net op har fersjoen destiids te Boalsert. In faam mei de bynamme ‘Wylde’, ien dêr't sok bjusterbaarlik praat fan gyng, hja hiene my tefoaren net wysmeitsje kinnen, dat ik dêr bestek op krije soe. Net, dat ik sa fol foaroardielen siet, mar it tsjutte op syn minst op in ûnrêstige natuer, op eigenskippen, dy't my gjin lok oanbringe soene. Want al dreauwen my ek frjemde langstmen, om faaie aventoeren wie it my net te dwaan. Earder socht ik de harmonije yn it wiif, dêr't ik myn hûs mei bouwe woe. Watfoar in manskeardel moast it ek net wêze, dy't in boer útmakke yn dizze ferlittene oarde en ik socht it froulike.
Mar Willemke wie ek froulik, as hja mei Iggele it wurk oerlei. En as hja earne net gelyk oer tochten, stjoerde hja him har kant út, sûnder dat hy it yn syn ienfâld ealge. Womk wie gâns âlder as hja en miende it faak better te witten. Soms lei hja har der glimkjend by del, mar by einsluten bleau hja altyd baas, sûnder dat it ien ferkeard wurd joech. De tragens fan de earste deis wie gjin regel. Nimmen hoegde him te ferskreppen, mar hja ferdiene de tiid ek beleaven net. De oare moarns wie Willemke sels ek alwer by de wurken en hja pakte handich mei oan. It benijde my, dat hja de pleats berêden mei sa'n bytsje folk. Mar dat like slimmer as it wie. Hja brûkten, nei't de tiid sei, mieren en ûngetiders, sichters en bynders en oar folk om de frucht te ynjen. Fan 't winter kamen de terskers wer op 'e telle. Alles gyng neffens oarder en regel. Nee, it wylde moast ik yn Willemke noch ûntdekke.
Der wie neat bysûnders foarfallen. Hja hie my barmhertichheid bewiisd, doe't ik dy brek wie. Wy hiene dit geheim foar de boaden, dat wy inoar al sa lang koene.
Fierder hiene wy nearne oer praat. Deselde eigenskippen as doedestiids foelen my no wer op: it frije en ûnbefongene. De niget, dy't in feint en in faam oaninoar hawwe, naam se as de gewoanste saak fan 'e wrâld. Hja húchele neat en ferburch neat. It makke ús ienfaldich fleurich, byinoar te wêzen. Ik soe witte wat ik oan har hie, as ik aanst har leafde begearde. It soe oars wêze as mei Anna Dekema, dêr't men nea by wist, wêr't men no einliks oan ta wie. Ik wie no foargoed oer de jierren hinne, dat soks myn