‘Ik bin ek wol tefreden mei in protsje hea. En wat droech brea en in slok wetter is der licht ek noch wol.’ (As ik der earst mar yn bin, tocht ik.)
‘It hea is moassich fan âlderdom en de mûzen lizze fan 'e honger dea foar de spine.’
‘Ik bin mei alles tefreden.’
‘Dat sei de man ek, doe koed er erve.’ (De stim klonk rauwer en spotsker. Gjin oangenaam lûd.)
‘Ik hie in bytsje mear barmhertichheid yn in kleaster ferwachte.’
‘Ei, ei! Alle omrinnend folk wol mar op 'e kleasters tarre. Mar jo komme der net yn.’
‘Ik moat dochs ûnderdak hawwe fannacht.’
It ljochtsje dat er by him hie waard foar it lûkje hâlden; it skynde my yn it antlit.
‘Kom, kom! Sa'n jongkeardel as jo en dan yn 'e simmer! Immen fan jo “fak” sil wolris faker ûnder de bleate loft sliepe moatte. Jo fine noch wol strie op 't lân.’
‘De grûn is noch wiet fan 'e floed. Boppedat, it is ferbean om nachts bûtendoar te wêzen. En as se jin fine, sette se jin op 'e galeien.’
‘Dat falt allegearre wat ta. En wa wit, wat ik ynlit. En dan in âldman as ik en dy allinne. Dêr kin neat fan komme.’
En it lûkje klapte wer ticht. Ear't er it ôfskoattelje koe, hie ik it lykwols alwer iepenstjitten:
‘As jo my gjin ûnderdak jaan wolle, sis my dan teminsten, wêr't ik it bêst hinne gean kin! Wêr is de pleats, dêr't Wylde Willemke wennet?’
‘Wylde Willemke?’
‘Ja, dy faam, dy't in pleats bebuorket. Hja moat hjir net fier ôf wenje. Hoe kin ik dêr it gauste komme?’
It ljochtsje kaam wer foar it lûkje. It skynde my langer yn it gesicht.
‘Ik wit net, wa't jo bedoele. Mar jo moatte dochs mar ynkomme; it wurdt nacht en jo fine oars ek net maklik ûnderdak.’
De swiere skoattels knarsten fan 't slot. In nuver âldman; earst waard men ôfstegere en dan ynienen wie it goed. Syn stim mocht