| |
| |
| |
XXIII
Op in jûne wie ik wer ûnderweis nei Willemke har pleats. Ik hie in deimannich fuort west. Hja soe grif opsjen, dat ik der sa gau wer wie, want sa wiene wy net ôfpraat. Ik hie in setsje te Ljouwert tahâlden en fierder sillen nei Snits, mar der wie eat, dat my weromdreau nei de Kapershoek.
It hie der om spand om Robles te sprekken te krijen. Dy hie foar gjin gat te fangen west. Rûnom wie er sels by, fol aksje as er wie, mar as men boadskip hie, wie er altyd earne oars. Op 't lêst wie it dochs slagge om him by honk te treffen. Ik sil gjin beskriuwing jaan fan ús petear. Ik mei der mysels noch net om lije, dat ik sa ûnnoazel west ha en lit my fan him brûke. Hy hie net lang tiid foar my oer, mar ien ding waard my mar al te dúdlik: in man as ik hoegde net op in gritenij te rekkenjen. Ferplichting hie er net oan my, it betingst, him de slûkers yn hannen te leverjen, hie ik net oan foldien en ik soe der ek nea oan foldwaan, wist ik foar mysels goedernôch, mar dat hoegde ik him net te fertellen. Hysels sloech myn kânsen sûnt it mislearre aventoer yn Barradiel ek net heech mear oan. By riedshear Sickinga hie ik al heard, dat Ten Indyck alle machten oanspand hie om syn offysje te hâlden en it koe tiden duorje, ear't dizze saak útiten wie. As Sickinga syn sin sei, dan waard alles derop oanlein om it mei de beswieren tsjin Ten Indyck op 'e lange baan te skowen en it ferset, dat der tsjin him wie, sa in sêfte dea stjerre te litten. Der gyng alwer praat fan, dat Ten Indyck, salang't de saak jit hong, it grytmanskip dochs mar wer waarnimme soe.
| |
| |
Doe wie yn syn folle gewicht op my oankommen, wat my hyltyd al gjin rêst litten hie: ik hie it Willemke daalk sizze moatten, dat der gjin geheim houlik mear bestie. De goed moanne, dat ik mei har libbe hie, hie ik mysels noch foarspegelje kinnen, dat ik har nea lokkiger meitsje kinnen hie as sa. Dat wie faaks ek wier, mar it lok hie gjin fêste grûnslach. Ik hie myn eigen ûnrêst noch delbêde mei de idele ferhoping, dat ik aanst wol grytman wurde soe. Ik hie sels ek lokkich west, as ik mar net oan dat iene tocht. Mar soms wie de wroeging my sa mar oankommen, dat ik der stil en tryst ûnder waard. - Willemke hie it ek wol murken. Ik hie it noch sizze moatten. Ynpleats dêrfan hie ik it fan 'e iene kear op 'e oare útsteld. Hja hie sa'n grut betrouwen yn my. Ik hie de moed net en kom út foar eat, dat my yn har eagen ferleegje koe. Ik beprakkesearre soms, hoe't ik skielk in wettich houlik slute koe, sûnder dat hja fan it bedroch te witten kaam. Op 't lêst wie ik dochs mar beret om op te bychtsjen. Ik woe it dwaan, ear't ik fuortgyng, mar ynpleats wie hja mei eat kommen, dat de tastân wer net ienfâldiger makke. Op dat stuit doarst ik net mei myn geheim oankomme...
