn de oarsaak sjocht fan in tekoart oan psychology fan de persoanen (lês: oan dúdlike karakters). Wadman wurdearret de foarm lykwols posityf, want dêrtroch ûntstiet neffens him in moderne psychologyske roman. As kearn dêrfan sjocht er in tragysk misferstân by Alef, dêr't dy him yn 'e rin fan it ferhaal bewust fan wurdt. Dat bestiet deryn dat er earst oan de ein
| |
| |
ynsjocht dat Anna gewoan net genôch fan him hold. It boek boeit him as minsklik relaas. It kommentaar fan de besoarger (wat er it frame neamt) makket it yn syn eagen swakker, omdat it net de psychologyske, mar de (minder belangrike) histoaryske kant fersterket.
Yn de reaksjes op it twadde diel oerhearsket op 'en nij it oardieljen neffens karakters. Folkertsma is der om bekend wurden, want dy neamde syn krityk ‘Faem sûnder keare’ en fette syn beswieren tsjin de haadfiguer gear yn de útrop: ‘Forhelje my fan kearels dy't de frou treast binne, de greate.’ Fan in slop man as Aylva hoege ‘wy,’ sa seit er, gjin sielkunde te learen. It kin hast net oars of mei dit oardiel sprekt er him meiïens út tsjin it oardiel fan Wadman. Dêr moat noch by betocht wurde dat Wadman sels ek in roman oer in anti-helt skreaun hie. Ek Inne de Jong moat neat fan Alef hawwe, en dochs is hy tige posityf oer it boek (‘de bêste roman dy't ea yn it Frysk útkomd is’). Dat komt omdat er Elbrich ta de haadfiguer makket (en dus alhiel foarbygiet oan it bychtkarakter fan it boek). En Elbrich is in grutte frou... Ek Tamminga lit syn wurdearring ôfhingje fan de krêft fan de karakters. Se botse net fûl en dêrtroch mist grutminsklike tragyk neffens him. Alef is ‘frijwol karakterleas. Hy libbet net, mar wurdt libbe.’ Willemke sit wol tragyk yn, al is se gjin Hester Hoara. Tamminga mist fierder de konsintraasje op de ferweving fan de man-frouferhâlding en de roerige tiid. Haaden bysaken wurde net ûnderskieden en der binne tefolle histoaryske omballingen. Yn reaksje op Tamminga lit J. Spanninga Posthuma witte dat sy dy omballingen just wol moai fynt: se skeppe in sfear, dy't hiel goed by de geheimsinnige Elbrich past. Ek foar har blykt yn it grutte fan Elbrich de krêft fan it boek te sitten. Wat in oare wurdearring hat sa op it each Sjoerd van der Schaaf, dy't it hiele boek beoardielet, net allinnich it twadde diel. Hy leit de klam op it moderne yn de roman, dat neffens him yn it algemien-minsklike fan Alef sit. Mar yn syn oanwizen fan it ûntbrekken fan de suggesty fan needlot en benearing as in wezentlik tekoart, sit dochs wer it ferlet fan in sterke Alef. Ek
| |
| |
Yge Foppema jout in oardiel oer it hiele boek. Lykas Tamminga neamt er it boek in bycht, mar hy komt ta in oare wurdearring. Neffens him is it mislearre omdat Alef ‘zich [beweegt] in zijn zestiende-eeuwse milieu als een mens met een twintigste-eeuwse gespletenheid en een goed stuk negentiende-eeuws romantisch levensgevoel.’ Mar hy fynt it dochs in goed boek, omdat der ‘een mensenziel [...] in weerloze oprechtheid’ yn bleatleit. Hjir is dus, as by Wadman (dy't net mear oer it boek skreaun hat), mear wurdearring foar it ‘lytse’ yn in karakter as foar it ‘grutte.’
Foar in part fan hiel oare aard binne de opfettingen dy't J.J. Loopstra hantearret om in oardiel oer it boek te jaan. Hy spriek út namme fan de sjury, dy't advisearre om Poortinga de Gysbert Japicx-priis ta te kennen. Hy wiist ferbannen oan mei Der Schimmelreiter fan Theodor Storm (beide boeken roppe in Fryske sfear op, benammen fan de seekant) en mei de Faust fan Goethe (it klokkelieden oan de ein), en neamt ek dat taal en styl him oan de poëzy fan Obe Postma tinken dogge. De karakters beoardielet er nei't se libbene minsken wurden binne. Dat is neffens him by allegearre it gefal. Foar dat fan Willemke hat er bewûndering. Oer syn wurdearring foar it karakter fan Alef sels (oanhelle mei ‘it forneamde minderweardichheitskomplex’) lit er him fierder net sasear út, mar dat docht er wol oer de behanneling troch Poortinga. Dêrút sprekt neffens him Poortinga syn leafde ta de meiminske, en dat wurdearret er tige. Poortinga ‘analisearret dizze man net op de biwende, sinyske wize.’ Soe er oan Fioele en faem (1947) fan Wadman tocht hawwe? Neame docht er Sartre.
Der binne dan noch in pear besprekken fan letter tiid (fan E.G.A. Galama en Jo Smit), mar dy bringe net folle nijs mear, likemin as de literêre skiednissen fan Piebenga en Dykstra, en de kommentaren op de werútjefte fan 1978. Bûten it opstel fan Jetske Bilker, dat Elbrich yn ferbân bringt mei Undine fan De la Motte-Fouqué (1986), binne gjin stúdzjes oer it boek ferskynd.
Ta beslút wol ik noch neame hoe't Poortinga sels oer it boek oardiele hat. Wat de karakters oangiet sei er yn 1968 tsjin Tiny Mulder: ‘It sykjen nei de ideale frou is in bisûnder wichtich
| |
| |
aspekt yn it bistean fan in man, en ek grypt my de tragyk fan de man mei slimme karakterfouten dy't syn idéale frou treft en dan mei har forûngelokket. In man kin yn biskate opsichten dochs noait tsjin de frou op.’ Yn Kindiers Literatur Lexikon II (1964) wurdt (grif troch Poortinga sels, al stiet it stik op namme fan de redaksje) fan de haadfigueren sein, dat se yn in ‘spannungs-reichem Gegensatz’ foarinoar oer steane: ‘Alef als negativer Held, der am Ende sein Versagen erkennt und bereut, Elbrich als Verkörperung der Romantik, des Abenteuers und der hingebenden, vorurteilsfreien Liebe.’ Fierder wurdt wiisd op it mear as ien kear brûkte middel fan dreamen om ûnheil oan te kondig-jen en fan sêgen en seden en gebrûken om it ferline te tekenjen.
|
|