| |
| |
| |
Elbrich II
| |
| |
Oarde en lêste diel fan it hânskrift fan Alef Epes Aylva út it jier 1582
| |
| |
I
Oer de gritenij Ferwerderadiel hie al sûnt jierren in man it bewâld, dy hiet Pylgrom ten Indyck. Sa'n baas grytman hat de kening komselden hân. Hy regearre net mei de sêfte hân, mar mei de izeren roede. Mei it belang fan it folk koe er gjin rekken hâlde. Sokken moat in kening krekt hawwe. Syn Majesteit hoegde net te frezen, dat der ek mar ien wie, dy't in penje te min betelle fan 'e lêsten, dy't it Syn Majesteit hage de ûnderdienen op te lizzen. Dat moat ek net, wier? Mar net elke grytman hat it foarrjocht, nea gjin meilijen te fielen, as er immen, dy't perfoarst net betelje kin, yn 't hûnegat smite litte moat. En as er syn folkjen tefolle belêsting betelje litte, of te hege griffykosten ôfnimme koe, dan liet er it net.
Dat binne de rjochte grytmannen, sokke dy't baarne fan iver foar Syn Majesteit. De deugd wurdt ek altyd leanne. Dy't sa de heechste lânshear tsjinje, giet it ek sels foar de wyn. De bêste grytman is hy, dy't de measte boeten opleit. Sa'nien kin it ek net helpe, dat hy der sels de helte fan hâlde mei. Sa'n man mei ek hast like graach skuldfoarderingen eksekutearje, al is it eigentlik sneu foar him, dat hy der sels mar tsien persint fan kriget. Mar alle bytsjes helpe op 't lêst, foaral as it troch de mannichte giet.
Moasten de Ferwerderadielsters net tankber wêze foar sa'n grytman? Ien dy't har yn steat stelde, de achtinge en earbied, dy't hja foar de Kening koesteren, ek yn goud te honorearjen? Krige Pylgrom lykwols gjin stank foar tank? De grytman seach bygelyks ta op har sieleheil. As der in nijynkommeling yn 'e gritenij wie, dan hie er mar te soargjen, dat er in sertifikaat hie fan ûnbesprutsen
| |
| |
seden en rjochte religy. Koe er dat net oerlizze, dan waard er sûnder mankearen nei syn âld wenplak weromstjoerd om it op te heljen. Wie dat net treflik? Mar de lju seine, Ten Indyck die dat allinne mar om noch in kear faker op oarmans kosten in miel sette litte te kinnen. Dat wie net earlik, sok sizzen. In grytman dy't him sa ynspant moat syn lichem dochs ek yn stân hâlde! Hy naam it sa nau mei de wiere godstsjinst, dat hy wie al like keken yn 'e nominaasje fan pastoars en fikarissen. Moasten hja dêr net krekt bliid mei wêze? Ynpleats stinden en wrokken se, om't It op in frij gelach kaam te stean. En dan wiene der ek noch guon, dy seine dat er de amten ferkoft. Oaren wiene sa bretaal, dy lieten har net strûpe. Hja prosedearren tsjin him ynpleats dat se it pleitsjen, dêr't Pylgrom sels sa'n nocht oan hie, oan him oerlieten.
