| |
| |
| |
XXVIII
Myn pinne wegeret om de jierren te beskriuwen, dy't hjirnei folgen. Net om't sokke freeslike dingen bard binne. Wie der mar mear bard! Miskien hie my dat libben hâlden. Ik hie nije beslissingen nimme moatten, moolk wie alles yn my dan net stadich ferstive en ferkoarste. Ik hie dan faaks fjochtsje moatten, it hie my miskien it libben koste. Mar it hie sa te sizzen in libbene dea west. Wat ik no hân haw wie in dea libben.
Wat is de minske in dwaas skepsel. Hy lit eat, om't er bang is foar de gefolgen. Mar it net-dwaan hat noch folle slimmer gefolgen. Ynwindige. De flecht foar de útwindige gefolgen betsjut de ynwindige dea. Ik hie de opdracht fan Robles net oannimme moatten; ik hie it foar Willemke net ferswije moatten; ik hie net ferswije moatten, dat men gjin geheim houlik mear slute koe. De minske, dy't de moed net hat om op 'e tiid te sizzen wat sein wurde moat, kin ek net wier leafhawwe. Ik haw ek de wiere leafde net hân. Mar dochs, sûnder Willemke hie it libben syn ljocht en syn glâns ek ferlern.
Wa't syn libben behâlde wol, dy sil it ferlieze. Dat jildt ek hjir. Ik hie Willemke wer opsykje moatten. Ik hie ta har komme moatten sa't ik wie, mei al myn lek en brek. Ik hie my bleatjaan moatten. Ik hie yn it iepen fjild mei har stride moatten om har ferachting en har ôfstegering te oerwinnen. Ynpleats dêrfan haw ik my opsletten yn mysels. Ik hie de moed net om nei har ta. Ik wie bang, dat ik te slim wûne wurde soe. No haw ik likegoed, ja folle swierder lit ûnder har ferachting, sa't ik mysels ynbylde, dat hja my ferachte.
| |
| |
En it wroegjen kaam derby om wat ik har oandien hie en de noed om ús bern, sûnder dat ik kaam ta de striid om myn part yn 'e ferantwurdlikens derfoar te feroverjen. Luther moat ris sein hawwe, dat berou in lust, in blydskip is, om't alle skuld fan jin ôffalt en men alles tenei better dwaan wol. Luther wie de grutste ketter, seit de tsjerke, mar dan hat er teminsten ien wier wurd sprutsen. Mar ik haw al dy jierren net witten wat berou wie. Freeslik dat ik soks pas ynsjoch, no 't it te let is.
It soe in ientoanich ferhaal wurde, as ik alles wiidweidich beskriuwe soe, wat ik fierder belibbe haw. Libben hat der net yn sitten. Ik haw my skowe litten as in pion op it skaakboerd. Alderminst haw ik it oan mysels te tankjen han, dat ik lang om let dochs noch grytman wurden bin. Ik haw der gjin wurk wer fan makke. Robles haw ik sûnt mijd; ik hie dochs ek gjin kâns mear by him hân, en ik hate him ek.
Mar it leit net altyd oan in minske sels, as er eat berikt. Stadichoan feroare de politike sitewaasje. It keninklik regear stelde de dingen net mear sa skerp: it seach wol yn, dat soks him op 'en doer besnijde. Robles hie it drokker mei dykjen as mei fjochtsjen en hjitfolgjen. De lânfâd Requesens kundige in algemien pardon ôf en sadwaande kamen der ek al guon werom fan 'e ballingen, dy't it destiids tsjin Alva of syn steedhâlders yn 'e kant set hiene. Yn Ferwerderadiel feroare neat. Pylgrom ten Indyck rûpele jit altyd it folk. Der wie neat oan te dwaan. Robles en it Hôf wisten it wol, mar hja lieten it gewurde. Hy wie tige op har hân.
