antlit en makke, dat it der tearder útseach as men ferwachtsje soe. Ik seach mei benijing nei it peinzjende deryn. De man hie it antlit opheve en moast yn 'e oanskôging fan eat yn fiere fierten fersonken wêze. Ik sei him de tiid fan 'e dei. It like, as waard er fersteurd yn djippe tinzen. Mar sadree't er seach, watfoar man er foar hie (‘Ah, in spylman!’), naam in freonlike glim it smertlike om syn mûle wei.
Lykwols, mei-iens waarden syn eagen wer lutsen nei de fierte en it gesicht krige datselde ôfwêzige wer. Ik kearde my ek om en no seach ik, wat my ûntkommen wie... In bloedreade sinne stie ûnder te gean yn in oseaan fan glês en fjoer. It wie in gesicht fan ûnierdske hearlikheid, sa't de grutte bol weisonk yn wetters grûn, ûnkearber, al hurder sa't it like. In pracht, sa rein en klear, mar tagelyk sa ûnberikber fier, dat in grutte weemoed myn hert befong. Ik stie neist de man en begriep him, doe't ik syn eagen wiet blinken seach. Dêrboppe dreauwen in pear wolkjes, rôze en fiolet, de sinne, dy't wy al net mear seagen, makke har rânen noch blinkend fan ljocht. Dêrjinsen moast in oare wrâld wêze, inkeld de ôfglâns al wie fan in ûnsisbere skientme.
‘Altyd wer bin ik sa ûnwennich, sa ûnwennich,’ bekende de man. ‘Der lizze eilannen yn 'e oseaan, fier, fier it westen yn. Ik haw it as jonge al witten. Dêrom haw ik yn myn feintejierren de grutte seeën befearn. Ik haw ferskate seelju moete, dy't se sjoen hawwe of dy't oaren koene, dy't se sjoen hawwe... Mar nimmen hat se lang oanskôgje meien. Altyd wurde se wei, ear't men foet oan wâl sette kin. Ienkear ha wy by in eilân west, dat nimmen koe. It like sa ivich moai, ik kin net sizze hoe. Wat hie ik dêr graach hinne wollen, mar wyn en stream wiene tsjin.’
De kleuren fan wetter en wolkens bestoaren. It waad krige in ûnwerkelike glâns, it fiolet bleau it langst, mar it waard dof en donker.
Efter ús klipte in doarsklink:
‘Folkert! It iten stiet ree.’
De boppedoar fan it fiskerswentsje stie iepen. In jong frouminske seach nei ús, yn har ienfâld in leaflike ferskining. In pear bern rôpen: ‘Heit!’