It wie dêr in oerhearrich skaai yn Ferwerderadiel. Hja besochten net allinnich har eigen ûngelyk troch it rjocht feroare te krijen, hja diene ek alle war, har wettige en trouwe rieder en rjochter it grutste ûnrjocht oan te dwaan, dat hja mar betinke koene: hja tsjinnen, troch har ôffurdigen yn 'e Steaten, klachten yn en easken, dat er ôfset wurde soe; hy net allinnich, mar ek syn siktaris Foppe Gabbes, dy't dochs yn iver en trou oan de Kening en oan himsels perfoarst net by Pylgrom benefter stie. Dêrby gyngen hja tige falsk te wurk. Hja moasten har grytman fertocht meitsje by it Hôf. No wisten de hearen fan it Hôf út al dy prosessen wol, hoe'n man Pylgrom wie. As er de Kening net trou tsjinne, soene hja wol fanwegen komme. Dat hja oan al dy prosessen fertsjinnen, soe op 'e dieden fan sokke yntegere mannen gjin ynfloed ha. Hark no, hoe fyn ynlein dy fan it Diel de saak oanfetten! Hja beskuldigen Pylgrom derfan, dat er konsinten spliet. No moat elkenien witte, dat der foar de oerdracht fan lân konsint frege wurde moat fan 'e oerheid. Is de wearde fan it lân minder as twahûndert gûne, dan mei de grytman it konsint jaan; is de wearde heger, dan moat it Hôf it jaan. No brochten dy smjunten tsjin Pylgrom yn, dat er wolris in oerdracht fan boppe de twahûndert spliet yn twa dy't derûnder leine. Dat wie in gemiene beskuldiging. De grytman kriget mar ien heale stoer fan 'e goudgûne. Hoe soe sa'n braaf
| |
| |
man no om in pear hûndert healstoeren syn siele sa beswierje wolle. Dy Ferwerderadielsters rekkenen ek grif alle herten by har eigen. Hja hiene hope, dat de hearen fan it Hôf op sa'n manear it ear nei har winsken hingje litte soene. Lykwols, hja hawwe bûten de trou fan 'e riedsleden fan it Hôf oan 'e Kening rekkene. Hoe soenen dy heechweardige mannen no om dy pear hûndert luzige healstoeren - oannommen dat it wier wie - sa'n nommel foarstrider fan 'e Kening syn rjochten ôfsette! Dêrfoar hie Pylgrom ek fierste sibbe freonen ûnder 'e hearen. Del Vaille bygelyks wie er oates en toates mei. No koe men dan sjen wat trouwe freonskip betsjutte! De Ferwerderadielster ôffurdigen hawwe dan ek neat berikt mei har doleânsjes. It Hôf wie op syn plak en de Kening syn steedhâlder ek.
Yn it jier fyftjinhûndert trijeënsantich lykwols, dêr't ik, Alef van Aylva, dit twadde diel fan myn libbensferhaal mei begjin, waard Ten Indyck dochs oan 'e kant set. Dat wie syn freonen har skuld net, want hja wiene ôfwêzich en Robles, de luitenant-steedhâlder, hie it ek te drok mei stêdbelizzen yn Hollân. De hartoch fan Alva hie it Hôf hurd oplein om gjin malversaasjes fan grytmannen troch de fingers te sjen. Fan ien en oar is op in trochtrape manear gebrûk makke. Men kin ommers sa wol begripe, dat it Ten Indyck net om eigen foardiel te rêden wie. De man wie âldfeint, hy hie kyn noch kúk. De man koe it jild, dat er troch syn krewearjen foar de Kening wûn, ek net iens yn sûnens fertarre. Hy hie in kwaal: hy wie gallich. Dat wat foar belang soe er by jildynklauwen hân ha?
Wêrom fertel ik dit allegear? Wel, ik skrepte om in gritenij. Ik koe it ek net helpe, dat it Ten Indyck net meirûn wie. It slagge sa moai as it koe. Ik hie de ôffurdigen op 'e hân, der wie trouwens ek in Aylva by. De achtste juny waard ik beneamd, de njoggende lei ik de eed al ôf. Einlings wie ik dêr't ik wêze woe. Lykwols it is oars beteard as it earst like. Ik moat oannimme, dat it Ten Indyck begrutte hat om Syn Majesteit. Dat dy sa'n sleauwe en sloppe grytman as ik ien wie yn Ferwerderadiel krije soe. Hy moat syn freonen warskôge hawwe fier en hein; de achttjinde juny al hjitten
| |
| |
Robles en it Hôf, dat net ik, mar de âldste bysitter it amt betsjinje moast. It hong allegear noch. Ten Indyck, dy't wol yn it suden kaam, mei syn kwaal te masterjen, wist ek de wegen nei de oerheden yn Mechelen en Brussel. Dy wist er grif ek de eare te bewizen dy't sokke heechheden takomt.
Der binne fan dy inkelde dagen, dy't men altyd weroan sa klear foar jin krije kin. It hat mar in simpel belibjen west, mar men hat it yn jin opnommen mei al jins sinnen. Sa'n dei wie de lêste fan augustusmoanne datselde jiers trijeënsantich. Doe't ik dêr lei te rêsten op in stik fan 'e âlde seedyk, wat wie it in geniet op dy ljochtige fredige dei om bar de see en it lân oer te eagjen.