It jiers fan seisensantich barden der lykwols frjemde dingen. Requesens ferstoar, en syn Spaanske soldaten, dy't al yn gjin tiden soldij sjoen hiene, soargen te Antwerpen, dat se de bût op in oare manear binnenkrigen. It gyng sa mâl dêr yn it suden, dat elk woe graach dy ferflokte Spanjoalen ta it lân út hawwe, de roomsken ek likegoed as de oaren. Hja binne it te Gent iens wurden. Dat neamden hja de pasifikaasje. Robles seach it swurk driuwen en die alle war, de oansluting fan syn gewesten te kearen. Mar de steaten fan it nije bûn stjoerden hjir immen hinne, Stella hiet er, dy wie him te glêd ôf. Ja, dy krige it safier, dat Robles' eigen soldaten,
| |
| |
dy't ek noch altyd op har soldij wachten, reboelje makken en him en syn hoplju te Grins finzen namen.
No't ik derefter stean, tink ik: dat wie oars in moaie tiid! De Friezen wiene it iens. Roomsk of fan 'e nije leare, allegearre woene se dy lânopfretters graach kwyt. Elk hie it mier oan dat frjemde kriichsfolk en ek oan al dy frjemde hearen, dy't yn it Hôf en oeral yn sieten en dêr't it lân mar slompen jild foar opbringe moast. Dit wie wat oars as de geuzerije en de nije religy yn Hollân en Seelân. As dit slagge, koe der ek in tiidrek fan frede en feiligens oanbrekke. Dan hoegden de wettergeuzen hjir nea mear oan te fallen. No hie de hiele seekant der noch ûnder te lijen. Dy ferwoasteling fan in Barthold Entens hie him datselde jiers noch in set yn in skâns by Eastmahoarne ophâlden, mar hy hie it tsjin Robles net bolwurkje kinnen.
De striid om 'e godstsjinst soe in ein oan komme. Elk soe sels útmeitsje meie, oft er roomsk of kettersk wêze woe.
Presiis sa is it net allegear kommen. Sa'n lân sûnder striid hie wat west foar in moedeleas man as ik. De Steaten koene it by de earste Uny fan Brussel yn jannewaris sânensantich net earlik lykfine oer de godstsjinst. Sadwaande kaam der gjin twadderlei godstsjinst, alteast net yn it iepenbier. Hollân en Seelân, dêr't de nije leare foar master opsloech, woene dêrom net meidwaan. Fryslân hie him tenearsten noch net rjocht oanslute wollen by dit nije bûn, dochs hie de Generale Uny hjir yn 't lêst fan seisensantich mar foarfêst in soarte fan kommissaris hinne stjoerd. Dat wie in jong ealman út it suden, George fan Lalaing, dy't meast nei syn greefskip Rennenberg neamd wurdt. Dy krige it safier, dat it hiele noarden him oansleat en hysels is dêr neitiid steedhâlder oer wurden.
De maitiids fan sânensantich sleaten de algemiene Steaten mei de nije lânfâd Don Juan in Ivich Edikt. Dy die doe noch tige syn bêst om it mei de lannen te roaien. Hy hat it al ridlik gau neitiid te Namen bedoarn en ivich hat net mâle lang duorre. Dat is wol mear sa tusken hege potentaten. By dat Edikt kamen hja ek oerien, dat se oer en wer de finzenen útwikselje soene. Allinne
| |
| |
Robles dy waard net útwiksele. De Steaten-Generaal hâlden him op fersiik fan 'e Steaten fan Fryslân en Grinzerlân fêst, om't er earst noch rekkenskip dwaan moast fan it jild, dat er sûnder har goedkarring foardere hie. Sa kamen syn dieden him dochs nochris wer thús.
En no is it hast oan mysels ta. Sadree't Robles syn ryk út wie, krigen de Ferwerderadielsters nije moed. Einlings en te lêsten soene hja Ten Indyck wippe kinne. Hja besochten it by Rennenberg, sadree't er hjir yn 't lân wie. Dy wie lykwols tige foarsichtich tenearsten - it hat altyd in wifkjend man west. Hy woe him daalk net tefolle mei sokke kwestjes fan ynwindich bestjoer bemuoie. Mar de gritenijfolmachten joegen fuort gjin belies. Hja spanden de Deputearre Steaten derfoar en yn maart kaam it safier, dat de greve heal tajoech. Lykwols Ten Indyck wie noch altyd taai, hy koe moai prate en spardele tsjin safolle as er koe. De hiele simmer hong dat sa om. Rennenberg wie yn 't begjin fan july nei 't suden tein en kaam daalk net werom. De gritenijfolmachten woene trochsette, mar wat koene se begjinne? It heechste gesach wie it Hôf.
