bedragen hat. - Is net safolle oars as oare froulju, woest ha. Dy binne ek neigeaniger as manlju. Moatte tiid ha om ta ferjaan te kommen. Kinst it net byhâlde? Bist ek mar in siel. Nacht, hear! 'k Sjoch dy wol wer ris, ast gjin grêf fynste.
Hiest net tocht, tink, Alef, dat ik hjir sa'n oanspraak hawwe soe op 'e romte. Aardich folk, dy sielen. Begripe jin sa. 't Is hjir alle-gear kunde fan mines. Bliuwt oars ek net folle foar jin oer, as men mei de divel huorke en der in jong fan oerwûn hat.’
‘Wêrom helpst my fuort, Willemke?’
‘Kinst hjir dochs net bliuwe, wol! Bist op 't lêst Sjouke har heit, al hast der nea nei omsjoen.’
‘Ik haw altyd bang west, dat ik ôfstegere wurde soe.’
‘Hast bang fan dyn eigen skaad west. Ik haw dy dochs genôch noege!’
‘Ik haw it niis wol heard, Willemke. Dû hiest gelyk. Ik bin net wur-dich, datst my helpst.’
‘It is ek eigenbelang. Dat silst strak wol merke.’
‘Wêr moatte wy hinne?’
‘Ik nim dy mei ûnder wetter. Dêrfoar bin ik in seemearmin. Dan trouwe wy nochris oer neffens de ûnderseeske wet. It is hjir dochs langer in tizeboel.’
‘Ik bin bang, datst net folle mear oan my ha soest. Ik bin in brutsen man, ek nei it lichem.’
‘Dan wit ik better rie: ik bring dy by de seemuontsen yn 't ûnderseeske kleaster; dat hawwe de wettergeuzen altyd gewurde litten. Dêr silst wol feilich wêze.’
Wy moasten it easten yn, soe ik ta Fryslân út komme. Justjes foar de dage wiene wy te Rinsumageast. Dêr wenne op in stins Saapck Winia. Dy wie widdo fan in Aylva, fan Ulbe Tsjaards. Hja naam ús yn foar in oeremannich. Ik wie oan rêst mear as ta, Willemke faaks ek, mar it wie har net oan te sjen.
Dy deis op 'e Geast frege Willemke, oft de predikant ek komme koe. Hy kaam, Johannes Harmens Klinkbile. Oant foar koarten tiid hie er de mis betsjinne, no preke er yn 'e nije trant dêr yn 'e