Ynpleats fan nei Snits wie ik weromriden. Ik woe no earlik mei har prate. Ik woe har meinimme en iepenbier ta myn wiif meitsje. Hja moast hjirwei, fier fan slûkerij en gefaren. Fier fuort, nei in oarde, dêr't gjin ôfstegere frijer har lêstich falle koe, dêr't hja ek net yn hannen fan Ten Indyck of wa ek falle koe, dy't der yn myn plak op út gyng om de slûkers oan it geweld oer te leverjen. Iggele en Womk koene wol fierder buorkje. Ik naam har mei. By need gyngen wy Fryslân út, nei it suden, as hjir gjin post foar my te besetten wie. As it moast, teagen wy nei Brussel. Dêr wennen wol oansjenlike Friezen, mannen heech fan oansjen, dy't my oan ien of oar amt helpe woene. As it nypte, woe ik de juristerij wol wer in pear jier bedriuwe om in graad te heljen. - Dan twivele ik wer. Soe in boerinne fan 'e seekant dêr aardzje kinne? Och wat, tocht ik dan wer. Yn 'e frjemdte wist nimmen har komôf. Oare seden en manearen soene har maklikernôch eigen wurde. Der wie ommers neat ûnedels oan har. Mar wat tichter ik by har pleats kaam, wat
| |
| |
mear ik der wer tsjinoan seach om mei de wierheid foar 't ljocht te kommen. Ik besocht my sels wiis te meitsjen, sa'n boerebern mocht bliid wêze, dat ik har sa earnstich naam en it har earlik miende, it slagge net. Net om 'e nocht hie ik dreamd, dat hja grutter wie as ik.
Ik hie it paad nommen, dêr't ik it minste aventoer hie, immen te moetsjen. It lêste ein gyng it by de seedyk lâns. Dêrwei ried ik de reed op, dy't by de pleats lâns rûn. Hjir krige ik kear foar in hikke. It rûn nei Alderheljen. alles wie wiet en glysterich, boppedat wie it frijwat tsjuster, ik woe gjin al te gekke sprongen meitsje, al hoe goed ik op myn guds oan koe. Dêrom stapte ik ôf en woe de hikke losmeitsje. Wat skrille ik tebek, doe't ik op in man stuite, dy't om samar te sizzen út 'e swiere dampeal tefoaren woechs.
‘Hè, keardel, wat meitsje jo my kjel!’
‘It hearskip riidt ek op nuvere wegen by nacht. Hat mynhear it goede paad wol?’
De keardel wie my te nijsgjirrich. Ik stie it net hielendal.
‘Ik moat nei Feitsmastate,’ sei ik koartôf.
Feitsmastate wie in stins, dy't in ein fierder, noard fan Hallum, stie. It wie hjirwei ek werklik it koartste paad. De man hie de hikke foar my iependien. Hy liet him iepenstean en rûn mei my op. Ik koe op 't hynder sitten gean en fuortride, mar wy wiene sa ticht by de pleats, dat ik koe dêr it hiem net mear opride, sûnder dat er it sjen soe. Ik makke in praatsje. Ik frege, wêr't er hinne moast.
‘Hjir nei dizze pleats.’
Ik die ûnnoazel en frege, oft er dêr thúshearde.
Ja, hy wenne hjir foar feint. De man prate troch. It wie hjir wol wat tefolle op 'e romte ensafuorthinne. By de hameie bleauwen wy efkes stean. Wat soe ik? Nei de pleats koe ik net ta. Oan 'e oare kant woe ik graach witte, wat dit ynhâlde. Oer Willemke siet ik yn. As ik fuortried, wêr moast ik hinne? Ik prakkesearre deroer om by ien fan 'e Hallumer stinzen oan te klopjen: hja soene in Aylva gjin ûnderdak wegerje. Dêr kaam fan 't hiem of noch al immen oan. O goede! It wie Iggele dochs net? Ik soe sjen, dat ik fuortkaam.
| |
| |
- Nee, dizze siet folle flugger stap ûnder. Hy wie samar oan my ta. ‘Jo binne ek net let,’ rôp er. ‘Goaien, wat in...!’
Midden yn 'e sin bleau er stykjen. Hy moast sjen, dat er him yn 'e persoan fersind hie. De man, dy't mei my oprûn wie, hie ek yn 'e rekken, dat de oare my foar de ferkearde oansjoen hie en rôp:
‘It hearskip moat nei Feitsmastate.’
