| |
| |
| |
XXX
Hoe hie ik sa ûnnoazel wêze kinnen en hoopje, dat de tastannen sa noflik bliuwe soene! Sa'n freedsum kompromis wie útsûndering yn in tiid, dat twa partijen fûl foarinoar oer stiene. Beide woene hja it allinnich te sizzen hawwe. De herfoarmen wiene net tefreden. Hja woene ek iepenbiere earetsjinst en easken tsjerken op foar har learaars. Yn 'e stêden slagge it al gau. Eigentlik wiene hja doe noch net tefreden: hja woene de roomske tsjerke wol oan 'e kant ha. Mar dat kearde de steedhâlder Rennenberg: dy wie sels roomsk. Sa lang as dy hjir regearre, soe it nea te fier ien kant oer gean. Mar soe er it bolwurkje kinne?
It hiet, dat de Kening syn ynfloed yn it suden tige wûn en dat de lânfâd Parma Robles no dochs hast mei in leger nei it noarden stjoere soe. Koene de provinsjes fan 'e Uny fan Utert, koe Rennenberg it hjir dan hâlde? Mar ik sil al wat der yn 'e lêste jierren bard is, net útspinne. Ik bin op 't lêst gjin kronykskriuwer. Ik boude op Rennenberg, want dat wie in middenman, krekt as ik: roomsk, mar net Spaansk. Mar foar sokken wie it gjin tiid. De Roblisten ferspijden him en de steatsken stiene him ek wat langer wat minder. Foar de skyn hâlde er it noch mei Oranje, hiet it, mar ûndertusken wie er fan doel om nei de Kening oer te rinnen.
Faaks hat it in moaie tiid west foar immen, dy't partij wie en striidhaftich. Dat begûn no twa jier lyn, yn it begjin fan tachtich. Rennenberg hâlde ta yn Grinslân en nimmen wist mear, wêr't men mei him oan ta wie. De Steaten fan Fryslân hawwe har neat net noflik field, om't Rennenberg syn mannen de blokhuzen te
| |
| |
Ljouwert, Harns en Starum beset hâlden. As Rennenberg oergyng, dan hiene har fijannen hjir de sterkste plakken yn hannen. Hja hawwe hjir sa lang net wachte en dat wie fan har kant goed besjoen. Doe't de steedhâlder syn siktaris, De Bailly, har yn hannen foel mei papieren by him, dêr't út blykte, dat it spul foar har net mear doogde, hawwe de Steaten tapakt. Hja hawwe soarge, dat se de blokhuzen yn hannen krigen en dy daalk ôfbrekke litten. Feitlik wiene hja doe tsjin 'e steedhâlder yn opstân, mar dy hat him hjir net wer fertoand en de tredde maart hat er te Grins syn masker ôfsmiten.
Ik haw in bult belibbe dat jiers, mar ik wol koart wêze. Ik skriuw net ienris de kronyk fan myn eigen libben, allinnich teken je ik op wat ik yn 'e leafde ûnderfûn haw. It hat in swiere tiid foar my west. As grytman kaam ik foar plichten te stean, dêr't ik my as roomske tsjin fersette moast. En wêr moast ik stean, as it op partijkiezen oankaam? Ik haw it nea sterker field as doe: in reid wie ik, dat fan 'e wyn hinne en wer ruoike waard.
De grytman moast soargje, dat der net stellen en plondere waard út tsjerken en kleasters. Dat wie in plicht, dy't my net tsjin 'e konsjinsje gyng; it frege in man sterker as ik, mar myn bêst haw ik dien. Lykwols, de grytman moast ek soargje, dat de tsjerken suvere waarden fan alles dat ta de roomske ôfgoaderij tsjinne hie, lykas it no hiet; want der soe mar ien religy mear oerbliuwe. Ik paste net mear as grytman ûnder dit nije bewâld. Ik hie it amt út mysels dellizze moatten, mar it siet mei de jildsaken tefolle yn 'e tiis. Ik seach gjin kâns om derút te springen. Ik wie wer fier yn it efter mei it ôfdragen fan 'e belêstingen, en myn snider, Laurens Adams út Ljouwert, die oars neat as ribbeklopjen; hy hie wer yn gjin oardeljier jild sjoen. Myn wynhear Hindrik van Raedt boarge ek net lang mear.
