it hiele wurk. Oarder en tucht wie der rûnom. En dat wie goed, oars wie it mei sa'n grut kerwei glêd yn trewyn rûn. It makke ús, kapteins, it wurk in ein lichter. Ik haw my der ridlik goed trochslein. Ik hie in baas opsichter nêst my, dy't fan dykjen wol it ien en 't oar ôfwiste. Likegoed hie ik my op te skerpjen en in man út te meitsjen.
Sa gyng it mei drokte en rûzigens nei de langste dei ta. It lân wie àl griener wurden en it waad àl blinkender. De blommen hiene bloeid en it gers wier lang wurden. Ik hie it amper achtslein, safolle hie ik oars oan 'e holle. Mar nachts kaam ik soms ta mysels. Dan hearde ik it heaze kriezen fan 'e seefûgels efterdiken, mar ek it swiet-mankelike roppen fan 'e ljippen yn it fjild.
De boeren hiene al in foarlik stikje lân meand; op in nacht kaam de rook fan 'e sweeën by my en doe koe ik it net mear hurde. Ik seale myn hynder en ried op nei it Bildt. Ik tocht der amper by nei, wêr't ik ried, mar op in stuit murk ik, dat ik op it grien bûtendyks wie. Ik moast earne wêze, dêr't ik mei Klaas, my doe noch ûnbekend, en mei de hûn fochten hie. It wie in ljochte nacht, it dauwe ek noch net, men koe ridlik fier sjen, mar oksen of hokkelingen rûnen hjir net. Ik kaam wer foar de útmûning fan 'e Leie; wer stie der gjin wetter, it hynder baaide mei gemak troch it soal. Ik ried no mear noardoan. Wat my hjirhinne dreau, wist ik net.
Wat soe my hjir moetsje yn sokken kleare nacht? Gjin dealjochten en gjin geasten fan drinkeldeaden, ek gjin Wylde Willemke, dy't as hekse of seemearmin oer dizze ienlike flakten tusken see en lân doarme.
It ljocht dôve net oan 'e kym. It gong om troch it noarden, in grut ljocht plak. It joech syn ûnwerklike skyn oan in pear wolkjes, sokke sillige eilannen, paradizen, dêr't Folkert, de fiskerman, langst nei hie.
Ik kearde my om nei it tsjustere suden. De oarde, dêr't ik it lok fûn hie, noch gjin jier lyn, lei tichteby, mar dochs ûnberikber. Lang haw ik toeve dêr op it Noarderleech, oant de sinne ûnder de kimen my moanne om nei hûs. En ear't it begûn te krioelen yn 'e grutte bijekoer fan it dykwurk, wie ik wer teplak.
Koartdêrnei kaam der swierwaar. It wie yn 'e foarnacht. It