De divel lústere:
‘It is ek mar in kettersk frommes. Wat docht hja ek wei te bliuwen fan tsjerke. Oars hie hja de ôfkundiging wol heard. Hja wit fan God noch Syn gebod.’
It antwurd wie:
‘Dan is it dyn plicht om har op 'e hichte te bringen.’
En ik woe de mûle al opdwaan, mar doe begûn de divel wer - en ik merkbiet net, dat it de divel wie:
‘Nim, nim! Hja wit net better. Hjir is de faam, dêrst sa om swalke hast. Hjoed kinstû krije de ferfolling fan dyn libbensdream.’
‘Mar it is bedroch. Hja is goed en edel; hja fertsjinnet better.’
‘Hja is goed en edel en hja wol neat leaver.’
‘Ik doch it net.’
‘Dan stelst har teloar. Hja wol no dyn wiif wurde.’
‘Ik moat har yn alle gefallen earst de wierheid sizze. Ik...’
‘Wachtsje efkes. Wat dan fierder?’
‘Dan sille wy tiid dwaan moatte.’
‘Dus dû wolst har fertriet oandwaan!’
‘Wy kinne no ek in iepenbier houlik oangean.’
‘Kin dat, salangstû gjin grytman bist?’
‘Om earlik te wêzen nee. Ik kin har fan myn skulden de kost net jaan.’
‘Wurd boer hjir by har op 'e pleats.’
‘Tankje! Buorkjen ha 'k net leard. En dan kom ik hjir nea wer wei út dizze klaai. In edelman op 'e kluten of ûnder 'e kij.’
‘Dan it lok, dat as in oerripe frucht plôke wurde kin, mar hingje litte?’
‘Hja hat my leaf. As ik alles sis, wol hja licht likegoed noch in geheim houlik mei my slute.’
‘Dat gjin houlik mear is. Soe hja dan noch like lokkich wêze as wannearst nearne oer praatste?’
‘Nee. Hja is kein op har eare.’
‘Lit har dan ûnwittend bliuwe en meitsje har lokkich.’
‘Hja sil it dochs ienris witte moatte.’
‘Sadree ast dyn gritenij hast, litst it in pastoar ynoarder meitsje.