wûne wie. It bloed wiisde it ek wol út.
‘Heariken, koest ek noch wol gelyk ha. Wat moatte wy mei dy? Wy kinne dy fannacht net brûke.’
Ik hearde it oare frommes roppen út it mulhús wei. Hja sil witten hawwe wolle, wat der geande wie.
De oare mei har grouwer lûd werom:
‘Ei, hjir is in omswintler. It liket net in foarnamenien. Hy sil wol ûnder 'e galge stien ha, mar se hawwe fergetten him op te knoopjen. No, ik leau, hy giet sa ek wol dea. Se hawwe him raar knoffele. It is allegear bloed. Hui, maat! Dêr siicht er my al hinne!’
Ik koe it net mear op fuotten hâlde. It waard my swart foar de eagen.
As men bûten westen lein hat en men komt wer by, dan wurdt it jin pas njonkelytsen klear, dat der tiid ferrûn is en dat der wat mei jin bard is. Men is nei in oar plak brocht, der binne guods mei jin dwaande en alsamear. Earst hearde ik hiel út 'e fierte stimmen praten. It lûd kaam tichterby. Ik koe ferstean, wat hja seine. It wiene de beide froulju. En hja holpen my. Waskje en klaaie en de wûne ferwine. Hoe en wat krekt, ûntkaam my, heal yn 'e sûs as ik wie. Mar dat lette my neat; ik fielde, dat soarchsume hannen dwaande wiene. Ik spande my net yn om mear yn my op te nimmen. Hja wisten net, dat ik har hearre koe.
‘Dat dit no krekt jûn komme moast! Komt dit wol goed?’ frege deselde, dy't earst by my kommen wie.
‘Wis wol,’ antwurde de oare. ‘Wy bêdzje him aanst yn it binhús. Fan him kriget tenacht gjinien lêst. Hy is der fierstente min oan ta.’ 'It falt my ek noch ta, dat de boal him nearne syn brânmerk yn 't fel set hat en hy hat ek gjin groeden fan in giseling op 'e rêch.’
‘Ei nee, sa'nien is dit net, Womk. Leau my dat mar.’
Dat moast deselde wêze, dy't ik yn 'e sliepbank sitten sjoen hie. Har lûd wie leaflik en it harke my oerbetroud yn 'e earen. Har hannen wiene feardich en sêft. Hja berêde de wûne, wazich koe ik it ûnderskiede.
‘Span dy net tefolle yn, Willemke. Dû bist noch net better.’