‘Dû hast my ommers bedragen.’
‘Ik wol it ommers goedmeitsje. Ast echt mei my trouste...’
‘Ik bin echt mei dy troud.’
‘Goed, ik wol ek sa wol by dy bliuwe.’
‘Dêr hast gjin rjocht op.’
‘Ast echt mei my troud bist.’
‘Ja, ik mei dy. Mar dû net mei my. Tochtst, dat ik dy by my taliet!’
‘Dêrom is it better, dat wy in wettich houlik slute.’
‘Ik sei ommers, ik achtsje my, wat my oangiet, troud.’
‘Sa komme wy nea fierder.’
‘Der is gjin fierder.’
‘It libben giet fierder. As it bern komt...’
‘Dêr hastû gjin rjocht op.’
‘Jou my der dan rjocht op.’
‘Ik kin net. Ik soe dy net neist my ferdrage. It is better, datst fuortgieste.’