holle, dy't dof neisûze en dêr't ik my earst fan ferhelje moast.
‘Ik haw jo yn betrouwen meidield, wat yn dat brief stiet. Dêr soene jo op in gemiene manear misbrûk fan meitsje.’
Hja hie it brief yn 'e hân.
‘Ik sil der allinne gebrûk fan meitsje as jo my derta needsaakje.’
‘Dat betsjut...?’
‘Yn alle gefallen dat jo ôfsjogge fan in rjochtsfoardering oangeande troubelofte.’
‘Krij ik dat brief dan werom?’
‘Dat hinget derfan ôf. Jo binne my yn myn eare tenei kommen, mei te sizzen, dat wy in geheim houlik hiene.
As jo dat wer ynroppe, krije jo it brief werom.’
‘Ik ûnthjit neat. Jo meitsje gebrûk fan oermacht. Ik lit my sa net twinge.’
‘Tink 'erom. Myn abbekaat soe jo net sparje.’
Treiterjend beweecht it brief yn 'e hân.
‘Dit hie ik fan jo net ferwachte.’
‘Ik warskôgje jo. Dit is myn lêste wurd!’
Sa wie ik stik foar stik út al myn skânzen dreaun. Allinne de lêste dy koe ik noch net oerjaan, al mocht ik ek foar in ferlerne saak fjochtsje. Ik ferbylde my al, wylst ik oer de Nijstêd nei ‘De Gouden Helm’ rûn, dêr't ik Bolema wer treffe soe, hoe't alleman nei my seach. Krekt as stie it my op it antlit te lêzen, dat ik in ôfstegere frijer wie, dy't himsels mar wat ynbylde hie. Moast ik sels ek noch ôfstân fan myn rjochten dwaan?
De spot fan elkenien soe my treffe sa't de kâlde winen op in keale flakte de ienbere swalker yn tinne skurve klean bestoarmje en oan it hert ta ferstiivje litte fan kjeld en illinde. En gjin inkeld ûntwyk soe mear oerbliuwe.
Mar as ik myn eask al trochsette en Anna kaam mei dat brief foar 't ljocht?
‘Us freon Hartman Hoekes is wol foargoed better,’ sei Bolema gnyskjend.
‘Hoe dat sa?’
Hy fertelde it nijste nijs, dat er oer de wâldgeus heard hie. It