Ik sei neat. It wie my kâld oer de lea gien, doe't ik de man, dy't fan 't hiem kaam, syn lûd hearde. Ik sette de foet yn 'e stiichbûgel. Wat gauwer hjirwei, wat better. Mar mei waard ik fan efteren besprongen. ‘Ik wit better plak foar it hearskip. Eade, it mês! Ferrie!’
Fan skrik wie ik suver ferlamme. Ik koe ek neat begjinne. Twa sterke earmen hâlden my fan efteren beet. Myn rapier koe ik net lûke. De oare keardel stie al mei in dolkmês flak foar my. Ferset soe my neat jaan. It wie sa behindich om en ta gien, ik hie de leie noch yn 'e hân; myn hynder wie efkes kjel wurden en hie de bealch omsmiten, mar no stie it alwer rêstich, mei de kop nei my ta. Ik wist mar al te goed, yn waans hannen ik fallen wie. Sûnder tsjinakseljen liet ik my nei de skuorre bringe.
‘Eade, krij ien fan 'e efterbinen, dy't dêr op 'e wein lizze!’
De oare bleau mei de degen yn 'e fûst foar my stean. Eade kaam werom.
‘Sa, wy sille it hearskip efkes fêstsette, dat er ús net fuortrint. Hy hat sokke moaie klean oan. Dêr soene wy oars ris yn snije of stekke moatte en dat wie skande.’
De hannen waarden op 'e rêch oaninoar bûn en sa kaam ik oan in stile fêst te sitten.
‘It sil faaks net safolle wêze, mar as ik ris efkes rêstich mei mynhear prate sil, kin it net bêst oars,’ húnde de man. ‘Ien treast: it hoecht net sa lang te duorjen. As mynhear in bytsje mei helpe wol, dat de konversaasje flot ferrint, dan hoege de hannen him net lang mear sear te dwaan.’ - Hy makke in beweging mei syn degen, dy't dúdlik genôch makke, wat er bedoelde. - ‘It sil dan de baas wêze, dat wy ús earst efkes oaninoar foarstelle. Ik bin...’
Doe kaam Eade dertusken en lústere him wat yn 't ear, mar hy skodholle en sei tsjin my:
| |
| |
‘Myn freon ornearret, mynhear hoecht net yn 't grêf - stel, dat er in grêf kriget, wat noch te besjen stiet -, mar it skip mei slûkerswaar, dat hjir fannacht oan 'e kust komt, kin him wol meinimme en útleverje oan 'e geuzen. Dan kin mynhear rantsoenearre wurde en wy hawwe sadwaande noch aventoer op in goed losjild. Mar it liket my ta, dat dit idee mear opkomt út myn freon syn goed hert as út syn ferstân. Hy ferjit ommers, dat mynhear dan wer yn Fryslân telâne komme soe en dat wy as slûkers hjir dan raar ferballe wurde koene. Dat wie foar ús it slimste noch net ienris, wy binne hjir dochs al fûgelfaai, mar foar myn freon syn suster, dy't hjir op dizze pleats wennet, sa't mynhear no njonkelytsen hast wol útfûn hawwe sil, soe it al noedlik wurde. Nee, Eade, myn jonge, dû silst meistimme moatte, der sit foar ús oars neat mear op as dat wy dizze mynhear deadogge, al hoe't it ús ek oangriist.’
‘Oangriist? No, dy grif net!’
