grûn, dy't makke, dat men immen op in foege distânsje net mear seach. De loft wie klear en de stjerren begûnen te kommen. De jûnstjerre wie der fansels it earst, krekt boppe de dize. Doe't ik de Bildtdyk oerstiek, de bûtendykslannen yn, woe it my net oan, dat immen my sjoen hie. Ik naam de koerts skean noardeast. It lân wie ek hjir al lang fersnien. Altemets ljepte ik oer in sleat. It joech in frjemd gefoel, suver as fleach ik hiele einen troch de loft. It stie foar my fêst, gjin hûn soe ea myn spoar wer fine kinne.
Wat ik woe, wist ik sels net rjocht. De fiskerman hie it ek hân oer in lanning yn 'e útmûning fan 'e Leie, fier bûtendyks, foar de Bildtsyl. As ik alles goed begrepen en ûnthâlden hie, moast dat fannacht wêze. Wat soe ik allinne folle begjinne? Ik woe de sitewaasje ris opnimme. It soe de fraach wêze, oft it trochgyng nei wat der foarfallen wie. Ik hie nimmen op 'e hichte brocht. Wat moast men hjir mei Walen bûtendyks? It wie nearne goed ta as om alles te ferbaljen. Men moast it spul observearje kinne op in distânsje en neigean, wêr't it bedarre. As it net te gefaarlik wie... Sa net, in part fan 'e nacht hjir om te heukerjen lokke ek net út..., allinne. Men hoegde noch net iens freze te hawwen foar de geasten fan ferdronken mannen... It wie no helder: ik koe aanst myn koerts wol op 'e noardstjerre nimme, mar as tenacht de loft berûn, hoe kaam ik hjir dan wer wei?
It rinnen die my goed. De pine yn 'e holle wie fuort. Ik fielde my o sa licht, myn fuotten gyngen suver fansels, ik soe hast sweve kinne. It wie ek krekt, oft myn tinken fierder rikte as oars. Boppe my stiene de stjerren no helderder. Ik hie in gefoel as koe ik se oanreitsje, as ik de hannen útstiek. Jimme witte it ek net, tocht ik. Jimme hawwe ek gjin wâld oer myn lot. Mar ik sil har fine, dat wit ik no. Foar my seach ik, hoe't frjemde gedaanten har traach troch de dize beweegden. Wat it wiene, hie ik noch gjin idee fan. Grutte, swarte skimen sûnder foarm. Dêr woe ik dochs wolris mear fan witte! Sa stie ik foar in sleat. Ik ljepte deroer en gyng der mei flugge stap op ôf.
Dêr hear ik efter my in koarte, heaze blaf. Ik stean in amerij stiif fan skrik: dit yslike blaffen haw ik faker heard. Ik draai my