Wat woe it wurde? Yn 't suden barde safolle, men koe der amper each op hâlde. De Algemiene Steaten hiene nei lang hantsjebakken Don Juan as lânfâd erkend. Mar it heakke al gau wer. Don Juan tocht him benaud en naam by oerrompeling it kastiel fan Namen. Dy dwaasheid is him djoer te stean kommen. Wy hearden al gau, dat de Steaten in nije gouverneur-generaal foar him oer setten, de jonge aartshartoch Matthias fan Eastenryk. Wa soe de sterkste wêze? Wy wisten it hjir yn Fryslân net. Dêrom, der gyngen allerhanne geroften. Robles soe wer frijkommen wêze en him ree meitsje om it noarden foar Don Juan werom te feroverjen. Hy hie syn oanhang hjirre. De biskop Cunerus Petri, it Hôf, syn kreatueren fan grytmannen. Hja fierden alwer in steil wurd. Pylgrom ten Indyck seach ek wer ljocht. Oaren woene hawwe, Robles siet noch altyd finzen te Mechelen. Men krige der gjin hichte fan. Mar hoe woe it komme, as er hjir sikerwier hinnesette? Syn setbazen hiene de blokhuzen noch yn hannen. Wêrom hie Rennenberg dêr ek gjin ein oan makke? Hy hie dy hiele blokhuzen wol ôfbrekke litte
| |
| |
kinnen, lykas de Friezen wold hiene. Aldergeloks fleach it net sa hurd mei Robles syn plannen. Yn septimber kaam Rennenberg werom. Daalk stiene dy fan Ferwerderadiel him wer fûl oan om Ten Indyck ôf te setten. De steedhâlder lykwols koe net út 'e rie komme. Ik haw him neitiid wol moete; ik kin it my wol yntinke. It wie in man, dy't min partij kieze koe. Hy hat de Spaansksinnigen hjir leaver net ôfstjitte wollen, kin men no efternei wol begripe. Mar de Ferwerderadielsters wiene sa opsternaat, dat hja drigen mei reboelje. Doe hat Rennenberg belies jûn. Sa is Ten Indyck dan dochs noch oan 'e kant rekke en de 17e oktober fan it jier sânensantich bin ik dan lang om let grytman yn funksje wurden. Foppe Gabbesz, de trawant fan myn tsjoede foargonger, is der fansels ek útflein. Myn nije siktaris wie Rienk Willems fan Hallum. Dy hie ik te Heidelberg as studint al kennen leard. Ik haw in goede help oan him hân. Pylgrom ten Indyck woe it noch net leauwe. Hy berôp him op it sintrale regear, mar diskear wie it om 'e nocht.
Sa bin ik troch de omstannichheden yn it amt skood. Op himsels wie myn posysje net ûnoflik ynearsten. De nije bewâldslju wiene gâns ûnroomsken by. Benammen yn 'e stêden, dêr't de wet al gau neitiid ferset waard, lykas dat hiet, kamen gâns fan 'e nije leare oan 't bewâld en de nije grytmannen wiene ek net folle roomsken by, of oars sokken as Erasmus Douma fan Langwar. Dy hie as balling it lân út west, om't er oan 'e opstân fan twaensantich meidien hie. In hiel oar man as ik. Stadich hawwe de kalvinisten mear macht oanhelle. Rennenberg wie roomsk en kearde dat faak op. De Steaten hiene gâns te sizzen, foar in part wiene se kalvinist. De iepenbiere religy wie noch de roomske, mar aldergeloks wie der gjin sprake mear fan, dat de hân jit hâlden waard oan 'e âlde religyfoarskriften tsjin 'e nije leare; nimmen waard omkromte om syn leauwe bylein. It hat faaks in gelok foar my west, dat de leden fan it Hôf fan Fryslân troch de measten mei in skalk each oansjoen waarden. Hja hiene it my oars licht noch folle lestiger makke as no. Want ik wol wol wêze, dat ik yn folle ding tekoart sketten bin, net it minst yn jildsaken. Mar hja soene my
| |
| |
neat leare, salang it net oer de hege skuon gyng. Har dagen soene wol teld wêze, as Robles net weromkaam. It oare jiers al binne de Roblisten der útset en sûnt hie it Hôf net folle mear yn te bringen. Wat ûngeliker hja tochten yn it heechste bewâld, wat mear hja my gewurde lieten. Hie ik mear nocht hân oan it libben, dan hie ik my der bêst trochhinne slein. Foar it folk wie it effen fleuriger tiid as foarhinne: kriich en plondering waarden wy foar bewarre; ek út see wankte gjin gefaar.