‘No hast gelyk. Ik wit mar al te goed, hoe gefaarlik dizze mynhear is. Want dizze mynhear is altyd gjin mynhear. Hy swalket hjir ek wolris yn dizze oarden om yn in oar habyt. Wy hawwe ek alris earder foarinoar oer stien, mynhear en ik. Wy hawwe doe net folle formaliteiten wiksele; as ik witten hie, dat ik sa'n deftich hearskip foarhân hie, dan hie ik mooglik net daalk de hûn op him oansjast. Ik kin it no noch goedmeitsje; dêrom wol ik earst noch graach mei mynhear yn 'e kunde komme. Wolno, myn namme is Klaas, ik bin ferstutsen fan fierdere nammen en titels, allinne wurd ik - of leaver: waard ik, want ik bestean foar de wrâld eigentlik net mear -, allinne dan waard ik wol oantsjutten mei de bynamme fan ‘de divel fan 'e Bildtsyl’. Mar licht sil jo dat net safolle sizze. Mei ik dan no mynhear minlik fersykje, ús syn namme bekend te meitsjen?’
‘Dy giet jo net oan.’
Ik hie by mysels al betocht, dat ik it der neat better mei meitsje soe, wannear't ik my bekend makke. As beneamd grytman fan Ferwerderadiel soene se my foar noch gefaarliker hâlde.
Wylst de man my bedrige mei tamtaasje, kaam Womk by tafal yn 'e skuorre. Hja fleach as in wyld werom en helle Willemke en Iggele derby.
| |
| |
‘Wat moat dit betsjutte?’ frege Willemke.
‘Wy hawwe in goede fangst dien. In spion, dy't ús allegearre yn 't ûngelok helpe woe, op 'e die trappearre.’
‘Meitsje dy man los,’ hiet Willemke.
‘As er dea is.’
‘Wat sizze jo? Sille jo wer in moard dwaan?’
‘Hy hat my al ienkear omtrint oan 'e galge holpen. Ik sil diskear better oppasse.’
‘Tochten jo, dat ik fan myn hûs in moardnershoale meitsje lit?’
‘Tochten jo, dat ik dit hearskip de kâns jaan soe om jo by it gerjocht oan te bringen? Jo moatte my tastean, dat ik jo dêrfoar behoedzje. Ik wit, hoe't jo myn leafdetsjinsten altyd wurdearje.’
‘Sparje jo gekoanstekkerij mar foar in better gelegenheid. It giet hjir om in minskelibben.’
‘Jowes of sines.’
‘Gekheid allegearre.’
‘Of it moast wêze, dat jo noch beslute koene mei my de wrâld yn te tsjen. Dan mocht dizze spion ús frij oanbringe, nimmen soe ús benei komme. Mar oars moat ik him ombringe, dêr helpt neat oan.’
‘In moardner binne jo, in divel!’
‘Krekt, de divel fan 'e Bildtsyl. Mar, om no diskear, foarstinne fan 'e Kapershoek, net ferskrikliker yn jo eagen te lykjen as ik fertsjinje, wol ik jo in útstel dwaan. Wy sille de man samar net ôfmeitsje, mar wy sille rjocht oer him sprekke. Iksels sil oars net wêze as de oanklager, de prokureur-fiskaal - ja, ik wit wol, hoe't it heart - en jimme sille de rjochters wêze. Allinne Iggele giet derút, dy moat bûtendoar wachthâlde. Goed útsjen, oft hjir ek immen hinne komt. Dû witst wol, allinne ús haadman moat noch komme. Warskôgje, ast oar folk fernimste!’
Iggele gong fuort.
Klaas ferfette:
‘Sille wy ôfprate, dat jimme dizze persoan ta de dea wize, as it bliken docht, dat it in spion is, dy't it op ús ûndergong oanlein hat? Lit it allinne oan my oer om it fûnis daalk út te fieren, dat oan it
| |
| |
rjocht foldien wurde mei. Foarstinne, no hawwe jo it yn eigen hân. Sil it oangean?’
‘Goed.’
‘No dan, ik hie niis in lyts foarûndersiik dwaan sillen. Ik bin doe hommels fan jimme fersteurd yn 'e waarnimming fan myn amt. It hearskip wegere syn namme te sizzen. Ik hie him krekt wat straffer eksaminearje wollen, it wie my net allinne om syn namme te dwaan, mar ek om dy fan syn opdrachtjouwer. As ik myn sin sis, dan hjit de lêste fan Kaspar de Robles, in tige freon fan ús, slûkers en geuzefolk.’
