| |
| |
| |
XXIV
As Klaas net meiholpen hie om sok praat op 'en baan te bringen, dan wie it oars ek noch alhiel gjin wûnder, dat it ferhaal yn 'e wrâld kommen wie, Willemke en de divel ride nachts tegearre oer it fjild mei in gefolch by har. Sa tocht ik dy nachts, doe't it stilswijend op nei it waad gyng. Immen hoegde de stoet mar ris sjoen te hawwen op sa'n nacht. Stiif fan kjellens soe er stean. Dit doogde net, dit doogde net! Wa wit, hoe faak hja sa al net fan immen sjoen wiene, mar dy hie him net ferwege doarst yn syn skûlplak. Hy hie der amper nei sjen doarst, mar yn 't tsjuster hie it him dochs talike, dit wie dy faam fan 'e ienlike pleats by de Kapershoek. En wa soene der mear mei har ride yn 'e nacht as de bare divel en syn trawanten! Gjin wurd hie sa'nien opheine kinnen, hy hie leauwe kinnen, dat it in optocht fan skimen, fan deaden, fan spoeken west hie, ûnwerklik, as er net sels it doffe lûd heard hie, dat de hynstehoeven oan 'e droege grûn makken, of it sûgen yn 'e kliemske klaai.
De weinen rieden mei de legen yn safier't der in weinpaad rûn. Iggele en Womk gyngen op 'e hynders mei fierder oer it grien. Hynsteprinten soene hjir letter by dei gjin kwea meie. Der waard hjir safolle te pearde riden bûtendiken. Feehoeders en bûtsikers, alleman kaam hjir op 't hynder. In pear behindige sinjalen mei in lantearne en de moeting mei de skipper wie klear. ‘Dealjochten’, hie pater Sjaard ha wollen. Dêr lei it snikje yn 'e nacht, mei syn skerpe snebbe foarút.
Mei de hynders kinne wy der maklik oan ta komme. Ik freegje
| |
| |
Hartman, oft er tsjin 'e fisker sizze wol, dat er gerêst wer thúskomme kin. Ik haw him net ferret, nimmen wit der eat fan. Ik sjoch Folkert omstoaterjen op it dek; hy ken yn my de spylman net werom. Hartman hat mear mei him te bepraten. En te ferhanneljen? De fiskerman hat ek ien en oar fan him yn ûntfangst te nimmen. Kostberheden? Ik sjoch alles net sa lyk. Soe de slûkerswaar (foar 't neiste waar, dy't de geuzen ek kaapt hiene) betelle wurde moatte mei rôf?
Ik hie net folle tiid om deroer te prakkesearjen. Allegearre, ik likegoed as de oaren, moasten meihelpe om it guod oer te bringen nei de weinen. Womk en Iggele rieden dermei fuort; Hartman, Willemke, Klaas, Eade en ik rieden fiifresom jitris nei it snikje en hellen foar it lêst nochris it ien en it oare op, fan it kostberste, dat wy sa wol meinimme koene.
De weromreis waard der wer amper in wurd wiksele. Ik woe it derop oanlizze, dat ik nêst Willemke kaam te riden. As wy wat efterbleauwen, soe ik mei har prate kinne; sizze, wêrom't ik hjir wer hinne kommen wie; dat ik har itselde fertelle wollen hie wat no sa ûngelokkich oan it ljocht kommen wie. It slagge my net. Oft hja it mei opsetsin mijde, wit ik net. Yn alle gefallen, hja hâlde har ticht by de oaren.
It wie goed, dat it hjir sa'n ferlitten oarde wie. It soe al tafallich wêze, as men hjir immen moete yn it holst fan 'e nacht. In gelok, dat de oaren better paadwiis binne as ik, tocht ik by mysels. Ik wie derôf, wêr't wy rieden, en ear't ik derop fertocht wie, wiene wy teplak, net by de pleats, mar foar... de kleasterpoarte. De weinen mei guod wiene al krekt earder oankommen. Klaas hie de kaai.