Om dyselde tiid kaam Tsjaard Douwes van Aylva yn Ferwert wer om. Ja, it wie in wylde tiid; de hiele wrâld lei mei de hiele wrâld oerheap. Mar ik hie it gefoel, oft de hiele wrâld tsjin my gearspande. Dat wie fansels net sa, sjoch ik no wol yn, mar sa giet it in man soms, dy't it libben net mear oan kin. Tsjaard Douwes
| |
| |
woe him wer op syn âld stins Meckema nei wenjen sette. Dat wie syn goed rjocht: it wie syn eigen. Mar ik wie ynwindich ferbittere, om't ik ferdreaun waard út dat grutte, stille hûs, dêr't ik my oerjaan koe oan myn eigen tinzen. Wêr fûn ik nij ûntwyk?
Ik ferbylde my, dat ik fan alle kanten skean oansjoen waard. De herfoarmen wiene lilk, dat ik yn 'e measte doarpen de earetsjinst noch by it âlde bliuwe liet, en de roomsken, dat ik net better foar de tsjerke opkaam. Dan wiene der noch guon, dy woene neat leaver as tsjerken en kleasters ferrinneweare: sokken wie it om 'e kostberheden te rêden. Dat wiene de minsten en de nije oerheden joegen strange oarders, dat alle goud en sulver en oare dingen fan waardij by har ynlevere wurde moasten. No stie dêr tichte by Ferwert de abdij Foswert omtrint leech en der wiene in bulte, dy't de hannen der winliken net ôfhâlde koene. Yn it juffersbeslot wennen noch in pear âlde nonnen, oars wie der nimmen oerbleaun. Jongen wiene der net mear; hja soene der ek net feilich west hawwe yn dy rûge tiid. Sa net, hja achten har eigen religieuze steat ek fan nul en gjin wearde mear. Sa'n ynfloed hat de tiid op 'e minske. Hja wiene fuortrûn; de measten trouden mei soldaten. De utersten fine elkoar sokke tiden.
In abt of prior wie der net mear, noch ien inkelde muonts. Dat de earweardige âlde juffers wiene tige bliid, doe't de grytman it ienlike kleaster ta wente naam. Hja hopen sadwaande op in rêstige âlde dei. Sa wie ik noch in wrâldûntflechte kleasterling wurden, ien yn 'e oarder fan it bitter hert.
Lykwols, ek op Foswert bin ik net mei rêst litten. Ik hie, om de sinnen te fersetten, wat buorkerij oanhelle. Alles wie der hjir op klear, de kleasterlingen hiene yn 't foarige ek buorke. It joech my gâns treast en ferdivedaasje yn dy tribuleuze maitiid. It moaiwaar kaam oan en ik fernuvere my yn it apelhôf oan it jonge libben. Ik hie dêr in pear keallen oan it tsjoar. Dat wie in moai gesicht ûnder de earste wite bloei fan 'e apelbeammen. Mar ek dat mocht my net barre. Der wie in bulte te dwaan om it kleastergoed. In hopen rike skevels besochten dat sûnder freegjen nei har te nimmen. Dêrom hiene Deputearren ordonnearre, alles soe foar lege rinte
| |
| |
ferhierd wurde oan de ienfâldige man. Dat wie skoan betocht, mar it kaam my raar fan ûnpas. Hja ferhierden Foswert oan in húsman en leine my hurd op om romte foar him te meitsjen. Ik haw tajûn yn safier dat ik it buorkjen mar wer oerjoech. Yn 'e abdij bin ik te wenjen bleaun. Ik besocht tiid te winnen. Sa min mooglik útfiere wat Deputearren foarskreauwen, want it koe ek sa wer omslaan mei it gesach. Yn junymoanne stjoerde Parma soldate-folk. It hiet earst, Robles stie oan it haad, mar dat wie aldergeloks net sa: in Maarten Schenk út it Gelderske wie oanfierder. Dat gyng mar hurdop. Hja sloegen de steatsken by Hardenberg en ûntsetten Rennenberg, dy't sûnt syn oergong yn 'e stêd Grins belegere waard. Wat woe it wurde? In pear wike letter hiet it, hja teagen op Dokkum ôf. Yn dy tiid ferbylde ik my foar it earst, dat ik siik wie. Ik wol net úthâlde, dat my dat net fan pas kaam. It ûntsloech my fan in hopen wurk, dat yn sa'n tiid fan roerje foar de grytman opkomt. Ik hie bygelyks it manfolk te meunsterjen, dat in wapen tille koe en op myn manear wie ik der net mear ta yn steat. Frjemd, ik fielde my siik en ik wie der foar mysels dochs wis fan, dat ik it my mar ynbylde. De tiid hat wol oars útwizing dien. Mar soms kin ik it noch net fan my ôfsette, dat ik dizze kwaal, dy't my no sloopt, inkeld dêrtroch skipe haw, dat ik siik wêze wóe. It libben hat my leard, dat in minske wil amper alles docht.
