XXII
Sa bin ik wer te Snits kommen. Frijsprutsen en dochs ferslein. Ik haw lang wurk hân om dat te ferarbeidzjen. De omstannichheden hie ik net mei. Hie ik in taak hân, dy't de man ferge, ik soe der gauwer oerhinne rekke wêze. No moast ik thús húsmanje mei in ûnbegryplike mem, dy't har it gefal allinne oantriek om't it ús eare tenei kaam. As ik my fan hûs joech, waard it net better, om't ik wist, dat elk my neiwiisde, sa bekend wie myn gefal wurden.
Wat joech it my, dat de biskop troch syn bemuoienis mei dizze saak safolleste mear ferspein wurden wie? Wat hat it my jûn, dat der sûnt gjin inkelde frijer om Anna Dekema komme woe?
Lykwols, mei de tiid dan slyt alle fertriet út, ek de leafdesmert. En hoe'n tiid hat it west! Hoe ûnrêstich, foar ryk en earm, foar roomsk en ûnroomsk! Mar dat hat my der net oerhinne holpen. Ik haw folle ôfswalke yn dy tiid, ús hiele Fryslân oer. En oare dingen hawwe myn sinnen finzen nommen. Dat dogge hja noch, dat dogge hja wer, dyselde dingen, as ik my oerjou oan it tebinnenbringen: maitiid en simmer, bleke loften, wâljende mieden, hailannen, simmerjûnen, de see yn einleaze glinstering, folk yn wurk en wille en noch folle dingen mear. Doe wie it treastlik, no hat it foar my in oare tsjoen krige: heitelân.
Sa haw ik my losmeitsje moatten fan Anna Dekema. Oant ik wer siikje koe om in oare leafste. En ik socht net in faam lykas Anna. Wat my tefoaren wol minder klear foarstien hie as it ideaal