Dit wie in hanneling mei rjochtsgefolgen, safolle wist ik noch wol fan juristerij. Ik naam fuort de oare deis kennis fan 'e akte, dêr't yn stie, dat dit deponearjen en oantekenjen barde om rjochtsfoarderingen fan myn kant, dy't ûntstean koene út Anna har hawwen fan 'e penjen, tefoaren te kommen. Jawol! Hja koene der wol mear ynsette. Sa maklik wiene se noch net fan my ôf! Ik lei mei Bolema oer en wy wiene gau út 'e rie. Ik gyng de oare moarns daalk wer nei it stedsgerjocht en liet ek in akte opmeitsje, dêr't yn neamd waard, hoe't ik wegere hie om de penjen werom te nimmen. Wat ik ek net dwaan meien hie, om't it stridich wie mei de beloften en de tastimming, dy't Anna en ik inoar ûnthjitten en jûn hiene oan-geande it sakramint fan 'e hillige houlikssteat. Ik ferklearre, dat de troupenjen yn myn ôfwêzen, bûten myn wille en meistimming yn rjochtshannen jûn wiene en dat ik soks perfoarst net ta te litten tochte en dêrom protestearre, dat it my no en yn takommende tiden net ta skea ferstrekke soe.
Ik tekene en frege mr. Lieuwe Piters, de siktaris fan 'e stêd Snits, om syn hân der ek ûnder te setten. Doe waard it stik by Douwe Roorda syn akte foege, om my te tsjinjen, bywannear't ik myn rjochten jilde litte woe.
Wat soe ik no dwaan? Ik hie my myn rjochten net ûntkomme litten, mar wat binne rjochten earmoedige dingen as it om leafde giet. Ik koe der net ta komme om wat te ûndernimmen. Ja, ik hie langst nei Anna. Ik koe net leauwe, dat Aalke troch har stjoerd wie om de penjen werom te bringen of it moast wêze dat hja troch har sibben derta prest wie. Koe ik mar mei har prate, mar it slagge my net ienris, har in briefke takomme te litten.
Wat soe ik no dwaan? Wist ik mar, dat it mei har wille wie, as ik har in proses oandie en it neikommen fan 'e troubelofte easke. Mar dat ik net wiste, wat ik oan Anna hie, dat makke my sa machteleas.
Dêr kaam noch by, dat ik net wist, wat Douwe Roorda dwaan soe. No't hy de penjen by it gerjocht yn bewaar jûn hie en ik fan myn kant soarge hie, dat dat gjin rjochtsgefolgen foar my hie, wie