Sil in man syn wurk goed dwaan, dan moat er him alhiel jaan. Mar hy kin him oars net goed jaan, of hy moat derby wêze mei syn hiele siele en syn hiele geast. My lykwols gyng alles net genôch mear oan. It wie my amper de muoite wurdich om my earne foar yn te spannen. Ik wist wol en wie oertsjûge, dat myn dingen dien wurde moasten. Ik die se ek wol, mar soms wie it my suver, as hannele in oarenien as ik en as wie iksels taskôger. Hie ik in tsjinstuit, it makke wy wol fertrietlik, mar it skerpe my net sa op, dat it my net wer oerkaam. Hie ik it gelok mei, ik fielde amper wat it betsjutte. Hoe'n ferskeel mei doe't ik in jonge wie, haw ik wolris tocht! Wat koe ik doe ynbliid wêze mei in fertúntsje!
Wat ik, nei't mysels foarkomt, noch it bêste dien haw, wie de rjochtspraak. Ik wist te goed, hoe gau't in minske skuldich wurde kin, om al te strang te oardieljen. Mar dat wie skealik foar mysels: de boeten, dêr't de grytman de helte fan hâlde mei, hawwe my safolle net opbrocht as Ten Indyck, wylst it Hôf nea leauwe woe, dat de rjochtspraak fan it diel net mear opsmiet.
Ja, de jildsaken. Dy hawwe my altiten pleage en my it grytmanskip slim fergalle. Ik hie te soargjen, dat de belêstingen ynfoardere waarden. Wat haw ik dêr wat mei te stellen hân! Mei de jiertaks en de omslaggen en de achtste penje. Dat begûn al mei myn doarpsrjochters, dy't it ophelje moasten en soms sleau wiene, mar noch faker ynklauwerich. Mar meastentiids hat it oan mysels lein, as ik mei it heger bewâld yn tsjok waar rekke. It hat der by my altiten om spand, it jild op 'e tiid ôf te dragen. Ik hie it faak net allegear mear, as it safier wie. Myn snider hie it soms al bard of myn wynhanneler. Ienkear hawwe hja my yn 'e gizeling
| |
| |
hân, om't ik fier oer de tiid wie en dêr bin ik noch mei lijen útsprongen. In oare kear haw ik myn pleats Syboltsma te Wytmarsum derom ferkoft. In toanbyld as grytman haw ik net west. By it folk stie ik lykwols net sa min oanskreaun. Hja hiene it ek gau better as ûnder Ten Indyck. Ik wie mear bemind om wat ik liet as om wat ik die. Mar sa giet it faak yn 'e wrâld. It slimste dat hja op my te sizzen hiene, wie, dat net elkenien op 'e tiid sines fan my krige, oft it no wie, dat ik in rydhynder fan him koft hie of in pear nije learzens.
Miskien hie ik sa de ein krige, in man dy't op it beskiedende stuit tekoart sketten, foar syn lot op 'e flecht gongen is en dy't it libben fierder net earlik mear oan kin. Miskien, sis ik, hie ik sa de ein besyld, in iensum man, dy't gauris treast en ferjitnis socht yn syn wynkelder en dy't syn plak net fierder skjinmakke as nedich wie om der te bliuwen. Mar neat is bestindich, alderminst in wankel evenwicht fan politike en godstsjinstige krêften en machten. En ik bin nochris in heinebal wurden tusken de partijen.
|
|