Eigentlik wie it ek wer net sa'n grut wûnder, dat de piraten it folk op 'e hân hiene. Want der waard ek grou jild fertsjinne. De geuzen ferkoften it guod, dat hja kaapten fan skippen út Syn Majesteits lannen net allinne te Dover of te Emden of yn Noarwegen of wist hy, Robles, yn hokfoar ketterske lannen, mar it waard frjemdernôch ek hjirre ferhannele. Want der wiene ûnûntstriidbere bewizen, dat der ûntsettend folle waar ta Fryslân yn smokkele waard. Lekken en wyn en folle mear kostbere produkten, dêr't hege ynfierrjochten fan betelle hearden te wurden oan Syn Majesteits eksysmasters yn 'e havenplakken. Dat dy geuzen hjir en dêr ris in stins of in pear huzen platbaarnden, by need in kleaster of in tsjerke, dat wie op 't lêst te dêroanta: hja makken der harsels mar ferspein mei, mar dat de hege oerheid foar tûzenen en tûzenen goudgûnen oan eksys tekoart kaam, dat koe by alle hilligen gjin kant út.
It kaam my yn 't sin, hoe't der al jierren grute waard, dat kening Philips en de hartoch fan Alva altyd sa'n ferlet fan jild hiene.
Nee, dit koe grif gjin kant út, stimde ik Robles mei. Ik hie op dat stuit de moed om iroanysk te dwaan, sa frij fielde ik my doe wer fan de fersiking.
Ik wit net, oft Robles de irony fielde. Ik tink hast fan net. Hy sei samar ynienen:
‘En no ferwachtsje ik fan jo, dat jo derefter komme sille, wa't hjir oan 'e wâl mei de geuzen yn 'e mande dogge.’
Ik koe it amper foar tinken nimme, al hie ik fernimme moatten, dat it Robles alhiel mienen wie.
‘Wolle jo my faaks kommandant meitsje oer dy wachten, dy't wat langer wat mear ferrinne? In moaie rol sikerwier foar immen, dy't gjin kriichsman is: fjildhear sûnder leger,’ joech ik gekjeiend werom.
Robles seach my oan, as begriep er net, dat ik it noch yn 'e gek sloech. Mar hy ferlear syn geduld net.
‘Jo moattte jo ûnder it folk jaan,’ sei er. ‘Jo kinne dat. Jo kinne gemiensum mei dit folk wurde. Jo sille in oare dracht oanlizze moatte en jo útsjoch wat feroarje. As in sljochtwei man, in ûnbekende, moatte jo sib wurde mei alleman, rûnom oan 'e kust.