om de sitewaasje te ferarbeidzjen. Doe sei se klear:
‘Jo grutte barmhertichheid is ús bekend, Klaas! Ik hie earst tocht, dat de grytman kaam om de efterstallige belêsting op te easkjen, mar ik sjoch wol: ik haw dit ek alwer oan jo te tankjen. Ik moat der allinnich noch oan wenne, dat jo him sokken freonetsjinst bewiizgje.’
‘Ik bin inkeld mar in ynstrumint fan it heech bewâld. Wy tsjinje him hjoed ta earewacht.’
‘Dat sjoch ik. Jimme passe tige op him.’
‘Hy koe de loflike bedoelingen, dy't it bewâld mei him hat, ris tefolle fan it goede achtsje. Wy moatte him foar himsels beskermje.’
‘Hja hawwe it skoan mei him foar, begryp ik wol.’
‘Grif tige. Om't er sa'n trou tsjinner fan ús hear Kening is, noch trouwer as de Prins fan Oranje ien is, sille hja him foar 't neiste wol ridderslaan wolle... mei de bile, sjoch.’
‘Elk moat lean nei wurken ha. Mei ik jo, Klaas, en jo trawanten, ek wat oanbiede, út tankberheid?’
‘Dat sil de earste kear wurde.’
‘Jo hawwe my ek noch nea sa'n deugd dien. Womk, set de romers ree yn it binhús!’
‘Wurdt hjir noch slûke?’
‘Nee. Allinne, der is in fetsje fan dat nijerwetske guod oanspield. Fan dy brandewyn. Ik woe wol, dat jimme dat ris karden. Of... wolle jimme dêr net foar fan 't hynder?’
‘Dêr wolle wy by alle papen foar bychtsje. Alle sûnden en misdieden.’
‘Dat soe in lang ferhaal wurde.’
‘Wat moatte wy salang mei Syn Edele?’
‘Dy wol ik net by my yn 'e hûs ha!’ sei Willemke foars en skerp; it stie har op it gesicht te lêzen, hoe't se my ferachte.
‘Wacht, hy sil yntiid oan 'e selde stile fêstbûn sitte, dêr't wy him alris earder oan hân ha.’
Wylst hja mei my te wurk wiene, rûn Willemke, it famke oan 'e hân, nei de foarein. Efkes letter stiene hja en Womk boppe yn 'e skuorre.
‘Alles stiet ree, mannen!’