‘Ta it geuzefolk soe ik mysels mar net rekkenje, as ik jo wie,’ sei Willemke ferachtsum.
‘Ek alwer goed. Ik lit hjoed hiel wat oer myn kant gean. Wy sille dizze punten no tenearsten rêste litte en begjinne mei ús oanklacht. It earste dêr't wy him mei betiigje is, dat er as in spylman ferklaaid yn dizze kusten omsneupt en wakker syn bêst dien hat om eat oer de slûkerij te witten te kommen; hy moat op 'e iene of de oare wize in fermoeden hân hawwe, dat in ‘Wylde Willemke’ dêr wat mei út te stean hie. Dêrom hat er der ek hjir en dêr nei fernommen, wêr't dy wylde frouspersoan wenne. Hy mei dan no yn alle gefallen it fernoegen smeitsje, beide dingen jit foar syn dea oan 'e weet kommen te wêzen. Sa't jo sjogge, hie mynhear it yn it bysûnder op jo foarsjoen. Jo kinne dêrút ôfnimme, hoe'n gefaarlik sujet it is en foar hokke gefaren ik jo behoede haw.’
‘As it oars net is. Ja, as ik freegje mei, hoe witte jo dizze dingen?’ frege Willemke.
‘De spylman foarneamd hat it ûnder oaren bestien, de fromme âlde pater Sjaard yn it kleaster lêstich te fallen mei sokke wrâldske en idele dingen en him op te skriljen út syn fersonkenheid yn religieuze mystearjes.’
Op dat momint koe ik yn Klaas de muonts werom, dy't my doe daalk al in riedsel west hie. Dan hiene de hûn, dy't de nachts sa gûld hie, en dy, dêr't ik neitiid mei fochten hie, ek deselde west.
‘Hawwe jo net mear?’ (Willemke wer).
‘Wis wol, foarstinne. Dit is noch mar in begjin. De jûns foar de
| |
| |
lêste nachts, dat wy mei ús priislik slûkerswurk ta heil fan 'e frijheid en tsjin de tirannije op 'en paad west hawwe, is dizze selde persoan hjir bûtendyks, oan 'e oare kant it farwetter, de bûtendykslannen ynset om ús te bestrunen. Dat hat him omtrint de kraach koste en dochs komt er hjir wer. Dêr kin men út opmeitsje, hoe'n gefaarlik personaazje oft it is. Wy hawwe doe in moeting hân. Us trouwe freon Satan is der spitigernôch by omkommen.’
‘It hie better west, as jo derby omkommen wiene. Mar is dat alles?’
‘Dat is lang net alles. It slimste is jit benefter. Tefoaren is er by de fiskerman Folkert op Fiskbuorren kommen en hat dy op slûchslimme wize útkloarke. As in ûnskuldige spylman hat er him foardien en doe moat dy stomme fisker tefolle ferteld hawwe. Hy wit trouwens sels net ienris krekt, wat er sein hat, want hja wiene oan 'e wyn. Mar hy doar net mear thúskomme mei syn snikje, sa is it al.’
‘Hoe witte jo dat dan sa krekt?’
‘Ik haw op Skylge mei him praat. Strak kin er it jim sels befestigje. De spion hat der ek by him nei fernommen, wêr't Wylde Willemke wenne.’
‘Ik soe der mar net om fan hûs bliuwe, as ik Folkert wie. En dat sil ik aanst ek tsjin him sizze. Want it gefaarlike fan dizze man moat noch blike.’
‘Ei, jo lykje it mar net leauwe te wollen. Dêr kin men wer oan sjen, dat men mei in frouminske te dwaan hat. Wat tochten jo eins, wêr't dy man hjir foar omstrúnt en wêrom oft er nei Wylde Willemke freget? Of tochten jo faaks, dat dizze moaie ridder in oansiik dwaan woe oan 'e frouwe fan 'e Kapershoek? Ha, ha, ha! Ik leau wrychtich, dat er ek noch kans makke!’