It wie doe midsimmer. Julymoanne wie al yn it lân. De abdij Foswert wie my in djoer tahâld wurden. Wurch en ynein as ik my fielde fûn ik rêst yn 'e stille steatlike sealen, dêr't it ljocht sa treastlik foel troch it kleurde glês. Ik dwaalde allinne troch it skadige hôf. Ik toeve yn 'e tún en snúfde de fine geur yn fan mannich frjemdlânske blom en plant en fan 'e fjilden kaam de jimmerswiete hearook; lang net alleman hie de wapens opnommen, der waard drok ûngetide.
By de âlde juffers hie ik my folle tagedienens wûn, dat ûnderfûn ik doe't ik oer sykte klage. De lêste dagen lykwols hiene hja oare tinzen. Ien fan harren, in nonne fan aadlik komôf, bemind fan allegearre om har jimmer lykmoedige freonlikens, lei tige min. Hja wie fier op har dagen en dit soe de ein wurde.
| |
| |
In fredich útein, foarsafier't it stjerren ea fredich wêze kin, fan in lang froed libben.
Sa like it gean te sillen. Mar hommels waard my de boade dien, dat Jan Bonga mei in binde fan 'e Holwerter kant ûnderweis wie; it kleaster soe deroan. Al hoe't ik dertsjinoan seach, ik ried de ferneamde âld-kaptein by de wettergeuzen yn 'e mjitte. Hoe woe dit komme? Hy stie derfoar bekend, dat er net al tefolle moede-raasje hie. En kleasters en har bewenners hiene nea tige by him yn 'e geunst stien. Mei de juffers hie ik der net oer praat, hja soene mar feralterearre wêze sûnder dat it wat joech; it ôfstjerren fan 'e iene suster foel har al swierdernôch.
Oan 'e oare kant Ferwert, op 'e Heskampen, seach ik de earste kriichsfeinten. Hja hâlden har piken yn 'e hichte om my te kearen. Ik woe se foarby.
‘Binne jimme folk fan 'e kaptein Bonga?’
‘Ja!’
‘Wêr is jimme kommandant? Ik moat him sprekke.’
‘Hy is der net. Sil strak wol komme.’
Ik woe trochride.
‘Wy meie nimmen trochlitte.’
‘Gekheid. Ik bin hjir de grytman.’
‘Dan moat de luitenant earst komme.’ Der gearre in kliberke omhinne. Guon gnysken. ‘Lit him net troch, mannen! Dit kin moai wurde,’ en mear fan soks hearde ik guon sizzen. ‘Dit is dy grytman. Wêr is de luitenant? Wy wolle sjen, oft er noch safolle te keap hat.’
In oarenien: ‘Hy hat it spraakwetter al ynnommen!’
Wer laken guon lûd.
‘Ik moat kaptein Bonga sels ha. Lit my troch!’ Hja wieken amper efterút, doe't myn hynder de foarein omheech smiet. De piken hâlden guon foarút.
‘Men hat it ek altyd slimmer mei de niten as mei de luzen,’ biet ik derút, mar it hie oars gjin útwurking as in nij gehuil.
‘Dizze nyt hat mynhear teminsten alris omraak stutsen,’ hearde ik immen efter my sizzen. Ik draaide my heal om yn 't seal - dy stim koe ik en ik waard deadlike kjel.
| |
| |
‘Mynhear sil der wol net sa wiis mei wêze, dat Klaas noch altyd yn wêzen is.’
‘Lit my troch! Ik moat fierder. - Wêr is de kaptein Bonga?’ frege ik jitris de feinten.
‘Mynhear is alwer net op myn selskip begien.’
‘Nee, jo stjonke my tefolle nei brandewyn.’ Klaas wie noch folle ôfstjittender wurden as destiids. Doe hie it in sûne sterke keardel west. Neitiid hie er grif in woast libben lein, hy seach der alhiel ferliderlike út. Ik walge fan syn bluodderige eagen en syn drankazem, doe't er ticht tsjin my oankrong.
‘Ja, ja, mynhear is te foarnaam foar de lucht fan in gemiene soldatedrank. Mannen, dit is dy edele hear, dêr't ik jimme fan ferteld ha.’ Guon húnden, oaren laken.
