sa goed hiene de Walen de stêd ynsletten, mar hy wie der trochhinne kommen. Hy soe mar net fertelle, hoe.
Hja koene dêr by Hemmema's folk it geheim wol fan hawwe, murk ik op. Ommers, yn it jier fjirtjinhûndert seisennjoggentich, doe't de Fetkeapers en de Grinzers Hemmemastins besingele hiene, dy't Sicke' en Gerlande beppe, Bauck Popma, mei fiifentweintich man ferdigene hiene, doe wie har âldomke Alef der ek mei trije man útbrutsen om help te heljen. Der waard wakker beard, dat ik dat sa krekt wiste, mar ik lei dertsjinyn, dat dy skiednis noch by alle Friezen bekend wie. Wy praten der noch in setsje op troch, mar Sicke fertelde my net, hoe't er út Frjentsjer slagge wie.
Hy wie nei Grins stutsen, hie dêr syn dingen dien en wie sa gau as er koe weromreizge, want it lei him sa by, dat syn heit it net lang mear meitsje soe. Te Ljouwert lykwols wie er sûnder earne euvelmoed yn te hawwen yn 'e fûke rûn. Seis wike lang hie er yn 'e finzenis sitten; doe wie er loslitten sûnder dat er in beskuldiging heard of in ferhoar ûndergien hie. Doe't er te Frjentsjer kaam, wiene de geuzen fuort, mar syn heit ek hast al oardel moanne wei. Hie er ûnbehindere syn wegen gean kinnen, dan wie er noch op 'e tiid kommen, want syn heit wie twa dagen, nei't er finzen set wie, ferstoarn. ‘It hat net sa wêze meien,’ suchte Sicke.
‘It hat sa yn 'e stjerren stien,’ liet ik my sûnder erch ûntfalle. Ik wist net, wat ik dêrmei losmakke. Sicke syn jonge frou, Ath, en Gerland glimken tsjininoar. Ik moat de goede man op syn rydhynderke holpen hawwe.
‘Lûk Alef de horoskoop ris,’ gekjage Gerland, ‘want hy soe graach ris yn 'e neiste takomst sjen wolle, dat haw ik al lang fernommen. Wannear is it jo jierdei, Alef? Jo binne grif ûnder ynfloed fan 'e planeet Venus berne. As dat sa is, rop dan moarnier by it sinneopkommen de genius Hagith mar oan. Dat is Venus' tsjinner en hy hat hearskippij oer elk frouljushert. Ja, ik wit ek wol, wat Agrippa skreaun hat.’
Mar Sicke gyng net op har toan yn:
‘De gelearde Agrippa fan Nettesheim skriuwt yn syn “Occulta Philosofia”, dat de hiele astrologia bedroch is.’