It ljocht makke alles bliid, mar oars: men hie ek likegoed skrieme kinnen. Sa skeind lei de wrâld derhinne. De see net. It wetterlichem hie groede noch rimpel. Ik hie swommen. Sêft hie it wetter my droegen, freonlik hie it my de lea omstreake. Sleau rûn der in lichte dining oer; de see sliepte, in sunich sykheljen beweegde it machtich boarst. Ik seach in pear fiskerlju pielen yn in boat: hja fandelen de fûken. Us Sybolt wie meifearn. Ik hearde se yn 'e fierte praten, it lûd droech fier, it wie sulv'rich as de see.
Om 'e noard lei Harns, it stike wat foarút yn 'e see. Heech riisde it op. It like te sweven, yn 'e loft te hingjen boppe it wetter. It mânske blokhûs, tichte by de haven, riisde massyf boppe alles út.
Wol wie ik hjir tusken see en lân yn. As ik my omdraaide sloech my de sinne as in wjerljocht út in grutte wiel temjitte. Wêr wie de grins tusken ierde en wetter noch? Ien glinstering wie it dy moarns nei it súdeasten ta. De ôfskieding tusken it wiete en it droege wie ferbrutsen. Soe it sa ek foar ieuwen west hawwe, tocht ik, doe't der noch gjin diken wiene, lykas de kroniken en de oerlevering ha woene - trouwens terpen wiisden it noch wol út. Mar nee, doe koe it sa wyld net gien wêze, dan wie der gjin lân mear oerbleaun.
Sa wif binne de eleminten. Hjoed koesteret jin de sinne, de lije wyn is in boartlike maat, it wetter widzet loom al wat him derop jout, de drôgjende ierde kin har wer ûntjaan. De eleminten binne
| |
| |
sleau en guodlik, mar o wee as hja gearspanne! De moanne en de tijen binne wis mar de stoarmen net, wa wit fan har tiden en wegen? Soms komme hja hjerstmis, soms winterdei, mar ek by 't simmer kin de Noardman bylje. Skriklik wat in tiid as dat lang oanhâldt en it falt gear mei in springtij. Dan komt it oan op wat minskene ienriedigens skepen hat, dan docht it útwizing hoe geef de diken binne.
Noch mar goed tsien dagen lyn hie der sa'n grutte wetterfloed west, fan 'e njoggentjinde oant de ienentweintichste augustus hie it duorre en dy fan hiele Westergoa hiene it belije moatten, dat de dykplichtigen it alhielendal net iens west mar sûnt lange jierren skeel hân hiene.
Sybolt en ik hiene it measte der noch net fan sjoen. Wy wiene fan Snits nei Wytmarsum reizge, en sa fier fan 'e kust ôf wie de skea tafallen. Myn pleats Syboltsma te Wytmarsum wie der goed foarwei kommen. Fierderop, tichter by see, moast de stoarm helte raarder wurk makke hawwe, gyng it sizzen. Sa wiene wy dy moarns tegearre op ús hynders dat út riden. Wy hiene der earst neat fan sjoen, want wy wiene binnen de Peinjumer halsbân en dêr wie de floed foar stuite. Wy wiene mei ús hynders by de skeante op fjouwere, dêr stiene wy boppe op 'e halsbân, noardwest fan Surch. Hiene wy net te pearde west, wy hiene amper de seedyk of wat dêr noch fan oer wie berikke kinnen. Rûnom wie it lân brutsen, it wie ien wyldernis fan wielen en slinken mei stikken skierbeslike greide en ferrinnewearre boulân dertusken. It hie rûnom oars sa west dat it seewetter stadichoan fierder it lân oer rûn wie, want de diken wiene faak noch stikken of mar heal makke fan eardere floeden. Sadwaande wie it wetter earst net opset oan dyksrâne ta ear't it him oer it lân stoart hie en dat hie foarsafier in gelok west. Mar hjir hie it wylde wetter net fierder kinnen, mei't it kear fûn hie foar de halsbân: de bare see moast hjir baarnd hawwe. De inkelde minsken dy't hjir wenne hiene - wat boere- en dyksterfolk - hiene it libben der wol ôfrêden mei binnen de halsbân te flechtsjen, it fee hie ek noch meast mei kinnen, mar de huzingen hiene it belije moatten. Tichte by my stie in koatersspul
| |
| |
op in foech wierke. Dat wie der ek net boppe bleaun en it wetter hie der in stik fan 'e âld liemen sydmuorre útslein en it dak wie heal ynfallen. It heablok mei de rispinge griene earte der boppeop wie stean bleaun, mar de weetskûne dy't al moai wis noch net ôfmakke west hie, wie troch de wetterwolf útinoar roppe. Op it boustik moasten de stûken foar in part noch stien hawwe, mar alles wie ferdreaun en ferspield, hjir en dêr leine de skeaven yn it druiende slyk. De bewenners stoateren wer op it hiem om. Hja gyngen nei, wat der fan har hawwen en hâlden noch brûkber wie. En soene hja hjir dan mei nije moed fan foaren ôf oan begjinne? It like my ta, dat dizze stripe lân hjir fuort efter de seedyk net behâlden wurde koe; dy soe wol priisjûn wurde moatte oan 'e see, dy't grif al mear kostber lân dat hjirfoar lein hie ferswolge hie. Hiene de fiskerlju gjin ferhalen fan fersonken toersklokken dy't hja somstiden út 'e djipte wei noch lieden hearden? De kroniken woene hawwe, der hiene twa plakken west: Harns en Harliga, dêr't ien fan ferdronken wie. En noch fierder om 'e noard moast Westerbierrum lein hawwe.