‘Wêr is pater Sjaard bleaun?’ hie Willemke niis frege. Foartiid hie ik miend, dat Klaas de muonts sels west hie. Neitiid tocht ik, soe Klaas de âldman fan kant makke hawwe? Ik wie dermei ôf. Mar doe't alle waar goed yn it kleaster opburgen wie - in prachtich plak; gjin tsjinner fan 'e oerheid soe soks hjir sykje -, doe't Iggele en Womk wer mei de lege weinen fuortriden wiene en wy de hynders yn 'e kleasterstâl set hiene, begûn ik der mear fan te begripen.
| |
| |
Klaas hie it muontsehabyt wer oantein, oer alles hinne. ‘Foar de smoutichheid,’ nei't er sei. Hy bearde wer, dat er in âldman wie, mar hy oerdreau om it bespotlik te meitsjen. Ik wist no lykwols sekuer, dat dit myn wûndere gasthear wie fan okkerwyks. Willemke hie mei har frage op in moard doeld. Der moast dus in oare, echte, pater Sjaard west hawwe. Licht hie dy hjir allinne wenne en hie Klaas sa te sizzen syn stal oannommen, nei't er... Dat Willemke in ôfgriis fan sa'n frijer hie, koe ik my yntinke.
De tafel stie ree yn it refter. Foar fjouwer persoanen dan, mar dat wie gau ferholpen. Dit hiene hja oare kearen ek sa, begriep ik wol. Hja rekkenen tagelyk mei-inoar. Dit soe de útsetter wol wêze, ornearre Klaas. Foar dy hjerst hie dit de lêste kear west; de skippen gyngen yn 'e winterlaach. Dit nêst hjir soe wol ferballe wurde de oare maitiids. It kapittel woe, dat de kleastergebouwen wer bewenne waarden. Ja, gjin konvintualen wer, hja woene húshâldingen yn 'e poarte en yn 'e abdij wenje litte; der wiene no al gadingmakkers: Jeppe Hessels, Rienk Martens, Eade en Willemke wisten wol, en noch mear, dy't sadwaande better went krigen. Hja koene it spul hjir moai mei ûnderhâlde sûnder dat it it kapittel jild koste.
‘Dan kin it my hjir wolris te waarm wurde,’ tocht Klaas. Hy woe foartiid mar in oar hinnekommen sykje. Hja koene it kleaster earst noch wolris mei-inoar besjen, sei er tsjin 'e oaren. Der wie hjir en dêr noch wol wat te finen, goedernôch om ferhannele te wurden. Dizze skinkkannen bygelyks, de drinkhoarnen en it tafelsulver en sa wie der wol mear.
‘Boppedat, neat mear, dat my hjir langer bynt; ik miende altyd, dat it ta myn plichten hearde, om de foarstinne fan 'e Kapershoek by te stean as har tesauriër-generaal. Mar dat sil no net mear hoege: hja hat no ommers in gemaal.’
Dat lêste wurd kaam der sa spotsk út, dat ik my neat net noflik mear fielde.
Nimmen hie in fleurich sin nei alles, wat der dy jûns foarfallen wie. Allinne mei Hartman Gauma skeelde it net safolle. It wiene op 't lêst foar him gjin persoanlike saken. Willemke sei amper in
| |
| |
wurd; ûnferskillich hie se it jild dat har en Iggele en Womk takaam by har stutsen. Hartman tocht, it koe wol wat geselliger:
‘No komt it my yn 't sin, datst my ris sa'n prachtich ferhaal dien hast fan dy faam, dyst te Boalsert moete hiest. Hoe wie it mar wer? Ik frege dy noch: “Hiet se Willemke?”Wat seiste doe ek hast mar wer?’
Mar ik antwurde net dalik. Ik hie de moed net en neam hjir de namme, dy't foar Willemke al dat moaie oproppe moast, dêr't jûn al safolle fan bedoarn wie en dat - wa wit? - op syn slimst alhiel te lider gyng.
