ta Gods ivige dei. - No kin ik ek myn fijannen leafhawwe. Pylgrom ten Indyck ferkeart hjir ek te Grol. In siik âldman, sûnder heitelân of freon. Mei de bitterens ek út syn hert weinommen wurde.
Doe't ik begûn myn ferhaal op te skriuwen, wist ik sels amper wêrom't ik dat die. Ik koe it net litte. Ik wie dochs jimmer mei it ferline dwaande. Mar oars as no. Myn tinzen kamen altyd wer by ien en itselde telâne, sa't de moardner faak lutsen wurdt nei it plak fan 'e misdied. No moast ik my àlles wer tebinnenbringe. En alles moast yn 'e rige set wurde. Sa haw ik it wer foar myn ynwindich each foarby tsjen litten, as destiids dy pinksterprosessy te Boalsert. Soms haw ik de optocht efkes stilstean litten om my in inkeld byld jitris goed yn it ûnthâld printsje te kinnen. Dat allinne al hat my goed dien.
Mar it is by it opskriuwen fan myn drôvich ferhaal net bleaun. Doe't ik dêrmei klear wie, haw ik it oerlêzen en ik haw mysels rekkenskip jûn fan myn eigen libben.
Doe't ik begûn te skriuwen, miende ik noch, dat God foar elke man ien frou skept. Dat kin net wier wêze. En as it al wier wie, hokfoar minskebern soe it jûn wêze út te meitsjen, wa't dy iene wie? Hy moast mear as in minske-ynsjoch hawwe. Hoe slim kin immen him fersinne. Ik miende earst, dat Anna Dekema it wie. En doe't it oars bliken die, woe ik it net tajaan en har dochs twinge. Dat wie dwaas: in man moat syn ferlies nimme doare.
Neitiid haw ik miend, dat Willemke - of Elbrich neam ik har leaver, want sa hat hja myn langst en myn dream west -, dat hja dy iene wie. Fansels wie ek dat sa net, mar likegoed soe ik noch net witte, hokfoar oare safolle foar my betsjutte kinnen hie.
It kin net sa wêze, dat God foar elke man in frou skept. Mar wol is it sa, dat Hy foar in man ien beskikke kin en dat Er dy iene makket ta syn lot. En wat grutter fan karakter dy iene is, wat stranger is dat lot. Soks is my wjerfearn. Dit lot hat hege easken oan my steld, dêr't ik net oan foldwaan kinnen haw. In minske wurdt wiis mei skea en mei skande en hy moat folle lije om ryp te wurden ta de wiere leafde. It bittere by my is net, dat ik troch leed ryp wurden bin, mar dat ik it sa let pas wurden bin, net earder as