ferfear er nei Menaam, it wenplak fan syn faam Rinske Wiersma, dêr't er mei syn húshâlding (se wienen yn 1943 troud) oant 1960 ta bleau. Doe ferfearen se mei har seis bern nei Ljouwert, en dêr hat Poortinga oant syn dea ta wenne. Sterk wie er net, dat hy moast him altyd wol wat yn acht nimme. Yn 1950-'51 hat er in goed jier mei t.b.c. op bêd lein. Syn frou hat doe de Gysbert Japicx-priis yn ûntfangst nommen, dy't er foar Elbrich krigen hie.
Nei syn stúdzjetiid sette er him tenearsten ta it skriuwen fan in dissertaasje oer de Rimen en Teltsjes, mar dat woe net rjocht slagje en doe keas er foar in stúdzje oer it Fryske folkstoaniel sûnt de opkomst dêrfan yn 1860 oant 1930 ta. Yn 1940 promo-vearre er dêrop by J.M.C. Kapteyn. Underwilens wie er foar it gearstallen fan in grut Frysk wurdboek fuort nei de oprjochting fan it ynstitút mei yngong fan oktober 1938 oansteld as wittenskiplik assistint oan de Fryske Akademy. Dêr is er, op in ûnder-brekking fan in lytse sân jier om 1950 hinne nei, syn hiele libben ek bleaun, ek nei syn pensjoen yn 1975. Sûnt 1958 kombinearre er it wurk dêre mei lesjaan oan de middelbere oplieding Frysk.
Ut dy beide fermiddens ûntstienen, foar in part yn gearwurking mei oare rûnten, lykas it Kunstnersbûn en It Fryske boek, inisjativen as de Idunarige foar werútjeften fan njoggentjinde-ieuske teksten (1956), Skriuwerswykeinen te Koartehimmen (1964) en it Frysk Utjefte Fûns mei syn Kikkertrige (1968), dy't allegearre tige bydroegen hawwe ta in libbene Fryske literatuer. Wat it wittenskiplik wurk oangiet, hie bûten it wurdboekwurk benammen de folkskunde syn niget. Dy oppenearre him ek al ier, mar grutte bekendheid krige er earst doe't er nei syn pensjoen folksferhalen sammelje koe en útjaan. Noch koart foar syn dea, op 25 septimber 1985, hold er yn Brugge in lêzing op it ynternasjonale kongres fan it Europäische Märchengesellschaft, dat as thema hie: ‘Eros und Liebe im Märchen.’
Yn oarspronklik wurk hat er him as skriuwer foaral op ferhalen en romans útlein, ek al hat er dan ek hiel wat foar toniel skreaun. Syn favorite stof wienen histoaryske leafdesskiednissen út de