dy't doe festige wie yn Antwerpen en Zaltbommel, de oare kear ûnder dy fan útjouwerij ‘De Bron n.v.’ te Amstelveen. Beide kearen waard ek deselde (wat houten) oersetting brûkt, makke troch J. Dykstra (de echte namme fan de dichter Sjoerd Span-ninga). De beide dielen binne ûnderskaat, mar de haadstikken nûmerje troch. Weilitten binne de beide haadstikken mei it kom-mentaar fan de besoarger. Dat is grif bard op oanwizing fan Poortinga sels, dy't de oersetting autorisearre hat.
De earste útjefte is neffens Kindiers Literatur Lexikon yn 1952 ferskynd. It boek wurdt op it stofomslach presintearre as ‘Een grootse roman, een fascinerend verhaal, dat ons in steeds toenemende spanning meesleept naar het aangrijpende einde.’ De foarkant fan it stofomslach byldet Willemke mei har geheimsinnige maat yn 'e damp by nacht op hynders út. Oare skriuwers yn de Triomf-reeks wienen neist minder bekenden as Rob Sterkenburgh en Max van Amstel: Rico Bulthuis, K. van der Geest, Rie van Rossum, mr. E. Elias jr. en Yvonne Pauwels. It nivo wie dus it populêre boek fan it bettere soarte.
De twadde útjefte moat fan 1959 west hawwe. Dat is in werútjefte yn pocketfoarm fan de earste, no yn de ek wer populêr eagjende rige Bel-pockets. Op dizze útjefte slacht mooglik wat Poortinga yn Hwer hast it wei? tsjin Tiny Mulder sei: ‘It hat noch tsjinne by in bisykjen om it kartel fan de Nederlânske útjowerij to trochbrekken, mar dat is op 'e non roun.’ Poortinga syn boek wie it twadde yn dy rige. Fan de fyftjin titels dy't efteryn neamd wurde, wienen de measten fertalingen út it Ingelsk. Oarspronk-lik Nederlânsktalich sil it wurk west hawwe fan Louis van Orden, Lode van Berchem en Antoon Coolen e.o. (Gij zult het Kindeke vinden). Op it omslach stean in man en in frou yn âlde klaaiïnge, dy't in âlde dûns dogge. En fierder noch: ‘Een bekroonde roman. - De bittere, alles onthullende bekentenis van een Friese edelman, gesitueerd aan de vooravond van de 80-jarige oorlog’ en op de titelside nochris: ‘Bekroond met de Gys-bert Japicx Prijs.’
Better net te witten hat it boek yn de literêre krityk yn