Hoe koe Anna sa dwaan? As ik nochris mei har prate, ear't it proses fierder gyng! Ik hàw har ek te wurden west. Op Ayttahûs oan 'e Weaze, dêr't hja útfanhûze.
Doe't ik Eedwyr fuortgean sjoen hie, haw ik it besocht en gjin boaden koene my keare. Anna lykwols ûntfong my net blier, skou seach se my oan. By har siet de amme en naam my driigjend op: in lilk dogge, tocht ik, dy't de bange masteresse befeiligje moast.
‘Ik hie net ferwachte, dat jo hjir mear komme soene.’
‘En ik hie net tocht, dat it nedich west hie!’ Ik sei it noch mear stilferwitend as lilk.
‘Jo meie jo boadskip sizze.’
Stroef-ûnwillich kaam it derút.
‘Ik tocht, dat jo oars ek wol wisten wat myn boadskip wie.
Stilswijen. Hja seach ferlegen fan my op 'e amme.
‘Ik woe leaver mei jo allinne prate, Anna.’
De dogge gromme, mar it wie net te ferstean, wat hja sei. ‘Myn amme mei wol hearre wat wy beprate.’
‘Mar it giet jo allinne oan.’ Ik bedimme my noch; ik woe kalm bliuwe, al fette ik wol, dat hja skurf wie fanwegen har ferrie en dêrom net ûnder fjouwer eagen mei my prate doarst.
‘It jout dochs neat mear.’ (Anna.)
‘Nee, it jout dochs neat, as wy inoar wat ûnthjitte en jo komme it net nei!’
‘Wat jo woene, dat kin ik net dwaan. Fiele jo dat dan net?’
In fjoerreade kleur berûn har wer. De amme seach mei grutte ferhearde eagen ta.
‘Ik soe troch de grûn sinke fan skamte. Ik kin net!’ hime se.
‘Wêrom hawwe jo it my dan earst tasein?’
‘Ik koe net tsjin jo op. Jo hawwe it my optwongen. Ik haw der doe net genôch by neitocht.’
‘Tinke jo der dan no wol genôch by nei, wat it betsjut, jins wurd te brekken?’
‘Ik kin net oars! Efkes betocht se har: ‘Jo hiene it safier net komme litte moatten. Myn eare en goenamme geane deroan. Mar dat kin jo neat skele.’