‘Wa wit!’
‘Soa, soa! Mar dan moatte jo dochs ris goed hearre! Dizze selde mynhear mei syn belangstelling foar Wylde Willemke, is mei in espeltsje Waalske soldaten delkommen út Harns, mei de drost, de hear Van Espelbach, derby, om ús te fangen, doe't wy langlêsten ús snikje yn Barradiel oan 'e wâl hiene. It is goed beteard, behalven
| |
| |
dan foar dy twa Walen dy't mei dizze klinge kâld makke binne. Mar oan 'e Hoarnestreek is ek in man, dy't sûnt net wer thúskomme kin.’ ‘Hoe witte jo, dat ik dêr mei anneks wie?’ Ik weage noch in kâns. It hie tsjuster west dy nachts.
‘Dan hie ik jo de oare moarns net sjen moatten. Tochten jo, dat ik it krekte der net fan witte woe, nei't ik omtrint yn 'e falle run wie?’ ‘Is dit wier?’ frege Willemke my skerp.
Ik socht om in gaadlik antwurd, mar Klaas wie my foar: ‘Dat hie in oansiik wurden mei boeiens en keatlingen, frouwe. En in Waalske breidsstoet.’
‘Swar, dat it net wier is!’ (Dit fan Willemke tsjin my.)
‘Dat kin er net! Ik soe ek tsjûgen neame kinne. No dan, myn oan-klacht is dien, de ferklage kin neat wjerlizze. It is him der om te dwaan ûs, slûkers, oer te leverjen oan Robles, dy feint fan Alva. En jimme witte, dat dy gjin genede kenne soe. Dat er sels mei de Waalske boalen komt om ûs te fangen, dat bewust, dat er ûs ek net sparje wol. Wat fûnis moat it wêze? Eade? Antwurdzje dû earst en dan dyn suster!’
Eade stimde mei, dat ik skuldich wie, mar hy soe deroptsjin wêze, dat dit fûnis fuortynienen útfierd waard.
Hja hiene oarder fan har lieder om nimmen te deadzjen, as it net perfoarst nedich wie.
‘Moatte wy mear moederaasje hawwe as de Kening syn justysje? Hoe hawwe se dy behannele om in lyts fergryp!’
‘Sa ha se my behannele,’ rôp Eade en hy skuorde syn mûtse fan 'e holle. Doe wist ik, wêr't ik Willemke har broer earder sjoen hie. It wie de man sûnder earen, dy't ik destiids te Snits yn Hartman Gouma syn kertier oantroffen hie.
‘Wolstû immen sparje, dy't dy oan sokke boalen oerleverje woe?’ Klaas wist fan hokker side oft er Eade oankomme moast.
‘No nee, dan mocht ik ek wol net felle wiis wêze,’ swaaide dy daalk om.
‘En wat sizze jo, Willemke? Kinne jo my noch ûntstride, dat er de dea fertsjinne hat?’
‘Eigentlik net. Hy hat yn alle gefallen tige gefaarlik foar ûs west.
| |
| |
En dat hie ik net ferwachte.’ (Dit wie foar my ornearre.) ‘Ik wol him ek wol feroardielje, mar op ien betingst.’
‘Alwer in betingst. En dat is?’
‘Der binne lânstreken, haw ik ris lêzen, dêr kin in man in faam, dy't ta de dea wiisd is, rêde, as er ferklearret, dat er har daalk ta syn wettich wiif nimt. Sa binne der wol guon ûnder de galge wei troud. Wolno, sa moat ik ek it rjocht hawwe, dizze persoan ta myn wettige man te nimmen, as er dêr sels yn meistimt.’
It wie Eade, dy't as earste yn safier fan syn ferbazing bekaam, dat er in pear wurden uterje koe:
‘Dû likest wol sljocht! Wat binne dat no wer foar healwize frouljus-gridzen!’
