XXII
Op in nacht dreamde ik. Ik gyng troch in lân, dat wie net bewenne en it wie dochs in tún allyk. Ik stie op in berch en seach, dat de oseaan dy't it omspielde like helder blau wie as de einleas djippe loft. Hoe heech de berch wie, wit ik net. Ik fielde my dêr ienlik, mar it die my net sear. De geaen dy't ik oersjen koe leine net flak. Hja gyngen yn baren as de see yn kalme, brede duning. It makke my dronken, mar ek dat wie in sillich fielen. It lân wie bedutsen mei blijgrien krûd, mei giele en wite blommen. It ljocht wie gouden as de jûntiid en dochs stie de sinne heech oan 'e loft. Ik hearde de stimme fan 'e fiskerman sizzen: ‘Sjogge jo wol, se binne der dochs, de paradyseilannen.’ My tochte, dy fiskerman soe hjir net passe, of hie er ek in nij blinkend klaad oan lykas ik? Wat die de man hjir ek! Mar ik koe him net sjen.
It koeltsje, dat oer it lân striek, brocht frjemde swietrook oan. Sa rûke útlânske planten, mar dan yn gleoner klimaat. Ik woe sjen, wêr't dy planten stiene en bejoech my op 'en paad. Lang hie ik net wurk, want it wie mear sweven as gean. Ik kaam yn in delling, foar my rûn in smel, wyt paad steil omheech tusken tichte, donker-griene strewellen. Ik wie op healwei, doe seach ik har stean, op 'e top fan 'e kling. Hja stie midden yn 'e iepening fan it paad, sa't dat dêrboppe oer de hichte rûn. Hja stie ûnbeweechlik yn har wite klean en seach nei my út. Doe't ik by har wie, sei hja allinnich: ‘Wat haw ik hjir lang op dy wachte.’
Hja krige my by de hân en wy gyngen tegearre fierder. It gea, dêr't wy no kamen, wie oars as dat ik earst sjoen hie. Hjir lei tún