XIII
Ik seach earst lânskippen. Der wiene in bulte blommen; alles gloeide yn donkere kleuren. Der wie gâns swart en fiolet by. Ik soe se graach wat better besjoen en yn my opnommen hawwe, mar se ferglieden sa rêd; oft it kaam, om't ik net op itselde plak bleau, dat soe ik net sizze kinne. Ik haw har byld net goed by my hâlde kinnen.
Doe waard it ljocht om my hinne. Ik fleach. Dat wol sizze: ik waard optild en meifierd. Ik hie der sels gjin macht oer. It gong aloan rêder.
It wie in spiraalfoarmige flecht, de sinne temjitte. Yn dûzeljende feart gyng it troch de floed fan wyt sinneljocht. De wyn fluite my om 'e earen, mar it lette my neat, it wie in lije wyn. Soms wie de spiraal wiid, soms tige nau, dan besetten de siken my hast, mar it lette my neat. Ik fielde my wûnder frij. Neat like my ûnmooglik mear ta; alle lêsten, dy't in minske op ierde drukke, wiene ôffallen. Doe tocht ik, dit is in himelfeart, dit mei net, dit is oermoed, dit is sûnde foar God. Mei krige myn flecht tsjinkear, en it sûzjen fan 'e winen om myn holle, dat my yn 'e earen klonk as songen de sfearen, dat helderklinkende sûzjen ferstomme...