Klaas frege:
‘Wa seit, dat de man net al lang troud is?’
‘Hy kin swarre, dat er net mei in oarenien troud is.’
Klaas wer:
‘Allegear goed en wol. As de rjochters op sa'n manear immen, dy't feroardiele is (trouwens in faam, net in manminske) ûnder de galge jit it libben skinke, dan kin har dêr gjin hier om kronken wurde. Mar dizze helpt ús aanst oan 'e galge, as wy him rinne litte. Dat haw ik niis ek al tsjin Eade sein.’
‘Dan soe er syn eigen wiif ommers ek oan 'e galge helpe.’
‘Syn wiif! Hy ûnthjit fansels fan alles, as it om syn hals giet. Heden, heden; ik woe Willemke wizer ha.’
‘Ek hjir kin er in eed op dwaan, dat er my de trou hâlde sil.’
‘Yn need swart er alles.’
‘It is in edelman.’
‘Soa? Syn namme woe er net sizze. In moaie edelman, dy't him foar spion lient. It is al frjemd. Jierren haw ik om jo stikke en jo wiene sa kâld as iis. En dizze komt yn in wakker moai pakje en it ferstân is by jo al op 'e rin. Froulju bliuwe dochs altyd mar froulju. Hie ik dat earder witten, dan wie ik ek mei sier en swier kommen om 'e prinsesse fan 'e Kapershoek.’
‘Al hiene jo ek noch sokke moaie klean oan, dêr bleauwen jo like gemien om.’
| |
| |
‘Nee, dan in spion. Mar ik wol jo dan dochs ienkear bewize, dat ik ek oars kin as gemien. It liket tige maklik oer dit hearskip rjocht-dei te hâlden en him dan fan kant te meitsjen, no't er ienkear yn ús macht is en him net mear ferwarre kin. Hoewol, it is altyd noch feiliger om riedshear yn Kenings Hôf te wêzen. Mar no wol ik fan myn foardiel ôfstân dwaan. Ik bin ree om yn earlike twakamp mei de man te fjochtsjen. Lit ús earm en ús wapen dan de trochslach dwaan. Wat sizze jo no, foarstinne? Is dit lef? Is dit gemien?’
‘Lef hawwe jo nea west, Klaas. Jo wredens en moardsucht hawwe my altyd wearzge.’
‘Ik frege jo, oft dit gemien wie!’
‘Nee, dit is net gemien. Dat moat ik meistimme.’
‘Hearskip, ik nim oan, dat jo dêr in goed rapier op side hawwe.
Nimme jo myn oanbod oan? As jo myn degen leaver hawwe, kinne wy om my ek wol roalje. No?’
‘Ja.’
Ik wist, hoe'n fûleindigen fjochter it wie, mar ik hie oars gjin kar. Ik wie al sa fernedere yn Willemke har eagen, dat ik woe leaver mei eare ûndergean as by har graasje fierder libje.
‘Dat is dus ynoarder. No haw ik ek noch ien betingst, Willemke, dat jo oannimme moatte. As it hearskip wint, dan mei er jo ta wiif nimme of oan it gerjocht oerleverje, likefolle wat er wol. Ik sil dit skoandere slûkersaffear oerjaan en it lân romje. Jimme sille nea wer lêst fan my hawwe. Mar wurd ik oerwinner, dan is Willemke Watgesdochter mines.’
Doe sei Willemke:
‘Ik moat beswier meitsje. Ik haw niis net alles sein. Dizze persoan is myn man al. As jo winne, kin ik jo der dochs net bêst op ta nimme.’
‘Ien fan ús beiden mar sil de kampslach oerlibje, as it nei myn bedoeling giet.’
‘Dan soe ik, as jo it wûnen, de moardner fan myn man houlikje moatte.’
‘Jo hawwe net it rjocht om de oerwinner yn in earlik duel in moardner te neamen.’
| |
| |
‘Myn man syn bloed soe dochs oan jo hannen klibje.’
