Hoe koe dat no? Ja, hoe koe dat yn 'e goedichheid?
De biskop sette mear faasje efter syn dieden as ik. Wylst ik noch yn wetten stie, wat te dwaan, krige ik in sitaasje fan 'e biskop. Hy wie amper in pear dagen yn 't lân; en ik koe my net begripe, doe't ik it hearde, wêrom hy my foar syn gerjocht daagje koe. Ik koe myn eagen net leauwe, mar it stie yn 'e sitaasje: ik moast my de njoggende febrewaris oansteande mei Anna Dekema te Ljouwert foar de biskop ferantwurdzje oer it feit, dat ik mei niisneamde Anna Dekema in geheim houlik sletten hie.
Sa rôp my immen ta de oarder fan 'e feiten. Dat wie goed foar my: as men jin tsjin in oar ferwarre moat, rekket men it gauste mei jinsels klear.
Ik fûn ek in gelegenheid om mei Anna te praten. Hja wie no wer op Dekemastins. Dêr gyng soks makliker. Wêrom ûntfong hja my net blierder? Wêrom seach hja my net frij yn 'e eagen? Wie it allinne om dat ferwyt, dêr't hja my daalk mei kaam?
‘Hoe kinne jo sok praat oer ús útstruie? Jo meitsje my te skande.’
Har wangen berûnen read.
‘Wêrom binne jo sa foarbarich? Ik bin jo wiif noch net!’
‘Anna! Ik wol jo net te skande meitsje. En it is ek gjin skande, as twa leafsten in geheim houlik oangeane.’
‘Mar it is ommers net wier. Hoe kinne jo it dan sizze!’
‘It wie ek net wier, dat jo de troupenje op berie nommen hiene. Hoe koene jo se my weromskikke?’
‘Ik koe net oars,’ sei hja bedêst. ‘Om myn susters net. En om ús omke Douwe net.’
‘Dat hie ik wol tocht, Anna,’ sei ik, blider. ‘Mar o, wat haw ik wat om jo útstean moatten. Wêrom hawwe jo ek neat fan jo hearre litten?’
Hja is my it antwurd skuldich bleaun.
‘Ik doar net mear op strjitte komme, sa skamje ik my foar de minsken,’ ‘Anna, lit ús dan soargje, dat de biskop ús opleit, ús houlik yn it iepenbier te sluten. Dan hoege jo jo nearne foar te skamjen.’
‘Ik kin it jo dochs net ferjaan. No wolle jo my op dizze manear twinge om jo te houlikjen.’