jier lang en de diken sels, dy't har dochs allegear mei-inoar befeiligje moatte, wurde fersleauke, jierren en jierren lang.
Hoe wol dat komme, hoe wol dat nochris komme? De gefolgen haw ik sels sjoen. Nei de grutte floed fan santich hawwe der noch twa nije grutte oerstreamingen west. It lân leit hjir amper foar ebbe en floed. Dat is de grutske Fries dy't it lân skoep, de frije Fries dy't sels it dykrjocht stelde.
Nei de Allerheljenfloed hie der daalk oanpakt wurde moatten, mar doe briek der mear deilisskip út as ea. It hiele jiers fan ienensantich wie der mar neat bard. De hearen fan it Hôf skôgje yn maart de dyk al en beslute om earst de gatten tichtsje te litten dêr't de floed alle dagen trochrint. As de Steaten fan alle goaen wegerje te beteljen, gebiedt de steedhâlder, dat de diken dan earst mar neffens de âlde manear tichte wurde moatte. Mar it draait amper op reboelje út. Dy fan Menameradiel en fan Minnertsgea hawwe har al losmakke fan it âlde ferbân fan 'e bûtendyksters en binne al op eigen ban en boet oan it dykopmeitsjen. De riedsleden fan it Hôf, dy't foar it oanbesteegjen fan it wurk kommitearre binne, reizgje nei Dykshoek, mar de oanbesteging kin net ienris trochgean, sa'n skeel is der. Steedhâlder en Rie jouwe befel, dat nimmen op eigen gelegenheid oan 'e dyk arbeidzje mei. Der moat earst oarder op saken komme en jild op it kleed. Alva beskikt, dat hiele Fryslân bydrage moat. Fjirtichtûzen gûne moatte der komme. It is eins noch te min, mar de Steaten lizze der wer tsjinyn en stjoere sels folmachten nei Brussel. It gyng ek dwers tsjin de rjochten fan 'e lannen yn. Der mochten har gjin lêsten oplein wurde as hja der sels net yn bewilligen. Hja hiene grut gelyk, jawisse, mar it lân lei foar de sâlte see.
Alva joech yn safier ta, dat er de saak opstelde en in krekter ûndersiik en de beslissing opdroech oan de steedhâlder mei twa rieden út Utert, twa út Hollân en twa dykgreven út Seelân. O grutske Fries, wat moatstû dy djip skamje!
En noch bart der neat. De Greve Van Megen, de steedhâlder, komt it oare jier jannewaris te ferstjerren en de saak is jitte like fier. Mar dan wurdt kolonel Robles yn maart troch Kenings Rie te Brussel oan 't haad fan 'e kommisje set, dy't de skelen oer it