Wylst ik dat út eage glied der in lang skip see yn. Nuver, tocht ik, it koe oars wol neat as in romp wêze; mêstwurk sjoch ik net. Wat foar frjemd spoekskip wie dat op ljochtskyndei? Gong siet der genôch yn. As glied in grut fabeleftich seemeunster troch de weagen op in fiere proai ôf. Doe seach ik it oan syn flanken op en del bewegen, yn it wetter en der wer út, evenredich al mar troch, as swom it ûndier mei reuseftige lidden fuort. En ynienen wist ik it: ien fan Robles' grutte galeien sette de koerts oer it waad.
Robles. De luitenant-steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte sûnt de dea fan 'e greve Van Megen yn jannewaris fan it foarich jier. De man dy't it te sizzen hie, as it derop oankaam, oft ik grytman fan Ferwerderadiel wêze soe of Ten Indyck. Hy wie wer yn Fryslân. It waard tiid dat ik him besocht, want ik hoegde net te tinken, dat de snoade Pylgrom it paadsje net by him waarm hâlde. Mar ik koe der min ta komme en ferskyn by dizze Portugees. Dochs soe ik him ek wolris moetsje wolle. In bysûnder man wie it grif. As men dat net wie waard men net sa hate en freze en
| |
| |
fereare tagelyk. Ien ding stie grif wol fêst: hy wist wat er woe. Alderhanne ferhalen gyngen der fan him. Hy moast mar fan leech komôf wêze. Syn mem hie de amme fan kening Philips west. Sadwaande hie Kaspar fan bern ôf oan it Hôf fan keizer Karel ferkeard. Hy moast ek paazje by de Prins fan Oranje west hawwe. No wie der nimmen dy't fûlder, te lân en te see, de rebellen fan 'e Prins befocht. In fjochtersbaas hie it nammers altyd al west. Yn 'e Frânske oarloch hie er destiids in ferneamd strider yn in twakamp ferslein en hy hie al mar opgong makke oant er op 't lêst in rike tsjeppe frou út it Walelân betroud hie en har hearlikheden lykas Billy en Malepert derby. As kolonel fan in rezjimint Waalsk fuotfolk hie de hartoch fan Alva him yn achtensechstich, doe't it sa knypt hie, mei nei Grinslân nommen en sûnt hie er dêr it befel hân. Gjin better ferdigener fan de Kening syn saak hie hjir yn it noarden stean kinnen. Doe't it foarich jier de opstân fan Hollân op Fryslân oersloech, hie it Robles west dy't de rebellen sa yn 'e knipe set hie, dat se de hjerstmis it lân wer romje moatten hiene.
