‘Ik bin der wol op klear. Of tochten jo, dat ik neat hie om se te ferdriuwen?’
Hy snoeide wer yn syn rommel om en ynienen miende ik, dat ik yn tsjerke siet: hy struide wiereek.
‘Ik bin eigentlik net paapsk mear, mar dit helpt dochs.’ Hy makke tagelyk in krúske. Doe sloech er fjoer en stiek eat yn 'e brân, dat in bedwelmjende swietrook joech.
‘Mirre!’ sei er. ‘No kinne se hjir teminsten net bankje. - Kom, wy drinke der ien op. In gewoan minske kin net mei dit folk omgean... Dy komt derby om. Ja, der binne oaren..., mar dan doocht it net..., dan komme der oare machten by te pas.’
Doe kaam my yn 't sin, wat my op Klaas Barthouts' pleats ferteld wie.
‘Hawwe jo wolris fan in faam heard, dy't nachts op in wyt hynder bûtendiken riidt? Op it Bildt woene se hawwe, hja gyng dan mei har heit of mei... in oar, dy't ik net neame sil.’
De man sloech wer in krús.
‘Willemke!’ rôp er. ‘Mar it is net wier! It is rabberij!’ No stiek ik de earen op. - Willemke, dat wie de namme. Hie de muonts my dit net út wiisd! Al wie it Elbrich net, ik woe no dochs ek graach safolle mooglik oer Wylde Willemke te witten komme. Dizze fisker koe har dus yn alle gefallen.
‘Dy faam wennet hjir tichteby, begryp ik.’
‘Haw ik dat sein?’
‘No nee, dat tocht ik samar.’
Ik woe der net te dryst op ynfreegje en ik prate der net oer, wat de muonts my sein hie. Folkert fernaam dan ek net, hoefolle belang ik derby hie om mear te witten. Hy fertelde my... itselde as wat ik op Klaas Barthouts' pleats ek al heard hie: yn 'e Hallumer omkriten moast ik har sykje, net fier fan it Muontsebildt en it Noarderleech. Nuver, dat de Mariëngaerder hofmaster dat net wist! Of wat die er my oars diskant út te stjoeren?
‘Dus dat wie mar rabberij,’ begûn ik wer. ‘Wat spitich; ik hie sa'n frommes wolris moetsje wollen. Is har heit dan net ferdronken?’
Ja, dat wie wol sa, stimde de man my ta. Hy wie omkommen