‘De gemaal hat bytiden net in bêst ûnthâld. Mei ik ris riede, hoe't de namme wie? Hiet hja faaks Elbrich?’
‘Ja, ferdeald! Hoe riede jo dat?’
Doe ferhelle Klaas nochris yn geuren en kleuren, hoe't ik hjir al earder in nacht oer yn dit kleaster west hie. Doe hie ik mar leafst nei twa fammen frege, nei in Elbrich en nei in Wylde Willemke. Wat in gelok moast it foar my west ha, dat ik beide fammen yn ien en deselde persoan ferienige fûn hie en dat dy persoan blykber suver op him sitten hie te wachtsjen.
‘Want sa moat it wol west hawwe, as ik it berin fan 'e dingen dêrnei yn oanmerking nim. En no wol ik jo, foarstinne fan 'e Kapershoek, allinne noch fertelle, dat ik doe besocht haw, dy spylman yn 'e mist te fieren; ik haw him in hiel oare kant útstjoerd as nei jo residinsje. Ik wol dêr mar ien ding mei fêststelle en dat is, dat ik as minister sadwaande gjin inkelde ferantwurdlikens draach foar de posysje, dêr't it de foarstinne op 't heden yn behaget te ferkearen.’
Willemke wie wyt wurden fan lilkens. Hja seach Klaas en my om bar oan, mar sei noch gjin wurd.
Hartman woe delbêdzje:
‘Net lêbich wurde, Klaas, dû moatst de sinne yn 't wetter skinen sjen kinne.’
‘Dat sil sikerwier moatte. Sa net, it soe wolris wêze kinne, dat de moaiste sinneskyn oer wie en de moanneskyn derby. Ik moat meistimme, dat it mynhear bysûnder slagge is, de amoereuze dingen mei de steatssaken te ferbinen. Ik wol wol wêze, ik hie it ek graach
| |
| |
wollen, mar it hat my net barre meien nettsjinsteande safolle jierren trouwe tsjinst.’
Ik gyng oerein. De grûn baarnde my hjir ûnder de fuotten.
Willemke gyng ek stean:
‘Wy binne hjir net kommen om smeulske praatsjes fan jo oan te hearren.’
‘De foarstinne hat no galanter konversaasje.’
‘Fint, ik woe, dat ik jo en dizze hiele ferflokte slûkerij nea sjoen hie.’
‘Ei! Dat betsjut dus safolle as myn ûntslach as tesauriër-generaal. De foarstinne is my en ús allegearre net mear brek. Us tsjinsten hawwe oars wol fertuten dien, woe ik hawwe, doe't it der mei de finânsjes fan jo ryk mar faai foarstie.’
‘Gekheid, Klaas! Willemke-en-dy hawwe har wurk derfoar dien,’ woe Eade dertusken komme.
‘Goed, goed! It is allegear mar by wize fan sprekken. Ien ding treastet my yn it fertriet, dat ik oer dit myn ûntslach haw: oer de foarstinne har finânsjes kin ik gerêst wêze. Har gemaal hat in grutter ryk as de Kapershoek en it Noarderleech tegearre. Ien ding is spitich, as ik it goed haw: de troan is noch net alhiel befestige.’
Ik makke in beweging om fuort, mar Klaas wonk ôf.
‘Stil mar, ik wurd no earnstich en ik kom ta de saak. Dit hat ús galgemiei west. No komt it ôfskie. Dat falt my net licht. Meitsje it my net swierder as nedich is. Stean my ta, dat ik noch in dronk ynstel. Lieder, wurdt my dat gund?’
‘Ast dy teminsten ynbynste. Ik wol, dat wy safolle as it noch kin yn frede útinoar geane.’
Klaas skonk yn.