Wat wie der alwer in bulte bard, sûnt de tiid dat ik dreamd hie, Anna Dekema soe myn wiif wurde. De jierren ha fol ûnrêst en roerje west. Datselde jiers fyftjinhûndertsantich begûn it mei dy skriklike Allerheljenfloed. Wat in tiid! As de weagen oer de heechste terpen hinneskomje, as tûzenen har yn deadsneed fêstklamje oan alles wat har behâlde kin en oare tûzenen sinke wei de nachts yn 'e donkere razende wetters. Dan is it gjin tiid mear om eigen lyts leed te koesterjen, dan moat alle man mei oanpakke om te rêden wat der te rêden is. Dan wurdt der fochten oant de wurge lea it net mear lije wolle. Skjin ynein falt men yn in swiere sliep, dy't jin mar effen gund wurdt en daalk wachtet der wer nije soarch en striid. Ek letter, net te min, as de lannen wer droechfalle en de skea opnommen wurde kin. Fertriet slyt jimmer út njonkelytsen, mar sokke tiden giet it dûbeld hurd. En dan komt in nije floed en oarloggerije. Ek al fjochtet men sels net mei, it is dochs noch rûzich genoch. Bliuwt it famyljebesit sparre as streupende binden it lân ôfswalkje of by it kearen fan 'e kriichskâns? Anna Dekema wie jit altyd frijfaam, mar it gyng my al lang net mear oan.
| |
| |
Dêr lei ik yn 'e skeante fan in stik seedyk dat it noch hâlden hie en beakere mysels yn 'e augustussinne, it die de lea goed nei it swimmen. Suver fansels begjint men dan oer jinsels en jins libben nei te tinken. As in manminske sa yn syn tritichste begjint te kommen, dat kin in noedlike drompel wêze yn syn libbensdagen. It is âld sizzen, mar it wol my wol oan. Oer my wie de lêste tiden ek in ûnrêst en in ûnfoldienens kommen, dy't ik nea earder kend hie. Dat ik gjin befrediging fûn yn wurk, dêr sil it mei oan lein hawwe. Beëdige grytman fan Ferwerderadiel en dochs útsletten fan it amt. Gjin noflike posysje sikersonk. Dochs wie dat grif de djipste oarsaak net. It grytmanskip, hie ik it oanfurdigje kinnen, soe wol safolle fan my frege hawwe, dat ik der net oan takommen wie te harkjen nei de lokjende stimme fan it ûnbekende aventoer. No waard de oanstriid om derop út te tsjen hyltyd sterker. Woe ik fiere lannen bereizgje? Dêr soe ik amper antwurd op jaan kinne. Mar de rûnte dêr't ik oant no ta yn libbe hie, wie my net mear genôch. Ik begearde, as ik it mysels bewust makke, alderearst mear minsken kennen te learen. Ik hoegde gjin útlânske reizen te meitsjen, waard my no njonkelytsen klearder, mar ik soe wol fan stins ta stins, fan doarp nei doarp, fan pleats nei pleats swalkje wolle en kunde krije oan alle libben dat der libbe waard. Wat wie it libben op ierde ryk, wat wist in minske trochstrings in bytsje fan dat rike ferskaat ôf! Wat koe men as it derop oankaam mar in stikmannich fan jins eigen folk! In nije eangstme pleage my, de eangstme dat it libben my ûntkaam. Dêrfandinne dy ûnrêst.
En no't ik hjir langút yn 'e koesterjende sinnewaarmte lei en alle tiid hie om hjir fierder op troch te tinken, waard it my ek bewust wêr't eigentlik al myn langjen allinne nei útgyng: de frjemde frou. As ik de eagen tichtdie en ik stelde my al dat libben foar, by wurk en by wille, bûtendoar en yn 'e beslettenens fan 'e huzen, dan wist ik it wol. As dêr net oeral de frou wie, dan soe it my net lûke. Wêrom haget altyd wer de frjemde frou? Binne it it bliere antlit, de slanke lea, de lichte gong, it teare gebeart, it fonkeljende each, de roazelippen, it golle wurd of de sulveren laits dy't jimmer fannijs it herte reitsje? Och, men hat se tûzenkear sjoen, tûzenkear
| |
| |
lykwols sille se wer treffe by elke leaflike frou dy't men foar it earst moetet. Mar altyd wer sil de bekoaring foar in grut part wike as it frjemde bekend wurden is. No wit ik, dat it net earst oan 'e frou leit, mar oan jinsels. Men kin ek ûnwennich wêze fan eat dat yn dit ierdske libben net bestiet. Dêr is gjin genêzing foar.