‘Dizze mynhear syn nestke sille wy ferbalje. Ja, ja, grytman-salang-as't-duorret, dêrfoar binne wy kommen. Ik haw yn in kleaster wenne, jo hawwe yn ien wenne; ik yn ien sûnder juffers, jo yn ien mei juffers, dat is it ferskil’ (hy hie de gnizers wer op 'e hân), ‘mar jo knyntsjedagen binne om, dêr kinne jo mar steat op meitsje!’ ‘Dêr hawwe jo dochs neat oer te sizzen! Foar 't lêst, lit my troch!’ ‘Salang't de hopman Bonga der net is, bin ik hjir baas. Ik hoech nimmen troch te litten, dy't my fertocht foarkomt.’ Hja krongen fan alle kanten op. Myn hynder waard wer skoftich en dêr makken hja gebrûk fan.
‘Hy wol der útnaaie. Fan 't hynder, dy ferrieder!’
Hja lichten my út it seal en ûntsetten my it hynder. As in finzene namen se my mei. Sa gyng it Ferwert yn. Ear't wy de buorren troch wiene, helle ús in man op 't hynder yn. Hja bewiisden him in krom earbied en ik begriep, dit wie de Holwerter âld-grytman Jan Bonga.
Ik sette op him ta en protestearre tsjin de behanneling, dy't my as grytman oandien waard.
‘Wat moat dit?’ frege de hopman koart. It hearde dof en net foars. Klaas begûn bretaal oer my út te pakken. In papist wie ik, dy't it mei Spanje hâlde. In spion hie ik destiids west, sa en sa. Mar Bonga skodholle inkeld.
| |
| |
‘Alde histoarjes. Neat mei te meitsjen. Wy hawwe gjin oarder om wat tsjin 'e grytman te ûndernimmen.’
It joech neat, hoe't Klaas dertsjinyn lei, Jan Bonga wonk wurch mei de hân ôf. Krekt as wie syn frijpostige rotmaster him lestich. ‘Wy moatte nei it kleaster,’ sei er der koart efteroan.
Doe spriek ik him wer oan en fersocht him, dit kostb're gebou net te ferrinnewearjen. Wat hie dat foar nut? Hy seach my wat ferheard oan, min ofte mear wantrouwich. Klaas foel der wer tusken. Hy woe nochris warskôgje. Iksels hâlde yn it kleaster ta. It gefaar... Bonga liet him wer net útprate. Tsjin my sei er, it wie opdracht. Fan Merode, de nije luitenant fan 'e Prins fan Oranje.
Doe frege ik noch, oft it salang net wachtsje koe, oant de âlde juffer dy't yn 't lêste toevjen lei, it oerjûn hie. Hy skodholle. It dreau: de fijân sette op Dokkum ta. As dy noch fierder dit oer slagge, wie it kleaster in gaadlik plak om him deryn te nesteljen. Hy kearde him om, Klaas gniisde my út. Bonga sette de foet yn 'e stiichbûgel, mar it wie krekt as kaam him wat yn 't sin. Hy bleau sa stean en frege nei de namme fan 'e juffer.
Ik neamde dy.
Efkes betocht er him. De holle wat foaroer, de rêch krom, like er wurch en âld. It foel my op, hoe min hy derút seach. It wie suver, oft de dea him efter de holle eagen stie. Hy is de hjerstmis ek al ferstoarn. Hy frege jitris, oft it gau ôfrinne soe mei de non. Ik befestige dat. ‘Dan bliuwe wy hjir salang yn Ferwert,’ sei er. Mar lit de kleasterklokken liede, sadree't hja wei is. En hja moat daalk ûnder ierde.’
Dyselde middeis jitte letten yn 't kleaster de klokken. Daalk waard der in grêf dold, de deade beklaaid en yn 'e kiste lein. Jit ienkear waard der in deademis yn 'e kleasterkapelle opdroegen. Foar it lêst letten de klokken, doe wy har te hôf brochten, dy't de fal fan 'e abdij net mear belibbe hie. Wylst wy de lêste omgong om it kleastertsjerkhôf diene, kaam Jan Bonga mei syn kriichsfeinten. Hy hie salang tiid dien, om't it syn folle nicht wie, dy't de deastriid stried.
Earst waarden de klokken derút helle. Dat gyng al net mijen.
| |
| |
Hja waarden sa nei ûnderen keild. In jûchhei gyng op as der wer ien te barsten foel. Der moasten kanonnen fan getten wurde. It folk wie net mear te hâlden. Hja woene plonderje, ear't it op in brekken en baarnen gyng. Ik woe der net by wêze, dat dit myn honk, dit oerbliuwsel fan it âlde dêr't ik oan hong, folslein ferneatige waard.
|
|