sokken hat Syn Majesteit yn dizze tumultueuze tiid ferlet.’
‘It folk,’ begûn ik nochris. Mei-iens fielde ik, dat dit grif nèt de rjochte manear wie om by Robles wat te berikken, mar it simpele skema dêr't dy de dingen yn sette, twong my der fansels ta. ‘It folk moat it belije. Ten Indyck ferriket him op kosten fan it folk.’ (‘Op kosten fan Syn Majesteit,’ hie ik sizze moatten.)
‘Dit folk fertsjinnet net better. It moat stûf oanpakt wurde. Boppedat, it besiket op alle manearen foar syn plichten wei te winen. En ta syn eigen skea faak. Sjoch mar nei dizze wyldernis.’ Syn hân wiisde oer de ûnwrâld om ús hinne.
Syn redenearring wie te ûnlogysk om foar wjerlizzen fetber te wêzen. Hy joech der my de tiid ek net ta.
‘Boppedat, de ynkomsten fan 'e Keninklike Oerheid út de gritenij Ferwerderadiel binne net lytser as út oare gritenijen. De grytman Ten Indyck is ek in grut fijân fan 'e geuzen. Der binne langlêsten resolúsjes útfurdige oan 'e grytmannen om it oanfarren fan skippen oan 'e kust te ferbieden op straffe dat se yn 'e brân stutsen wurde. Hy sil op dat stik syn uterste best dwaan.’
En doe oerrompele Robles my mei sûnder oergong te freegjen: ‘Wêrom tsjinje jo Syn Majesteit de Kening net op in oare manear, salang jo noch gjin grytman binne? Wêrom hawwe jo ferline jier net meistriden tsjin de rebellen?’
Sa wie Robles syn aard, altyd yn 'e oanfal. De frage, dy't sa hommels kaam, ferbjustere my. Ik stammere ien of oare ûntskuldiging. Dat ik net sa sear in kriichsman wie of sokssawat.
Robles seach my ûndersykjend oan en ik hie wer it gefoel, dat er skoan yn myn binnenste lêze koe, dat it my alhiel net lêste tsjin 'e geuzen te fjochtsjen, dêr't safolle Friezen ûnder wiene.
‘It binne de goede grytmannen net dy't Syn Majesteits saak net mei de wapens foarstride wolle.’
Hy snúfde ferachtlik.
‘Der is noch in gelegenheid foar jo om jo goede wille te toanen, al is de fijân hjir fan it lân ferdreaun. Wy binne dwaande ferskate skippen út te rissen tsjin de piraten. Wy sille se omstean leare, de boeven, dy't rôvje en baarne en de skippen fan Syn Majesteits