Robles' galei, dat swarte meunster, kroep stadich fierder troch it wetter, wifke efkes krekt as seach de kop alle kanten út, doe feroare de koerts wat. Boppe it wetter tichterby blonken wite wjukslaggen op foar it blau fan 'e loft. Seekobben. Har ienfoarmich beweech naam gjin ein. It begûn my foar de eagen te flimerjen, ik die se ticht. Ik foel net yn 'e sliep en hie gjin drôge. Mei de sinnen wekker seach ik in wyt hynder fjouwerjen en in jongfaam derop. In wikende ferskining. ‘Elbrich,’ sei ik sûnder neitinken heallûd.
Ik hie de lêste tiid al hyltyd faker tocht oan de faam dêr't ik jierren lyn te Boalsert Pinkster mei hâlden hie. Doe wie hja daalk sûnder spoar út myn libben ferdwûn, no kaam hja as in dreambyld werom. En ik wist no ek, dat it dit dreambyld wie dat my lokke as de frjemde ûnrêst my ta swalkjen driuwe soe. Dêrom fielde ik ek, dat neat my aanst keare soe. Hoe dan ek, ik soe derop úttsjen om it libbene wjerbyld fan dit dreambyld te finen.
Tagelyk wie ik my it dwaze fan wat ik woe wol bewust. Hoe lang wie it al net lyn? Oannommen dat hja noch libbe, dan soe hja grif efter yn 'e tweintich wêze. Tûzen om trettjin of hja wie troud. It hie doe al in folslein faam west, tsjep fan wêzen en sûnder wryt of slyt. En dy soe oerbleaun wêze? Leau dat de boeresoannen mar! Dy soene sa'nien stean litten hawwe. Boppedat, ik hie destiids gjin inkelde oanwizing fine kinnen nei hokfoar wynstreek ik siikje moast. No ja, by de see, dat wie myn iennich hâldfêst. Mar de Fryske kust is sa lang. Wat langer ik deroer neitocht, wat dwylsinniger it ûndernimmen mysels foarkaam. Hja wenne oan 'e seedyk. Wèr kaam my dy Allerheljenjûn yn it sin, it jiers fan 'e grutte floed. De wyn hie earst dagen út it súdwesten waaid en it wetter troch it Kanaal yn 'e Noardsee opjage, nei't se wol ha woene. Doe wie de wyn útsketten nei it noardeasten. It wetter hie
| |
| |
lyk stien mei de diken en hommels wie it deroer rôle en tagelyk bejoegen har de seekearingen. Tûzenen wiene fan it stee spield, nimmen hat se ea wer sjoen of earne fier fuort, op frjemde kusten, by ûnbekende minsken, binne de liken opkommen. Dy't by de diken wennen binne foar in grut part omkommen. Soe hja noch libje? De faam dy't op 't hynder hjerstdei faak bûtendiken ride moast om it fee te rêden, nei't hjasels foarjûn hie? Ik seach har striden mei de eleminten, wyn en stoarm en wetter, op har wyt hynder. It gyng tsjin alle rede yn, mar it stie muorrefêst foar my, dat ik my opmeitsje soe om te sjen wat der fan dizze faam wurden wie.
Ik hie lykwols noch gjin idee hoe't dat gean soe. Ik koe dochs net bêst by elke pleats lâns reizgje, dy't tichte by de seedyk lei en dêr neifreegje, oft...? Ja, oft der ek in frommes wenne, dat Elbrich hjitte en op in wyt hynder ried, of ja, miskien die se dat al lang net mear. Hja soene my grif foar in jonker hâlde dy 't it yn 'e plasse mealde. Ik wist noch net, hoe't it komme soe...
Sa lei ik te mimerjen. Ynienen skrille ik op om't myn hynder lûd wrinzge. In hiel selskip ruters socht it paad krekt nei it ein dyk dêr't ik lei. Hege hearen wiene der grif by, oan dracht en hâlding te sjen. Ik hie alle klean noch lang net oan. Hie it paad net sa min west, ik hie amper klear kommen mei klaaien, ear't hja swaaiend en wizend by my stiene. It wie mar goed dat hja my hjir net yn 'e ûnderklean oantroffen: ik murk wol trije riedsleden fan it Hôf fan Fryslân op. Adrianus Vastaert, Joannes Carolus, de Italjaan en myn âld-stêdgenoat Piter Frittema. Hja wiene lykwols al moai wis net de heechste personaazjes yn dit bûn. Elk skikte him nei in lytse swarte man, ienfâldich yn 't habyt. Efkes liet er syn donkere eagen op my falle. Ik huvere. It wie as ljochten se dwers troch my hinne.
|
|