‘Ja, myn lieder. By my is it allegear frede yn 't hert. Ik wol in heil-dronk ynstelle op 'e freedsumste fan alle minskelike ynstellingen, op it houlik. My as selibatêr (hy makke in komike beweging mei syn pij) komt dat wol ta. Wolno dan, ik wol klinke op it houlik fan 'e foarst en de foarstinne. - Wannear is it eigentlik sletten?’
‘Dat giet jo neat oan!’
‘Ik wie dochs noch jo tesauriër-generaal. Boppedat, it fernuveret
| |
| |
my tige, dat my soks ûntkommen is. Ik miende altyd, dat ik yn myn geastlike klûs noch wol tige meilibbe mei alles, wat der om my hinne foarfalt. Dêrom soe ik graach witte wolle, yn hokfoar tsjerke de foarst en de foarstinne ôfroppen binne en hokfoar preester har yn it houlik ferbûn hat. Ik kin my net begripe, dat dat te Hallum bard is. My tocht, dêr wie dan wol safolle rop fan gien, dat ik der net ûnkundich fan bleaun wie. It is my ek bekend, dat de foarstinne har tsjerklike plichten net sa hiele trou waarnimt. Ik soe dan wolris witte wolle, hoe't de preester har ûntfongen hie. Of hawwe hja soms earne oars houlike? As ik it goed haw, komt mynhear fan Snits. Mar it wol my net oan, dat de foarstinne har residinsje ferlitten hat foar sa'n fiere reis.
Ik wist mar al te goed, wêr't de man hinne woe. Ik besocht it noch ienkear:
‘Kom, Willemke, wy litte ús net langer hune.’ Allinne in gelegenheid om sels oan Willemke te sizzen, hoe't ik ûnoprjocht tsjin har hannele hie, soe my noch rêde kinne. Mar dêr wie it Klaas net om te dwaan. Allegearre stiene wy no.
‘Myn fereare gasten, wachtsje noch efkes! Sa net, sûnder dat ik jimme útlit, kinne jimme net ienris fuortkomme. De poarte is ticht en ik as hoeder fan dit kleaster haw de kaai by my. Ik soe jimme by de poarte itselde noch fertelle, wat ik hjir sizze wol. Hear my leaver oan yn dizze steatlike seal. Want hearre sille jim!
No dan: ik twivelje deroan, oft de foarstinne de wierheid sein hat, doe't hja jûns ferkundige, dat hja mei mynhear troud wie!’
Willemke state my fûl oan, har eagen fjurken.
‘Toe, Alef! Sis dan wat! Kom dochs foar my op!’
Mar ik wie ferbûke en koe gjin wurd útbringe.
Willemke barste los:
‘O, altyd hat er my hjitfolge, om't ik syn wiif net wurde woe. En alles hat er dien, dat ik mar gjin oare man krije soe. Mar it hat him neat jûn: ik mei him foar myn eagen net sjen. Ik griis fan him!’
‘Ja, ja! Ik wie jo net goedernôch. Ik wie jo te gemien. Jo woene hegeroan. Jo begearden in ‘edeler’ persoan. No hawwe jo jo sin. Mar der is ien ûnderskied: ik woe jo hawwe as myn wettich wiif
| |
| |
en no tsjinje jo in aadlik hearskip ta hoer!’
‘Alef! Wêrom dochtst neat? Stek de keardel del!’
‘Ei! Wat is de frouwe hinne-en-wer. Jûns haw ik oanbean om mei it hearskip te kampjen, mar doe mocht it net. Doe woene jo him net troch my ôfslachtsje litte... Of tochten jo faaks, dat der no gjin gefaar by is, om't ik myn geastlik habyt oan ha en my net ferwarre kin? It soe wol wat foar jo “edelman” wêze. Mar jo ferjitte, dat ik my ek net ôfslachtsje lit.’ (Hy sloech syn pij iepen: syn degen hie er op side.) ‘Dizze maat hâld ik altiten by my. Mynhear hat der alris earder kennis mei makke. Mar ik hie net tocht, dat de frouwe der sa min oer koe, dat har de wierheid sein waard!’