‘Dat is wat oars as moard.’
‘En wêr is pater Sjaard bleaun? Dat woe ik wolris witte.’
‘Dat docht neat ta dizze saak. - Giet it oan?’
‘Mar it docht wol ta myn oardiel oer jo betingst. Boppedat, ik lit myn man net troch jo ôfslachtsje.’
‘Och hea, is it sa'n weiten pykje, dy man fan jowes? Kin er him net goed ferwarre? Ik hie oannommen, dat sa'n edelman - it wie dochs in edelman, seine jo? -, dat sa'n edelman wol leard hie om de wapens te hantearjen.’
Ik koe my net langer stilhâlde:
‘Willemke, ik sil mei de keardel kampje.’
‘It betingst, Willemke!’
‘It hat gjin doel. Klaas. Dû soest in nuvere heit wurde oer it bern fan dyn fljân, dat ik ferwachtsje. In nuvere heit, dy't de wiere heit earst deade hie!’
Wer seach ik Klaas syn lippen lûken, mar hy ferbiet syn oandwaning. ‘Ei, ei!’ wie alles, wat er earst uterje koe.
Fierder kaam it ek net, want de lytse skuordoar gyng. Iggele hie in rydhynder by de teame, dêr't de walm ôfgyng, sa moast it run hawwe.
‘Dêr is er!’ sei ien fan 'e oaren.
Ik begriep, dat dat net op it hynder sloech, mar op 'e man, dy't der op riden hie.
‘Hy is baas. Lit him útmeitsje, hoe't it moat mei de spion,’ sei Klaas.
Iggele die it hynder de teame út 'e bek en joech him in stik brea. Hy naam him gereid en seal net ôf, mar smiet in dek oer alles hinne. Allegearre stiene se der efkes nei te sjen sûnder dat der in wurd foel. Dêr kaam de man sels ek yn, dy't de oanfierder fan dizze slûkers wêze moast.
Ik seach daalk, wa't it wie, sa't hy der, licht en linich, oan kaam. Iggele hie him miskien al sein, dat se in spion snapt hiene en mei him dwaande wiene. Beret kaam hy deropôf, wend as er wie yn alle dingen de beslissing te nimmen. Mar hy wie noch net
| |
| |
iens oan ús ta, doe rôp er al ferheard:
‘Alef! Dû hjir sa!’
‘Ja, Hartman!’
It wie myn âld freon Hartman Hoekes Gauma, de wâldgeus, sa't er wol neamd waard. Hy frege yn koarte wurden wat hjir foarfallen wie, en sa krige er fan Klaas de feiten te hearren. Doe frege er my, oft it neffens wierheid wie. Ik sei, ik hie miend, dat ik mei in gewoane slûkerij te dwaan hie. Dat der geuzen as Hartman Gauma mei ynsieten, hie ik net tinke kinnen. Mei't ik beneamd wie as grytman fan Ferwerderadiel, wie it net sa frjemd, dat ik my mei dizze saak ynlitten hie. Myn houlik mei Willemke hie der neat mei te meitsjen hân. Ik hie alhiel gjin betinken hân, dat hja wat mei it slûkjen út te stean hie en sûnt ik dat te witten kommen wie, hie ik my der net mear mei bemuoid.
Hartman wie wol baas. Koartwei makke er út, dat my gjin hier kronken wurde soe en al hoe't Klaas tsjinappelearre, it wie om 'e nocht. Hartman fertroude my, sei er. Ienkear hie ik him fan 'e dea rêden en my foar him, de geus, yn 't gefaar jûn troch foar him te soargjen. Wat? Noch tsjinpraat? Hy soe toane, hoe't er my fertroude. Ik soe èk mei harren nei it strân ride sa daalk! Dêr sloech sels Eade de hannen foar gear, mar wat Hartman Hoekes hjir wiisde, gyng troch.
|
|