famyljelid fan my, Tsjaard Douwes van Aylva. Dy ferkearde doe te Ljouwert en wie bliid ta, dat ik de stins foar him yn oarder halde. Ik naam in pear fan 'e stinsfeinten mei en liende der noch in pear by fan 'e oare staten. It túgde frjemd byinoar, de iene mei in stoarmhoed, de oare mei in foech ringkrage, in pear mei in spyts, oaren mei it grut slachswurd, mar allegear heech te pearde.
Wy rieden mei sin in ein boppe op 'e seedyk, dat bylket altyd ûntsettend. Dêrnei setten wy it grien op bûtendyks, dat dêr in hiele breedte beslacht. De stoarm hie it wetter gâns in ein opjage, mar it wie ek alwer in stik fallen, lykas de moed útwiisde. Minsken troffen wy net, de skrik gyng foarop. In gesicht foar ús skrepten noch guon nei de dyk ta. Wy einden net hurd mear, der wie tefolle oanspield, dat wy earst eksaminearje moasten. Neat gjin wûnder, dat it geafolk net te hâlden wie.
Sa kamen wy op it Noarderleech. Dêr wiisde ien fan 'e feinten yn 'e fierte. Foar ús, tusken floedstreek en wetter, wie noch folk warber. Wy setten de hynders oan, út 'en draaf kamen wy tichterby. Mei gauwens koene wy al ûnderskiede, wat der geande wie. Der wie in wein mei twa hynders derfoar. In stikmannich minsken sloegen derby om. It wie klear te sjen, dat hja bût fandelen en op 'e wein laden. Dit wie in bretaal stik. It wie net oan te nimmen, dat hja ús net sjoen hiene. Myn mannen hâlden de wapens al ree. Mei folk, dat der sa'n bytsje om joech, koe wolris fochten wurde moatte. Wy hiene de oerhân; wy telden by harren mar fjouwer man.
‘Hja kinne allegear wol op in hynder, as se wolle,’ sei immen fan ús. Bûten de twa hynders foar de wein wiene der noch twa oaren.
‘Ferdeald, der koene wol froulju by wêze,’ rôp in oarenien.
‘Wrychtich, ien derfan giet al op 't hynder. Wy moatte mei froulju yn 'e slach!’
De feinten laken.
‘Spitich, dat der foar ús elk net ien is.’
My lykwols sloech it hert yn 'e kiel. Ik seach it frommes op it hynder. Op in wyt hynder. Hja liet it bist in pear stappen by de wein wei dwaan. Doe bleau hja stean. Rjocht siet hja yn it seal. Wy wiene sa tichteby kommen, dat ik koe har stal dúdlik ûnderskiede.