‘Fint, lit ús út! Hoe lang silst ús noch misledigje?’
‘Sprek ik de wierheid net?’
‘Wy hawwe in geheim houlik sletten!’
‘Jawol! In geheim houlik! Kinne jo my faaks ek útlizze, wat dat is? Ik bin net sa goed op 'e hichte mei sokke bûtenwenstige saken. Ik haw destiids (it is al lang lyn, it wie al foar Hilligerlee) in iepenbier houlik mei jo slute wollen. Mar ik ried it al sa likernôch: it foarnaamste fan sa'n geheim ‘houlik’ sil datjinge wol wêze, dêr't de foarstinne de gefolgen al fan begjint te ûnderfinen, lykas se ús jûns, doe't se yn noed siet, bekend hat.’
‘Falske divel! Dû witst like goed, dat in geheim houlik wol wettich is!’
‘Sjoch, dat freesde ik al hast. Dat de foarstinne net mear op 'e hichte fan 'e tiid wêze soe. It barren fan 'e wrâld giet har wolris in bytsje foarby. It is ek tige spitich, dat hja har godstsjinstige plichten net wat better waarnimt. As hja de tsjerke trou besocht hie, dan hie hja dêr hearre kinnen, hoe't ús Fryske biskop, hear Cunerus Petri, dêr de besluten fan it Hillige Konsylje fan Trente ôfkundigje litten hat, dy't oarder brocht hawwe yn de houliksseden, dy't foartiid wol wat oan 'e losse kant wiene. As de foarstinne dat heard hie, dan hie se har al moai wis wat yn acht nommen.’
‘Wat! Jo spotte dermei!’
‘Ik spot hielendal net. Ik wol de foarstinne by myn ôfgean as tesauriër-generaal allinne mar ynljochtsje oer har werkelike
| |
| |
tastân. In houlik jildt no allinne mar mear, as der geboadens west hawwe en it yn it bywêzen fan in pastoar en fan tsjûgen sletten is.’ ‘As dat wier is, dan ha wy dat net witten.’
‘It liket my ta, dat it net alhiel krekt is, wat de frouwe dêr sei. Ik nim oan, dat hja it net wist. Ik sei ommers al, dat it barren fan 'e wrâld har foarbygyng. Sjoch, ta de dingen, dy't in pear jier lyn gâns opskuor jûn ha, heart it earste gerjocht fan ús Fryske biskop. Dat gyng oer in houlikssaak. Dat gyng oer itselde wat ik niiskrektsa neamd ha: de besluten fan it Trentske Konsylje. Der is doe rjochtsprutsen oer in juffer Anna Dekema en in jonker Alef Aylva, beide út Snits. Sjoch, dat wit ik noch sa goed, om't dy dingen langlêsten wer opikkere binne troch de minsken, doe't der hjir yn Ferwerderadiel in nije grytman beneamd is, dy't ek jonker Alef Aylva hiet en ut Snits kaam. De beide jonkers Alef Aylva wiene inoar net hielendal poerfrjemd. En no is it my perfoarst ûnmooglik om oan te nimmen, dat dy jonker by gelegenheid fan dy rjochtsaak gjin kennis fan 'e besluten fan it Hillige Konsylje krige hat. Ik frees earder, dat hy yn dit stik fan saken wat koart fan memoarje west hat.’
‘Alef, wêrom seiste neat! Is dit wier?’
‘It is wier. Ik hie it dy al lang sizze wollen.’
‘Hearre jo wol, foarstinne? It is wier. Dêr hie ik niis samar in martler fan 'e wierheid wurde kinnen. As ik niis dizze degen net by my hân hie bygelyks. Want ik mei my niis net hielendal útdrukt hawwe, sa't it tsjin in foarstinne foeget, ik haw dochs de wierheid sein en oars neat as de wierheid. En no sil ik jimme byljochtsje nei de hynders ta en ik sil de poarte foar jimme iepen dwaan.’
|
|